De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 413]
| |
Jan PostGa naar voetnoot*)/fersenmei de tange
wol ik de leafde
út de skie
fan de ierde roppe
foar dit biwiis
bisykje ús deapine
to ûntrinnen
en to forjitten
dat it in foarskot is
| |
Caput selectumDit is myn holle
dou meist him hâlde
op dit bitingst
him nea yn forlegenheit to bringen
Al dat oare hâld ik
dochs mar sels:
myn hannen foar myn brea
myn mûle foar de frisse wyn
de fuotten foar in wrâld
fan goudbrûns en bloed;
mar nim leaver in foto,
hwat moat ik sûnder stjûr?
|