De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 417]
| |
Leo PopmaGa naar voetnoot*)/mei de Fryske krite yn GrikenlânRink van der Velde: ‘Geiten, Griken en Gekken. Drachten, Laverman NV, 1967. De Fryske Paperbacks rinne as it spoar, kriget men it idé, en oan de ynisjatyfnimmers en útfierders is dat in lokwinsk weardich. Foar de fryske skriuwers is it in útkomst dat har produkten net sa lang mear op 'e souder hoege to lizzen. Mei it tanimmen fan it oantal titels wurdt it lykwols hieltyd slimmer in lyn yn dit founs to ûntdekken. In eigen stempel hat it net, in biskaet peil liket net ta de saek to dwaen, in griemmank fan ryp en grien wurdt op 'e merk smiten, as it mar Iêzen wurde kin. Foar de keaper is de kikkert gjin inkelde oanwizing foar it soarte fan lektuer, de skriuwer en syn pretinsjes, allinne de útjowersnamme jowt hwat hâld. Dat mei it doel fan de rige faeks net wêze, men kriget it gefoel in bytsje dat it inkeld giet o mit fuorjen fan dyjingen dy't frysk lêze wolle of moatte soene. Oft hja har neitiid net bikocht fiele, soe nijsgjirrich wêze om to witten. It is my allegearre wol dúdlik, mar men bliuwt mei deselde bysmaek sitten as hwannear't de redaksje fan dit tydskrift perfoarst gear liket to moatten oer alles hwat der oan paperbacks en oare fryske boeken forskynt. It hat trouwens wol ris slimmer west, tajown. Mar nettsjinsteande alle proklamaesjes it tsjindiel oanbilangjende, sjocht men dan dochs wer eefkes it stel pearjende hounen op 'e dyk, dy't mar net fan elkoar los komme kinne, de literatuerhoun en de biwegingshoun, om it bist rûchwei sa mar even oan to tsjutten. Alles hwat yn druk forskynt liket signalearre wurde to moatten. Akkoard, yn 'e bysbosk fan fryske tydskriften is altyd wol ien dy't dat oprêdde kin, mar hwat mear nuansearre mei om my in literair tydskrift him der wol mei ynlitte. Dat soe op mear eigenwearde en selsbiwustheit wize, mar ek de oare partij, i.c. in bipaeld boek, in bipaelde auteur, yn syn wearde litte. It tsjinelkoar oer setten fan ûnforglykbere greatheden wie dan fan 'e baen, de literatuer krige mear in eigen gesicht, en de ynstellingen | |
[pagina 418]
| |
foar de forsprieding fan it fryske boek koene, hwat mear achtenearre, har wurk fuortsette. Lykwols, oan 'e grinzen sil altyd wol tsierd wurde, en as dy dan net sa fier útinoar lizze, wurdt der wolris foar wyld yn omhoud. De kranten wize yn har (frysk-)literaire rubriken trouwens net oars. De achtergroun dêrfan hinget miskien ek mei gear de oerskatting fan de rop-en-raes-poëzij en it earmtakproaza, dy't eat oan kant reagje moat dat der mar better net wêze koe, of better sein faeks, eat kamoeflearje moat dat der net is; it gemis oan fordjipping en it net rjocht meikomme kinne yn wêzenlike authentisiteit.
Rink van der Velde heart perfoarst net by it niis neamde slach, al komt de forlieding dêrta wol ris oan it ljocht. Men mei him in partisaen neame dy't oan 'e grinzen tahâldt en nou ris yn 'e flakte omswalket, dan wer - troch sommigen - yn 'e bergen sjoen wurdt. Yn elk gefal is er de man fan de died, mear as it organisearjend en filosofearjend brein oan it thúsfront, de man dy't der yn slacht, dy't net tofolle ha moat fan de theory, mar der fuortendaliks op yn wol. It forhael, it aventûr fan syn persoanen en har primaire réaksjes op de aktuele situaesje, dat is hwer't it him om giet. Ek de kar fan syn romanfigueren wiist dat út. Rûch, ticht by de ierde libjend folk, dat mear docht as tinkt, dat hwat links oriëntearre is, en net mijen. It forhael dus. En dat al is hiel hwat, yn alle gefallen in mooglikheit ta in goed lêsber boek, sûnder tofolle pretinsjes en kompleksen. As it forhael lykwols net slagget, de stream dêr't it op driuwt stiket, dan bliuwt der mar in bytsje oer dat it neamen noch wurdich is. GEITEN, GRIKEN EN GEKKEN hat de koerts net hâlde kind, de iennichste krêft fan de skriuwer hat it net rêdden, it oanspielsel is byinoarfandele en to keap oanbean.
