De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 414]
| |
Hedman BylsmaGa naar voetnoot*)/gedichtenStadichoanmyn hannen taeste nei
libben,
ien kear in namme to wêzen
stil to stean
oan 'e ruten fan 'e nacht
to wachtsjen
op in dream
op bêd to lizzen
mei in leafste
stadichoan hat it tsjuster
de moarn weijown
juster wie ek al
sûnder wurden
namsto frjemder
in dei hjir op ierde en
mei forbrizele fingers
to wizen nei in spegel.
| |
[pagina 415]
| |
The rest is silenceit hat joun west
en it hat moarn west
de lêste dei
hear
doe't de wrâld der noch net wie
it ljocht
de swarte ivichheit
moat dochs de stilte
berne wêze
út it lûd
fan hurde wyn
en hwat nou oerbliuwt
is allinne stilte
| |
Skeppingsforhaelik haw de wrâld skepen
yn sawn dagen
en dy der by
seit de hear
myn namme stiet skreaun
op dyn foarholle
seit de hear
doe waerd it tsjuster
en ik sei:
ik sil de wrâld herskeppe
hasto myn fûgels alris fleanen sjoen?
|