Alderearst is Douwe Tamminga foar my de dichter, dy't in omfangryk tydrek fan 'e Fryske ferskunst mei syn namme ûnderskriuwt. Dat dichterskip is foar him in engagement. Hy is oan Fryslân forkoft en levere. Syn bigryp fan forantwurdlikens brocht him yn de nuodlikste sitewaesje dêr't in dichter yn komme kin, it redakteur-skriuwerskip fan in literair tydskrift.
Dat bitsjut skiftsje en komponearje, mar ek taesters útstekke, briefkje, skilje, kontakten lizze en ûnderhâlde bihalve mei nau to hippen en swier to rissen Fryske skriuwers yn spé of bûten spé, ek mei Noaren, Bretons, Catalanen, Amerikanen en Israëli's; allegear efterskermsk wurk, dêr't inkeld de portefeuille dy't er op elke redaksjegearkomste meitôge, dúdlike tael oer spriek foar fiif man.
As it wêze moast, en it moast faek wêze, koe er foar syn freonen en foar himsels hurd, foar syn fijânnen myld en sportyf wêze. Fan syn twaëntweintich jier redakteurskip haw ik him tweintich jier fan tichteby biwûnderje meijen om syn talint, syn ûnforbrutsen trou en syn suver asketyske tawijing oan eigen opjefte.
Myn romte, 1/3 pagina, is op; myn stoffe net.
fedde schurer
Bêste mei-âdredakteur,
In ouskiedsstikje wurdt mij frege fan 1/3 Tsjerne-pagina oer ‘D.A.T. en De Tsjerne’. 22 jier redaksioneel bodzjen yn 1/3 pagina, dat kin fansels gjin kant út, dat is mear wat foar in essay-opdracht oan Jo Smit. Dêrom folstean ik mei in lokwinsk. Ik bin bliid datsto no lang om let ynsjochtst dat it útwêze moat mei de ferflokte plicht. Plicht om eat yn stân te hâden komt allinne fuort út mispleatst ferantwurdlikheidsfielen. En ferantwurdlikheidsfielen is neat oars as mispleatst gefoel fan eigenwearde. Dêrom noegje ik dij út namme fan Fedde Schurer, Freark Bergstra, Jan Wybenga, Sjoerd Leiker, Reimer van Tuinen en nog in poarsje eksplichtdoggers út om lid te wurden fan ús Boun fan Ad-Tsjerne-redakteuren. It is it fijnste om lid to wêzen fan in klub dy't net bestiet en dêr't men dus neat foar hoecht te dwaen en dy't gjin inkelde ferantwurdlikheid fan jin easket. Skik yn 'e rige, freon, sjog de Tsjerne-geest dwalen en genietsje fan it otium sine dignitate. De wiere bestimming fan de minske is: wizer wêze.
Mei hertlike groetnis,
anne wadman