Trije féforsoargers bigliede in transport geiten nei Kreta, in reis dy't wiken duorret troch in soad opûnthâld by de grinsstasjons. Feesten en drank helpe de mannen troch de tiid, fangefolgen dat hja amper biseffe hwat der allegearre bard is as de trein einlings it grinsdoarp Idomeni achter him litten hat. Binammen de haedfiguer Bareld dy't as ynfaller en foar de eerste kear dizze reis meimakket, hat yn 'e fierte formoedens fan in misset dêr't er net alhiel gerêst oer is. As de ouzo en slivowitz (of oezo en slujowitsj, sa't Van der V. staveret) lykwols even de kâns krije to sakjen, wurdt it him stadichoan dúdlik dat er de lêste nach mei in dronken kop tsien geiten oan de biwenners fan Idomeni weijown hat. Mar dan binne se ûnderwilens | |
[pagina 419]
| |
al yn Pyreus oankomd, en dêrwei wurde hy, Bareld, en Jelle troch de forantwurdlike man, Sybren, weromstjûrd nei it grinsdoarp om to bisykjen de geiten of oars de registraesjenûmers - ‘blikjes’ - werom to krijen, om sels net foar de kosten opdraeije to hoegen. Safier diel 1, OFSKIE. Yn diel 2, WERSJEN, bigjint dan de jacht op de geiten, dy't min to finen binne omt se foar in part al slachte of forhannele blike to wêzen, of troch de swijsumens fan de bifolking net to achterheljen binne. Binammen Bareld rekket dêrby yn allerhande situaesjes fortiisd, dy't him lykwols neat fierder bringe. Sûnder geit of blikje sette de mannen wer ôf nei Pyreus. Wier wol in ûnderwerp dêr't in forhael oer to skriuwen is, in roman by need, as de oansnijde mooglikheden fierder útdjippe wiene. De situearring fan in forhael fier bûten de eigen kontreijen is op himsels de muoite al wurdich, kin in frisse wyn troch it eigene jeije, mar kin ek socht en krampeftich oandwaen. GEITEN, GRIKEN en GEKKEN is men earst hwat mei oan. It is wol in aerdich forhael, mar it rattelet hjir en dêr, en hwer't him dat krekt yn sit is net daelk to sizzen. Forskate aspekten lykje der skuldich oan to wêzen. De opset fan de roman is goed; it exposé yn it foarste diel, dêr't de situaesje, de persoanen en it thema fan it gehiel yn ynlaet wurde, de útwurking en de oplossing fan it gegeven yn it twadde diel, dat jin teffens werombringt yn it doarp dêr't yn it foarste hieltyd al op doeld is en dêr't it aventûr bigoun. In soarte fan sirkelkonstruksje dus, simpel mar slutend en in goede basis foar de hanneling. De ynterne opset yn dat ramt hat lykwols, neffens my, de swakte fan it forhael bipaeld. Net dat dy mislearring ynherent wêze moast oan de konstruksje, de forwurking hat it bidoarn. Van der Velde lit de histoarje har gong gean as sjoen troch de eagen fan de haedfiguer, Bareld, sa't er him yn it petear mei de oaren neame lit. Ek dy oanpak is goed nei to kommen, ommers dizze Bareld is de nijeling yn it formidden fan féforsoargers, hy ken it hoe en het fan dit bidriuw net en sjocht alles oer him kommen as eat dat him ûnbikend wie. Mei Bareld is it foar de skriuwer boppedat in pracht kâns om ek de lêzer yn de ûntjowing fan it barren to biheljen en him dêrtroch mei to sûgen. Dizze opstelling tsjin it aventûr oer - lit it dan net altyd like dúdlik wêze - komt kleardernôch oan it ljocht by de ynset fan forskate haedstikken. B.g. s.137: ‘As er by de minsken oer de flier stiet, wit er al dat it neat wurdt.’ As dit fêststiet - en de hieltyd herhelle ynset ‘hy seit’ lit hjir gjin twivel oer bistean - docht lywols bliken dat dizze opstelling fan de Bareld- | |
