De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 431]
| |
Daniel DeanGa naar voetnoot*)/kompromisStadich krûpe de wizers fan de toerklok oer de greate koperen plaet. De toer hinget in bytsje skeef. Men seit dat de fundaminten ûnder forrotte binne yn de sompige groun. Dy groun is dêr sompich, hwant in âlde jarfeart rint mar op in ôfstân fan in meter of sawn by de súdside fan de toer lâns. Hoe't it mooglik is dat de feart noch altyd stjonkt is de measten in riedsel. Eartiids stie der in bargehok en sadwaende waerd it sleatswetter mongen mei bargemiich. As forklearring foar de kleur wol men wol ha, dat lykfochten fan 't grôtfolle tsjerkhôf ôffloeije yn de jarfeart. Under op de wizerplaet is it bigoun to roastkjen. De fiif is oanfretten troch de kankerbasil fan it izer. As de wizer dêr mei lytse skokjes oan ta kaem is, liket it dat er eefkes stûket. In lytse barrière, dy't noch wol to nimmen is. As ik my foaroer bûch, sjoch ik foar myn lofter foet in stikje stien lizzen. Hwer soe dat wei komme, tink ik. Dit lyts stikje hurdte, dat myn tosken brekke kin, dat mei in kattepûl in gat yn myn kop slaen kin. Miskien hat in âlde Hun it wol meinaem fan fierrens hjirhinne, as sûchbaltsje foar syn lyts famke yn in widske fan bearehier. Ik pak it beet, eefkes heakket it oan de groun, mar lit dan los. Under sit in lyts koarske kouwestront. In hillich stik stien bismet troch de stront fan in kou. Mei in swaei goai ik it yn de jarfeart. Rêst yn frede, dyn wurk is dien. Lit heechút ta, dat in wetterrôt syn tosken op dy slipet, mar wurd nea wer optild fan minskehannen. Dou bist dea, stik fan de oerstien. Elts dy't yn dyn hannen falt, troch dy yn 'e hân to nimmen, sil ek dea wêze. Ik bin in pear stappen efterút roun ûnderwilen en hingje nou tsjin in âld gammel stekje oan. As ik goed trochhingje soe, soe it brekke. It is formôge. Hjir oan de perifery fan 'e stêd, dêr't dy him fêstklonken hat oan it lytse doarpke fan eartiids, liket it oft men op it fuottenein fan de wrâld stiet. Hjir giet it libben yn dea oer. In skeane toer, om't hy gjin stân hâlde kin tsjin it forrottingsproses fan de deamacht. In tsjerkhôf, dêr't de deaden hân yn hân ûnder de groun lizze. In jarfeart: de Styx. Fordomd, dêr rint Cerberus: in greate swarte houn rint yn de sleatswâl to snuffeljen. Eefkes giet er sitten, mar dan rint er wer fierder en wer werom, as er oan de ein ta west hat. Hy hâldt de wacht. In stekje dêr't de wjirmen sels de oasten fan tofretten hawwe. In stik stien | |
[pagina 432]
| |
dat, oars lei it hjir net, ienris diel ûtmakke hat fan it stiennen fuotbankje fan 'e Oergod. Nou losspatten krekt as de hiele Oergod, en libbenleas: Sjoch de kouwekak. Krekt tusken de jarfeart en de toer rint it tsjerkepaed, likernôch trije meter breed. Men hat der lâns kinne moatten mei de kiste. Trije kear om 'e tsjerke hinne, om de geasten ôf to warren. De kweageasten dy't de deade, al yn it foarportael fan de Heechgoede, fuortlûke wolle. Om it tsjerkje mei oan wjerskanten trije ruten, steane deun tsjin it grintpaed oan in stikmannich iperenbeammen. De bast is der ôf, tûken sitte der mar amper mear oan. As greate stompen, heech yn 'e wyn, sa om 'e tsien, fyftsjin meter, steane se dêr. Lytse bern hiene der moai skûl efter boartsje kinnen, of beamke forwikseljen, mar hjir komme gjin bern. Hjir liket it forlitten fan God en alle minsken. Boppe yn 'e toer, tichterby de liedgatten is de âlde muorre ôfbrokkele. Hast tsjin de tsjerkemuorren oan, lizze hwat stikkene dakpannen op 'e groun, sa't it liket mei griene sjippe der op. As ik der tsjinoan skop litte se in giel plak efter. Wite rûpen dy't yn mekoar om krioelje. Boaden hwerfan, libben