moanne alwer yn elkoar past wurde moast en trij, fjouwerkear lêzen waerd mei bioardieling, korreksje en revyzje. In heidens kerwei, dêr't er nea foar omlein hat. As ien De Tsjerne goed lies wie dat Douwe Tamminga dy't mei it geduld fan in muonts ek faek de tael fan de bydragen noch op 'e helling loek en mannich taelflater forbettere. Net dat er in hantsjekiker is. Hy hat net witten hwat er yn febrewaris 1955 oanhelle doe't er it samlerskip oerkrige fan Jan Wybenga. En de trettsjin jiergongen dy't hy bioardere hat lige der net om. En dan tink ik binammen oan projekten lykas it Noarwegen-nûmer (1956), Israël-nûmer (1961), Katalonië-nûmer (1963), Dy Tsiende Maeije (1965), Lichte Muze-nûmer (1966), Theun de Vries-nûmer (1967); de steapels korrespondinsje, rompslomp mei oersettingen, it lizzen fan de kontakten en alles hwat der fierder oan fêst siet. Gâns redakteuren en meiwurkers hat er kommen en gean sjoen. Greate bilangstelling hat er hawn foar oankommend talint. Elk débút (hoe biroerd ek) wie er bliid mei en it waerd fan him stimulearre by eventueel werom stjûren fan it ôfkarde wurk. Nea waerden jonge skriuwers en dichters fan him ôfstegere. Hy wie in saeklik tydskriftlieder dy't alle bigryp foar in oar opbringe koe, as it net oer de hege skuon gyng, hwant ek syn lulk wurden is artistyk. Koartom (it mei dan hwat frjemd klinke yn dizze tiid) in man mei erudysje en net fan it plechtsteatige soarte.
Der is de lêste jierren hiel hwat foroare yn de redaksje fan De Tsjerne. Wie yn 1964 de gemiddelde leeftyd fan de redaksje ryklik 55 jier, yn 1968 is dat ryklik 30. In forjonging dy't nei alle gedachten ek sprekke sil út de wize hwerop de redaksje yn de takomst fierd wurde sil.
Wy stean der nou mei ús trijen as broekjes foar. Dêrby sil it fral opkomme foar Leo Popma, dy't wy hjir forwolkje as de nije redakteur dy't it wurk fan Tamminga oernimme sil. Wy hoopje mei ús trijen dit stik wurk fuort to setten en tidigje dêrby op de meiwurking fan in brede rounte fan Fryske skriuwers, dichters, kritisy en essayisten, sadat De Tsjerne in mienskiplike wurkpleats bliuwt.