De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 426]
| |
Bouke van der HemGa naar voetnoot*)/De leechte‘Sille wy ús hjir efkes dellizze?’ sei hja mei in stim dêr't har gleonens yn troch klonk. Sûnder hwat to sizzen liet er him yn 'e ûnderwâl sakje en stuts in reitsje yn 'e mûle. Geil skepsel, tocht er. Noch gjin twa ûren lyn leine wy ek al plat. Hy plukte in nij reidtsje flak by de sleat en biseach himsels yn it wetter. Hja hat de âlde rotsoai der goed mei útlutsen, tocht hy. Ik bin skjin leech. ‘Hwerom komst hjir net lizzen?’ frege hja. Hy smiet in skelp yn it wetter en seach hoe't hiele lytse fiskjes boppe it wetter útsprongen en doe hurd útnaeiden; syn byld forrimpele yn it wetter en kaem stadich werom. Amper twahûndert meter bûten de stêd hie hja it foar de earste kear sein: hwerom komst net neist my lizzen. Hy wie in eintsje foarút roun en hie him omdraeid. ‘Dochst thús de gerdinen ek net ticht, hoe sit dat’, hie er sein, doe wie er trochroun; oan har stappen hie hy heard dat hja bisocht him yn to heljen. Hy wie der mar net hurder om bigoun to rinnen, hoewol't er der faeks wol nocht oan hawn hie; it wie to waerm. Hja foel noch ôf ek, tocht er. Yn sa'n tsjustere kofjebar dan like it noch wol hwat: fan dat lange blonde hier en sa'n strak truike, en mar aerdich wêze; siz, is de rúzje thús al bylein, hast al wer ris om wurk út west, ju, keapest Sergent Pepper ek noch, of net? Trije kear freegje nei it bikende antwurd né, né, né en dochs trapet men der yn en bigjint to fortellen. In linich lichem dat hwat achteleas op de kruk omdraeit en dochs mar ien kant op wol docht de rest. Foardat hy neist har lizzen gong bûgde hy him noch in kear foaroer en biseach yn it wetter hoe't syn hier siet; ien momint tocht er der oan om syn kaem út 'e kontbûse to heljen mar hy liet it der mar by, hy hie hjir dochs gjin konkurrinsje lyk as yn 'e kofjebar; nou't hja ien kear mei him allinne wie gong it oan, ek al hie hy op dat stuit syn oer de kraech hingjende lokken der ôfknipt en syn kapsel foroare yn sa'n lullich soldatemodel, hja | |
[pagina 427]
| |
soe dochs wol ‘hwerom komst hjir net lizzen’ roppen hawwe. En foar himsels soe er nea in kaem troch it hier helje. 't Wie dat syn âlden, foaral 't âld minske, de godgânske dei seurden - jonge, dy fodde fan in spikerbroek en dan dat smoarge hier, 't is ommers gun gesicht! Heit, siz dou der nou ris hwat fan - mar oars hie er winliken net iens in kaem yn 'e bûse hawn. Om fan dat geâldehoer ôf to wêzen joech er dan in dea inkele kear wol ris ta en helle flokkend in wiete kaem troch it lange, fette hier. By de kapper hie er net wer west sûnt hy fan 'e uloskoalle thús bleaun wie, en dat wie nou al wer sa'n twa jier lyn. In hartstikke waerme dei, it treintsje nei Amsterdam en doe nei dat konsert fan de Stones, tocht hy wylst er syn gesicht iepen klaude, dat wie yn de tiid dat ik noch foar dingen waerm roun. ‘Dou moast dy pûstkes net iepen klauwe’, sei hja wylst hja mei har hannen om syn hals tsjin him oanskoude, ‘dan rekkest se nea kwyt’. ‘Godfordomme’, sei hy heal lûd en draeide him wyld om, ‘hja liket godfordomme ek noch op myn mem’. Nou't er mei syn rêch nei har ta lei, bisocht hy him it gesicht dat hja luts foar to stellen. As hy him wer omdraeide soe hja har fêst faksearje om de twivels omtrint syn frjemde hâlding wei to laitsjen en soe de trochbrekkende genipige haet yn har eagen wer plak meitsje foar de freegjende blik: wolst nou noch of wolst nou net? Hy formakke him suver en seach der tsjin oan om oars lizzen te gean. Wer op 'e nij bigjinne mei útklaeijen, frijen, bitaesten, oer elkoar hinne rôljen, it sykjen nei in maklike hâlding en it hymjend klearkommen, jo moastten wol steapelgek op sa'n mokkel wêze as jo der mei dit waer twa kear efterien oan bigounen, tocht hy wylst er him omdraeide. Doe't hja har holle flak by sines brocht en him melodramatysk oan bigoun to sjen, makke hy syn shirt iepen en treau har holle hastich tsjin syn boarst oan. Yn gjin trije dagen har tosken boarstele fansels, flokte hy yn himsels; hy treau har hiele lichem tsjin syn swittend liif oan en bigoun oer har rêch hinne it fjild oer to stoarjen. Yn 'e fierte wiene in pear jonges oan it hurdfytsen; djip oer it stjûr bûgd fleagen hja lâns de keale polderdyk, de fuotten mealden yn in bispotlike biweging de trapers yn 'e rounte en de lûden dy't se makken bleaunen earne boppe it fjild efter: ik bin Jansen, dou bist Poulidor! Hy hearde nei it sykheljen tsjin syn boarst en skatte dat it twa kear sa hurd gong as by himsels; har knibbel wreau oer syn gulp op en del en har hân striek oer syn holle, tsjin it hier yn, ûnderwilens flústere hja wurden dy't yn syn nei swit | |