hwerta? Tusken de tsjerke en dêr't ik stean rint noch it klinkerpaed. Der is neat oars fan to sizzen as dat it âld is, en dat der skean foar my oer in kûle yn sit dêr't altyd in dobbe yn ûntstiet as it reind hat. It wetter bliuwt der lang yn stean, de forsakke klinkers litte it wetter net gau troch. As 't wer moai waer is, mar dat is it hjir selden, sjocht men yn 'e dobbe de tsjerketoer stean. Dêrmei hat it wetter net hillige, mar is it hillige. Dêrom is it dat ik der gauris myn hannen yn waskje: myn wijwetterdobbe hat my sakrearre. Nou is it in lege kûle. Op it toersdak giet in roek sitten, sjocht ris om him hinne. Mei syn swarte bek liket er to wynhappen, mar it ûntkomt him doch. It liket my wrychtich in stik ûngâns to wêzen, in siedsel op in deakiste. De roek flodderet fuort. Underwilen is it skimerich wurden en dizich. De wizers kin ik noch krekt healwei seizen oanwizen sjen. Ik skrilje op út myn mimerjen en wurd my biwust hwerom't ik hjir kaem bin. Eefkes noch stean ik yn bistân oft ik it dwaen sil. Mar dan wyt ik it wis: It moat trochgean. Ik sil him dea skrikke litte dat kring, dy Judas. In forfaltsje dat syn heit nou krekt hjirre bigroeven wurde moast. Ik rin oer it klinkerpaed nei de hage ta, stap der oer hinne en stean op it tsjerkepaed. Ik gean by de jarfeart lâns om 'e tsjerke hinne, en stean nou oan 'e efterkant fan it tsjerkje. As ik by it lykhokje bin lûk ik de doar iepen en stap der fluch yn. Ut de tas dy't ik by my haw nim ik in kers, triuw him yn in wide naed yn 't hout, en stek him oan. Der hinget hjirre in wéë rook. Flak foar my stiet in baer, swart fansels, en yn 'e hoeke leit hwat âld branhout. De sfear fan 'e Deamacht hinget hjirre: Hy wol | |
[pagina 433]
| |
my absorbearje, docht ik al. As is op it lewant klopje, mei it ear tichteby it hout, en de eagen spand - se moatte glinsterje nou -, fiel ik my sels hieltyd mear oerémus. Dan ynienen flakkeret de kers út. Deastil stean ik to harkjen. Hear ik fuotstappen? Elts momint kin er hjir wêze en my by de strôt pakke, sjit it troch my hinne. Eefkes trochknipe, dan der west. It hert bounzet my yn 't boarst. Op 'e taest fyn ik de kers, en stek him wer oan. Earst pisje. Yn 'e hoeke op it branhout goai ik it del. De lêste drippen skodzje ik op 'e baer: Jimme dripkes hawwe de taek om wyt ynfretten plakjes efter to litten yn dizze swarte baer, as teken fan it feit dat hjir in libbene west hat. Nou moat it dan doch wurde. Ut de tas helje ik in wyt opteard pakje. Ik tear it út, en goai my it lekken oer de skouders. Boppe komt it mei in feilichheitsspjelde ticht. It lekken hinget sahwat krekt op 'e groun: Gabriël yn it lykhokje. Hwat is dyn boadskip? Ut de tas fiskje ik nou in wite doek op, mei twa gatten deryn. Ik wyn him om myn holle, foarsichtich, der om tinkend dat de gatten krekt foar myn eagen komme. Boppe by it hier komme krúslings in greate en in lytse spjelde to sitten, om it spul byinoar to hâlden. Sa dat sit. Op myn horloazje sjoch ik dat it nou seis ûre wurden is. As er de gewoante trou is, moat er hjir healwei sawnen wêze. Sneons om healwei sawnen komt er út de provinsje wei, troch it geraes fan 'e stêd hinne, nei dit âlde doarp, in bûtewyk nou, om syn forstoarne heit to earjen mei in blomstikje. Tolve jier lyn hat er my fêstboun oan in ljochtpeal. Ja hy net, mar syn maten dy't it op syn bifel diene. Sels bleau er bûten skot dy bliksumse duvel. Satan sels hie him blykber in hinnekommen socht yn Feikje, sa hiet er. Op in distânsje stie er der nei to sjen, hoe't de mannen mei snieballen op my pikten, God stean my by... jaseker. Hwat haw ik my faek in Kristus oan 't krús field doe. De earsten fan 'e snieballen fan smolten snie