De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 463] [p. 463] Steven van der Meulen / Friezen Ik haw Wobbelke sjoen Wobbelke haw ik sjoen op it Reade Klif hja hie in minirokje oan. In bitinker fan de slach by jo witte wol - 1345 - hy wie de slach yn elts gefal noch net to boppen stie njonken my en sei: Ah ju, dat is in anachronisme. Mar ik haw Wobbelke sjoen Mei widzjende heupen gyng se by my lâns Ik wie forbjustere en seach har lange tiid nei en moast ynienen tinke hwat myn âlde skoalmaster lang forlyn sei: Hâld jim eagen iepen en sjoch om jim hinne hwant de Wrâld is Oh Sa Moai. Vorige Volgende