De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 424]
| |
Geart van der MeerGa naar voetnoot*)/fersnei de reis troch grienjende maitiid
fêstroun yn skrouske wittenskip
de mûle droech, neatsizzend
yn myn holle rûzet it
gjin beammen sjitte ruoikjend op
om to tsjûren de wyn dy't waeit
út alle kriten
woartels fordroegje yn 'e groun
út 'e muorren ploffe losse stiennen del.
stek nou de brân yn it kriik fan it forline
tusken doe-tiid en nou-tiid like klear it paed
mar nou is weibrocht de alpha en de omega.
koarte flecht troch ljochte, waerme seal
hwer wie it bigjin, hwer is de ein?
bûtendoarren teisteret snie, en
om hûs en hôf waret glûpsk de nacht
hûsleas sil ik wêze by 't winter
dan sille stribbige lippen
boppe de bearende nacht út
de namme roppe wolle
mar it forklomme brein hat tichtknypt dan
al withoelang
de útgongen fan it weakwurden hert.
hwat is en hwat is net?
de winter wankt
dyn hân hâlde' iepen de kanalen
lea'.
| |
[pagina 425]
| |
|