De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 448] [p. 448] Sjoerd Spanninga / Fersen Kwatrinen It Yntellekt wie wakker oan it wurd en prate prate ik siet hwat dom to harkjen nei syn hearlik jubilate mar 'k tocht o godskes moat dit duorje oant myn lêste snik of krij ik earst miskien de kâns en lear karate. Wy laitsje langer om de lieding fan it hert it hat tò faek út djippe wounen blet in triljend trefpunt yn it al-biwegen mar tink ik wer oan dy ik wit it noch sa net... By 't hurde ljocht dat út de romte falt stiet ider neaken foar deselde spjalt in dûzeldjippe ôfgroun sjocht jin oan en sûget ús omleech - it lêste halt. Dyn hân draeit stil de globe om en om my is de ierde inkeld noch in bom ik sjoch it libben út de sé wei krûpen mar it fordwynt wer as ik neijer kom. De measten binne wol sà mei harsels op 't skik dat doch gjin war en help har fan de hik om 't machtleas wurd to hearren dat hjir stykjen bliuwt of bistou soms neigeanich op in tic? [pagina 449] [p. 449] Dit kultureel formidden fielt him moai wis prominint nea kotst der immen fan himsels en is absint of komt der ea in ein oan harren prústich praet hja sille har idéen lang oerlibje - komplemint! Nou goeije dan Marij en jim it alderbêste de maitiid is foarby ast' dit epistel lêste en ha de minne jierren noch in hânfol moas nea sil der wer sa'n ien as dy op rêste. Dan lit de liedsman de toeristen fierder sokje en seit: dit wie syn wylde hier dat stomme plôkje en kidelt wylst in aerdich fanke ûnder 't kin mar tusken de bidriuwen eaget er op 't klokje. Every inch a lady stie hja by de poarte by woe dat nou syn traktemint mar net sa botte... hwant foardat er mei har yn de clinch gean koe soed er earst wol flink yn 'e bûse blaze moatte. Wy rinne feitlik allegear in bytsje kwels oer 't slidrich dek fan 't skip ‘Sjoch op jo sels’ en inkeld de rjochtskeepnen hâlde har stabyl mar dy ha wer tofolle luzen yn 'e pels. [pagina 450] [p. 450] Tarantella La bella hat bloeijende riffen sizze de fiskers mar hurde neilen ta tosken de byt fan de kaktusplant har flymjende tonge is 't blêd fan de agave - dochs sykje de seilen ûnrêstich de sé hja longerje stil op biloften dy't nimmen noch plôke; la bella hat fjûr yn 'e eagen sizze de fiskers de hannen dy wurde har hyt waeijert hja dryst lâns de barken en wiget hja fuort dan slacht har it hert yn 'e hals - hja hellet de jonges har heimichst bigearen in dwelmjende drank nei de holle de reade wyn fan har lippen se sûgje de koark hast út - la bella dounset sa swart as de nacht en sa fals as it wetter de tarantella. [pagina 451] [p. 451] Fers Al hearre wy ta de niksen dit makket ús wier net kjel wy gunne jimme de riksen mar lit ús it eigen fel. [pagina 452] [p. 452] Aspekten De selfmade-man brûkt in bankbiljet as blêdwizer yn syn notysjeboekje. In bist kin jin hast minsklik oansjen yn syn lijen. Hy toande my syn skjinne hannen, mar forgeat syn smoarge bek. Ik stean wol heech by him op stâl, mar mei de poaten yn 'e groppe. De wierlik frommen sjogge mei forljochte eagen. Hy koe better de hoepelrok as de wapenrok drage. Kaktusplanten helje koraelriffen boppe de groun, wylst hja bloeije. De wissichheden fan it âlde reitsje wei, en 't nije is noch in wif bigjin. Inkelden hawwe yn har gong sa'n fearjende frijheit forwurven, dat alle forhâldingen lykje harmoanysk útbalansearre. Wy binne it nôt, de tiid sil wol terskje. Vorige Volgende