[pagina 420]
| |
figuer út net konsekwint oanholden wurdt, fan gefolgen dat der aloanwer in forskouwing tusken - om it sa mar to bineamen - subjektiviteit en objektiviteit pleats hat. Dit forskynsel docht him sawol yn it formidden fan de personages foar, as dêr bûten, dat is, yn de ûntjowing fan it forhael. Fan it lêste forskynsel in foarbyld op s. 108. Der is wiidweidich praet oer it blanke, moaije fleis, sels hat Socratis it oer ‘dat myn helte justjes better wie’. It is suver net oan to nimmen dat Bareld mei hwa't men dit allegearre oanheart, mar net yn 'e gaten hat hwat der to rêdden is. En as er dan even bûtendoar sjen wol wurdt er by it skouder pakt, ‘Socratis hat him yn 'e gaten...’, en docht bliken dat er wier neat yn it sin hie, ‘even pisje, seit er’. It is tafal dat Jelle yn 'e keuken bidarret om even de kop ûnder wetter to hâlden, dat kin út 'e kontekst net oars, de ûntdekking giet net fan it subjekt út. Soartgelikens lêst men op s. 46: ‘hwant Jelle soppet de kieren ticht mei âld papier’, en op s. 170: ‘... mar as er leit, slept er al’. Tajown, it is soms mar hoe't jo it lêze, mar op syn minst hat de dúdlikheit der wol oan. Hwat de forskouwing tusken de persoanen oanbilanget, dêr binne foarbylden fan by de rûs. De knoffelige ynset ‘hy seit’ (s. 65, 71, 76, 88 e.o.) moat steesoan it forhael werombringe nei de hy-persoan. Soms steurt it net, mar meastal wit men net dalik oer hwa't it giet. Dit weromspringe fan de objektiviteit fan it forhael nei de subjektiviteit fan de haedpersoan remt de fuortgong. Dêr komt by, dat Bareld de dingen net emosioneel forwurket hwertroch de natuerlike oergong tusken dialooch en situaesje oan de iene en subjektive logika oan de oare kant ûntbrekke. In foarbyld op s. 60/61 dêr't it oer ‘thús’ to praet komt, en it hiele relaes yn meidieling fan feiten stykjen bliuwt sûnder dat it fan bitsjutting is op it fierdere hâlden en dragen fan Bareld. Wylst it him dochs earnst is. Mar dalik wurde dizze en oare skôgings troch himsels of de oaren ôfkapt. Van der Velde hat it him to maklik makke en dêrtroch sa lêstich. Dit opkearen fan de stream fan it forhael wurdt boppedat noch forsterke troch in rûch omspringen mei de consecutio temporum yn dy passages dy't it forline ophelje. It dúdlikste foarbyld op s. 98: ‘... Sibren woe lykwols ha, dat se by de bisten bleauwen, dat sadwaende is it oer gien’. Soms kin dizze forskouwing fan tiden in funksje hawwe om in brêge to slaen tusken nou- en doe-tiid, by Van der Velde is it lykwols gjin taelkundige kwestje, mar ien dy't, troch it faek brûken, de konstruksje, sa't er dy nou ienkear opset hat, - de subjektive visy nammers - oantaeste kin en dat ek docht. En fierders de opfollingen, de ûntstellende lullerij oer drank en syn gefol- | |
[pagina 421]
| |