kamen my mei gong tsjin it lichem oan. De gefolgen foelen ta. Der gie heechút in koart fûleindich skokje troch de mage hinne. Mar doe rekken ynienen - omt dochs ien myn gesicht reitsje wollen hie; en se hiene blykber krekt op it selde momint tocht: lit ik ris op syn bleke kop mikke -, in stik of fjouwer fan dy stienhurde ballen tagelyk myn gesicht. Bloed, opset each, skeinde lippen. Master hat my losmakke, mar neat sein. Fansels hat hy de konklúzje lutsen dat sokke dieden noait oars as it gefolch fan eigen skuld wêze kinne. Mar dat wie noch mar ien kear. Doe't ik ris oer in feartsje sprong, forstûke ik myn foet. It die my ûnbidige sear en ik lei foar pampus. Hy komt der oan en doart ris foar in kear. Hy skopt my trije kear ûnforwachts tsjin 'e foet oan, nei't er earst frege hie hwer't de pine siet. Allinnich mar | |
[pagina 434]
| |
gnyske hat er, doe't ik op it iis lei mei in brutsen skonk. Mar noch sjoch ik dy laits foar my, Godgrouwel, de laits fan de duvel. Lit ik der net oan tinke dat ik troch syn dwaen noait mei boarte haw yn myn legere skoallejierren. Ik moat de hichtepunten fêsthâlde, om him aensens in wiere deaskrik jaen to kinnen. Krekt op dit stuit, oft ik it nou wol of net, moat ik der oan tinke dat syn heit yn 't hek siet. Dat kaem der noch by. In meager mantsje mei in ûnbidich lyts kopke mei in ûnbidich lyts forstân deryn. Mar handich yn 'e handel wie er al, jild by de rûs. Dêrom ek siet er yn it hek, de preken fan 'e dûmny waeiden oer him hinne ommers. Sa stil as in mûs siet er dêr, út en troch gappe er, en oan 'e ein fan 'e preek mocht duvels' heit de fortsjinwurdiger gods in hân jaen: moaijer koe it net. Alhoewol it my bikend is dat hy jouns ûnder de bidriuwen wei fan it ‘Ik ga slapen, ik ben moe’, bitocht hoe't er my de oare moarns wer narje kinne litte soe: mei de fuotten omheech oan in grouwe heak oan 'e daksgoate hingje, en dan mar hinne en wer skodzje. Ik koe my doe net bigripe, wyt ik noch, dat de sinne der om troch skynde. Hy skynde ek net foar my, ik stie der bûten. Ik wyt noch hoe't in blauwe loft my yndrôvich meitsje koe, as ik wer ûnder hânnen nommen wie, dat ik de apels en parren wol mei in stok fan 'e beammen slaen woe. Ik wist doe blikstjinderse goed, tolve jier lyn, dat der seis jierren fan myn libben yn elts gefal ta in hel makke weerden. It hiene goddorie de moaiste wêze kind. Mar joun sil ik my tûk wreke. Faek haw ik tocht, as ik him nou ris opwachtsje jouns yn 't tsjuster, en ik slaen him syn harsens yn gruzeleleminten, dan hat er hwat him takomt en bin ik frij. Mar ik seach my sels al foar de rjochter stean en hearde him praten oer de moard op Feikje. Allinne mar de moard. Ik woe der tsjin ynbringe dat hy my earst seis jier lang formoarde hie, en ik sei it. Mar ik seach de rjochter meilydsum glimkjen en him my in jonge psychopaet neamen. ‘Moord wegens wrok’. Wrok is gjin moard wurdich. Seis jier lang narjen is wol wrok wurdich, mar der moat it by bliuwe. It tofolle oan rankune dus, en dêrom in ‘gevaarlijk jongetje’. Hup, it psychopategesticht yn. Mar nou is myn kâns der. Ik wyt syn swakte: binaud yn 't tsjuster, nettsjinsteande syn trijeëntweintich jier. Yn syn swakte moat ik him oantaeste. It swit en bloed moat him fan eangst fan 'e kop rinne. As it kin, dan in hertforlamming en dûbeld dwers foaroerslaen oer de stien fan syn âlde hear hinne. Meije de roeken him de nachts noch opfrette. It is nou tiid om nei bûten to gean. Noch eefkes in momint fan konsen- | |
[pagina 435]
| |
