De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 438]
| |
Gosse JansmaGa naar voetnoot*/gedichtenOpfiedingAs in beam
gjin bast mear hat,
dan giet er dea
seit men.
Ik wit it net.
Ik haw noch nea
fan in beam de bast
ôfhelle.
Hwant dan gyng er dea
waerd der sein.
| |
BurokrasyNei ien jier amtnerbistean
kriget in amtlik diel
fan myn persoanlikheit
jimmeroan fêstere foet.
It bistiet út sprekwurden:
- moarns let de hiele ensf. let,
the bird which is ier
catches the pier, -
Twa-wurdliddich laitsje
om in witzende superieur,
En in ûnekonomyske wiisheit:
it gelyk fan eltsenien
is it measte wurdich.
| |
[pagina 439]
| |
Mentaliteit 1967Nou wurdt eltsenien
in autoforkeaper
dy't laket om
in banale grap fan
aspirantkeaper.
sjoch út it raem
de deawurge wrâld yn:
op in reklameplaet
lûkt in âld wiif in gesicht fan 15 jier jonger
-in forrotte ingel laket efter in masker-
foar 20 goune mear
as it libbensûndershâld.
|