gen, de earmoedige gjalpen oer de sosiale tastannen yn Grikenlân (it engagement sa't dat út oare boarnen - de omslachtekst b.g. - blike moat, haw ik troch dit boek allinne, op in pypfol; de ûnforwurke konstatearringen hjir en dêr hawwe in bytsje om 'e hakken, gjin funksje yn it forhael sa't it der hinne leit, en hawwe allinne ta gefolch dat men jin goed to wacht nimt), it slop geâldehoer oer it al as net op ulo of h.b.s. sitten ha, de net ta de saek dwaende opmerkings oer marine ensfh., de ûntelbere herhellingen. Om to bigjinnen hie it foarste diel de helte koarter kind, mei dizze ynhâld alteast. In pear rake sfearbiskriuwingen fan de tastannen yn 'e wagons en de dronken koppen fan de féforsoargers hie better oankommen. Boppedat wiene der dan in pear siden oerbleaun om it yntrigearjende riedsel dat Bareld dwers hjit to sitten, oannimliker to meitsjen en wiidweidiger út to raffeljen, hwermei it forhael direkter op syn doel oan gien wêze soe. Men hat nou it gefoel as wie it de skriuwer suver forgetten hwat der bard is. Bareld is dan wol sa goed om him der even op to attendearjen, mar dat it dy man beethâldt kin men kwalik sizze. It opfieren nei de rekonstruksje fan de bidoelde scène hie in klimaks wurde kind. Men wachtet dêr suver op, en as it yn it foarste diel net komt en Bareld lang om let wer by de widdou fan Kreas oer de flier is, forwachtet men it - hwat let - nochris wer. Direkter dus, de byfigueren Kees en foaral Cliff, dy't op in stuit it boek út rydt, hiene dan wol forfalle kinnen, sûnder oan de sfearbiskriuwing to koart to dwaen. Ek diel 2, hoewel justjes better, mist de feart nei de ein. De ûntdekking fan de slachte geit, it bisyk oan de âldman mei syn bist op 'e stâl, de omswalking mei Zisopulos en de scène yn it partisanehûs oan 'e grins, komme út en troch aerdich út 'e ferve, mar it sakket to gau wer yninoar. Yn de lêstneamde passage spilet trouwens wer even in skyn fan it al earder oanhelle engagement troch, liket it. Spitich dat dat yn de totaliteit fan de roman net meinommen is. Hwat de persoanen oanbilanget, de psychology liket my net de sterkste kant fan de skriuwer. Hwat is dy Bareld foar in fint, dy't hieltyd sil en net sil, docht en net docht? En Zisopulos (hwerom eins net Zisopoulos of Zisopoelos om my, as de transkripsy fan ouzo hjir oeso opleveret?), de skytsek, de leffert, dy't boppedat aerdich yn 'e knoei sit, is wol ta singeliere stikjes fan oanhinklikens en trou yn steat, de gryske jefte fan dramatyk ynkalkulearre! Trouwens Sibren wit men bytiden ek net fan hoe swier dyn syn forantwurdlikheit nimt. Dan komt Jelle der faeks noch it bêste ôf, al is dy de karikaturale kant neist. | |
[pagina 422]
| |
De dialooch wurdt komselden in petear, foaral omt dy faek tsjinje moat foar it oerbringen fan feiten, dy't de persoanen sels al witte (moatte), mar dy't de lêzer nedich noch bybrocht wurde moatte. Wiene dy meidielings retrospektyf fan Bareld útgongen, dan hie it minder steurend wêze kind. Binammen de direkte rede dêr't de oaren har bydrage yn leverje, brekt de kontinuïteit ôf. De swierrichheit is dat Van der Velde - wer neffens de flaptekst - him tofolle by it forhael bitrutsen field en Bareld tofolle fan de skriuwer kriget. Miskien hie it de baes west dat de roman dan mar hielendal subjektyf skreaun wie - ‘ik dit en ik dat’, of alhiel yn 'e objektiviteit smiten wie en Bareld gewoan yn it forhael opnommen wie. Dizze tuskenfoarm - alhoe gaedlik foar de relaesje lêzer - personages - hat yn dit gefal dúdlik it gefaer yn him fan forminging fan skriuwer en romanfiguer. En dan dy ûneindige omballingen: ‘dy oeso is raer guod’ (s. 70), ‘... sa sil 't wol wêze’ (s. 148), ‘... oan de keamer to sjen is er ek noch frijgesel’ (s. 154), ‘... it moat Thessaloniki wêze, yn elk gefal in greate stêd, hwant...’ (s. 42). Fansels is in forhael foar in great part ynfolje en opsierje, mar oan de 170 siden komme is wer hwat oars. Situearring bûten de eigen grinzen, akkoard, en ek it meitôgjen fan it eigen formidden mei tael en tinkwize, mar yn 'e konfrontaesje mei it frjemde moat der dochs hwat fan oerslaen op dizze minsken, dy't lykwols dy bûtenwrâld nei har hân sette. Dat kin it aerd fan de personages meibringe, mar rounom sjekje-draeijende en mei ousoflessen omslepende Griken, nou, forjit it mar. En har taeleigen is it fryske net: ‘... ha'k wol heard’ (s. 158), ‘... dat kin sa treffe...’ (s. 160), ‘... jo sille dat wol witte’ (s. 139). In ‘Balkanroman’ (hwer is Den Doolaard dochs?)? In Fryske streekroman om útens! De frijbliuwende hoera's, de klisjé's en de retoryk kriget men trouwens ek in bern fan: ‘... Partisanen binne goede fjochters’ (s. 166), ‘... de âldman praet as Brugman’ (s. 139), ‘... in spultsje fan to be or not to be’ (s. 49), ‘beammen, platte forwaeide beammen’ (s. 158), ‘gefluit fan treinen en dat soarte dingen’ (s. 26), en ‘Sibren stelt fêst’ en ‘nimt Sibren waer’ ensfh. Dit slach minsken hat trouwens oer it generael in origineler soarte humor. En dat alles mei noch hinne bruije, as men mar net aloan it gefoel hie dat Van der Velde der mar hwat hinne skriuwt. Sloarderigens en rûgens yn 'e biskriuwingen, mar ek yn 'e sinsbou tilt it fan op. As Zisopulos seit - nei it bisyk fan Bareld oan 'e widdou-hoer - dat syn frou har juster mei de geit nei it stasjon rinnen sjoen hat, reagearret Bareld net iens, wylst er dêr | |
[pagina 423]
| |
dochs om dy geit krekt hinne set wie (s. 149); sjocht men in oar wier safolle dúdliker yn it tsjuster as men sels in sigret opstekt, sa oant op it detail as Bareld Georgios? (s. 151); en de widdou by de grins... ‘in holledoek om en in skerp gesicht der ûnder’ (s. 163); de ‘beammen’ platte forwaeide beamen' fan niis wurde sjoen by neare nacht: ‘... se jowe him de flesse en slokt it daliks troch’ (s. 35); ‘hy smookt fan syn sjekje’ (s. 154); ‘ik tocht dou silst de wagon iepen stean litten ha of dat se stellen wienen’ (s. 69). Hollanismen as ‘gedaen krije’ (s. 8), ‘nei genoegen regele’ (s. 79), ‘... en geane to foet fierder’ (s. 159), ‘it stevige miel’ (s. 107), hiene mei in bytsje mear soarch mijd wurde kinnen. En it frysk? It mulwurd fan jaen is jown (s. 128), fan reizgje reizge(n) (s. 45), men sit ‘yn noed’ oer eat (s.16), weijaen en fuortbringe bin as tiidwurd in ienheit. Setflaters by it seksje, dat men yn dit toarstich boek op 't lêst net mear wit hoe to korrigearjen: ‘Kastlein, pylsje, boargemaster...’ (s. 126), pilsje mar? Spitich dat dizze roman mislearre is, de stof is nijsgiirrich genôch, it spoartrajekt oer de Balkan ien fan de aventûrlikste dy't men fine kin. Mar al mei al is it boek sa populair skreaun dat der grif in soad lêzers foar to finen wêze sille. It hie hjir ek net bisprutsen wurde moatten, mar dy redaksje! |
|