traesje, dan de kers út. Bûten is it deastil, de nacht is pûr tsjuster. Foarsichtich by de muorre lâns rin ik op de jarfeart ta, dêr leit er deun njonken. It plankje oer de jarfeart dêr't er werom altyd lâns rint, haw ik in brek yn makke. Ik fiel yn myn lofterhân de knypkat, om myn hals hinget de bûslantearne mei read ljocht. Efter twa ticht neist elkoar steande stiennen forskûlje ik my. De toerklok slacht krekt healwei sawnen; nou is it syn tiid. It duorret mar eefkes dan hear ik yn 'e fierte kuchen. Dat is him, ik wyt it. Yn myn ljisk prebearje ik de knypkat, foar de wissichheit. Hy docht it. Ik hear him tichterby kommen nou. Typiske fint, binaud en doch yn 't tsjuster nei 't tsjerkhôf ta. Soe er de krêft fan syn heit werom winne wolle? It stekje fan it tsjerkepaed kreaket: Dêr is er, ik sjoch syn stâl as in swart skaed myn kant útrinnen. Nou is it momint fan wraek dus kommen. Hy stiet nou foar de stien fan syn heit, mei in krânske, sjoch it tusken de beide stiennen troch. Ik wyt dat er altyd efterút rint nei 't plankje ta. Langsum hys ik my omheech by de stiennen op, set earst myn rjochter foet op it dwershoutsje, dat ik makke haw, op de rjochter stien, dan myn lofter krekt so op oare en knyp. It ljocht bromt der súntsjes út. Hy stiet nou skean mei de rêch nei my ta, en sjocht neat de earste kear. Nou it reade ljocht noch oan. Noch sjocht er neat. Eefkes wachtsje ik, as ik him preveljen hear. As er him mei de holle foaroer myn kant út keard hat, knyp ik wer. Eefkes liket er omheech sjen to sillen. It hat sa wêze moatten: Troch de spanning lit ik ynienen in daverjende skeet. Hy skrikt en flokt. Eefkes bikomme en dan it ljocht. Hy sjocht, wer ljocht, wer, wer... Foar him sweevje ik boppe de grêfstiennen: it spook. Mei in geweldige sprong plof ik krekt foar him del. ‘Hear Jezus, help, raest er en fljocht de wâl yn, nei 't plankje ta. Fan 'e wâl ôf springt er der op, mar it hout kin him net hâlde. Fluch draef ik oer it hout dat ik in pear meter fierder oer de feart lein haw. Krekt as er by de wâl opklauterje wol, stean ik wer foar him, en knyp: ljocht, foar him it spook, de geast. Ik sjoch syn wyt forlutsen gesicht; dwylsinnich baggeret er de jarfeart troch nei de oare kant. Fluch draef ik de planke wer oer, en stean wer foar him as er de wâl op wol. Wer knyp ik: Ljocht, foar him it spook, de geast. Sa giet dat in pear kear troch. Ik hear him spuijen yn 't wetter, kokhalzjen fan eangst. Ik soe sa graech hwat sizze wolle, mar it kin net, hy mei myn stim net hearre en miskien weromkenne. Ynienen bigjint er to skreauwen, mar dat giet al gau yn hymjen oer gelokkich. Ha, de deadseangst docht syn wurk, de kombinaesje fan kokhalzjen en hymjen hat miskien in oanstriid to selsmoard fan gefolgen. Ik fiel it. As ik him net mear fornim, meitsje ik myn lofterhân mei de knypkat deryn, frij, en lit, dêr 't it hwat buorrelet, | |
[pagina 436]
| |
it ljocht yn 't wetter skine. Ik gean op 'e wâl lizzen en lûk him út it wetter, de wâl op, mei de fuotten nei de sleat ta nou en de holle foarút, as in kou dy't himsels krekt rêdde kind hat, sa leit er dêr, wêzensleas, in fodde, inkeld fan in jarfeart, de Styx, skieden fan de deaden. Dit is genôch, tink ik, hy sil libje, ek al leit er hjirre in pear ûren foar pampus. It is sahwat healwei achten as ik klear bin om fuort to gean. De kers mei ik fansels net forjitte. Doch sil ik ek jimme net forjitte jonges, siz ik, en sjoch nei de krinkjes op de baer, dy't myn sâlt wetter efter litten hat. Seinige binne jimme, seinige en noch ris wer seinige. Jimme sille ivich myn oanwêzichheit op dizze ierde wiermeitsje. Noch ris wer sjoch ik it hokje yn 't roun, nim it goed yn my op, blaes de kers út, nim him út de naed en doch it stompke yn 'e tas, hwernei't ik hoeden de doar iepen triuw en wer slút. Bûten hawwe nacht en dize my al ynsletten. | |
[pagina 437]
| |
|