[pagina 428]
| |
stjonkend himd hingjen bleaunen. Fier efter de hurdfytsers kamen de heit en mem fan de twa jonges oer de polderdyk oan fytsen; krekt twa âld roeken dy't flak oer it fjild saeijen komme, tocht hy. De man wiisde mei brede gebaren nei de skjinne, blauwe loft en nei de hynsteblommen tusken it op stannen steande gers. Dat binne de earste tsjerkegongers al wer, réalisearre hy him en hy bigoun lûd to gnizen. ‘Hwerom lakestou nou sa?’ frege hja forheard wylst hja har mei in ruk fan him losmakke en him lulk oanseach. ‘Ik moast gnize’, sei hy iiskâld. ‘Ik moast gnize, mar net om dy. Ik moast gnize omdat ik tocht oan de heit, dy't dêr oer de polderdyk fytst en dy't as er fan tsjerke thúskomt tsjin syn beide soantsjes sizze sil: jonges, hawwe jimme dy prachtige loft boppe dy kleurige blommen tusken it op stannen steande gers wol sjoen? Litte jimme de Hear tankber wêze dat Hy jimme der tsjûge fan wêze litten hat. En dy twa wienen oan it tour de france-boartsjen nei tsjerke en ha beide gjin kloaten sjoen. Dan seit ien fan dy smearlappen: ja heit, en hat heit dy ein wol sitten sjoen to brieden yn 'e ûnderwâl, flakby dy hikke? En dy âlde sok sjocht fansels tofreden glimklend op syn beide soannen del, godfordomme’. ‘Dou moast net sa flokke, ju’. ‘Ast lêst fan my hast moast it mar gau sizze’. Hja krûpte tsjin him oan en sei sêft: ‘Sa bidoelde ik it fansels net. Hoe giet it fierder?’ ‘Fierder? Der is gjin fierder. Myn forhael is ien sûnder bigjin, sûnder ein, sûnder tried, sûnder morael en sûnder hwatdanekmar’. ‘Nou ja, safolle kin it my ek net iens skele, hear. Mar ik tocht earst dat it om my gong, sjoch’. Hja struts it hier foar har eagen wei en gong boppe op him lizzen; út syn boppebûske helle hja in doaske lucifers en smiet it nêst har yn it gers. ‘Dat stekt sa, sjochst’. Hy pakte har mei beide hannen by it truike fêst en hja rôllen fansiden nei de ûnderwâl ta. Mei syn foet hold er tsjin en doe't se stil leine strûpte hy har trui út, tilde har rêch in eintsje op en bigoun oan 'e béha to nifeljen. Hja bisocht har skuon út to skoppen, skuorde syn shirt boppe de broek en bigoun it fierder iepen to meitsjen. Hy hold op mei prutsen en gong der passyf bylizzen; it swit fage er mei har truike fan syn foarholle ôf en hy bruts twa kear lûd op. ‘Hwer hast se sitten?’ frege hja wylst se op syn bûsen kloppe. | |
[pagina 429]
| |
‘Gaddamme. Nou haw ik myn beurs sakrekt lizze litten doe't ik der ien úthelle ha’. ‘Silst him wol efkes ophelje moatte’. ‘Ja, herhelle hy kâldwei, ‘dat sil dan wol moatte, ja’. Hy gong stean, lei syn hannen yn 'e nekke en gappe. Doe't er fuortroun gniisde hja him dom oan. Hja sjocht my it hiele ein nei, tocht er en plukte rinnende wei in hynsteblom dy't er út bigoun to plúzjen. Doe't er der hast wie, hearde hy yn 'e fierte in trein oankommen. Hy gong yn 'e ûnderwâl lizzen en seach de fûgels nei dy't opskrikt waerden troch it lûd fan 'e bel by de ûnbifeilige oergong. ‘Der sit fansels wer gjin harsens yn’, sei er yn himsels, ‘onrendabele lijnen, al jaren, meneer’. Hy woe in klute yn it wetter soale, mar liet de modder nêst him delfalle en fage syn hannen oan 'e broek ôf. Suver in forademing josels wer ris oer jou eigen broek strike to fielen, tocht er en stuts in suterich eintsje sigaret yn 'e mûle. ‘Oh jezus, nou lizze de lúsjefers dêr fansels wer. Hwat in ûntichelike sek bin ik’. Oer de spoarbrêge kaem in lege trein oanratteljen; hy skuorde it floeike fan it peukje en wreau flokkend de shag tusken syn hannen ta in klútsje; boppe syn kop hong in ljurk to piipjen. ‘En dan eltse kear mar wer hoopje dat der op it folgjende station in keppel reizgers stean to wachtsjen, fordomme’. Traech kaem er oerein, doe't er him omdraeide en fierder bigoun to rinnen tocht er der oan dat syn kaem út 'e kontbûse fallen wie en yn it gers lizzen bleaun; links fan him yn 'e sleat sprong in snoek, oan de biweging fan it wetter koe hy sjen dat it in knaep wie. Mei in sucht joech er him einlings yn it fortrape gers der't syn beurs lei del. ‘Geloof, hoop en leafde’, hearde hy himsels sizzen, ‘trije ôfslikke bonken fan it kloatsjesfolk. Jo moatte wol knetter gek wêze as jo der ek noch oan bigjinne to sobjen’. Hy lei syn hannen ûnder de holle en makke syn broeksriem losser. Nou kin ik dwers oer troch it lân rinnend nei de koffiebar gean, mar ik kin fansels ek bisykje op 'e polderdyk in lift nei stêd ta to forsieren, tocht er. Doe't er him omheech hyste, hearde hy yn 'e fierte immen oan him roppen; oan 'e oare kant fan de spoarbrêge siet in ljip efter in roek oan. Stadich swalke er de kant fan 'e polderdyk út. | |
[pagina 430]
| |
|