De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 400]
| |||||||||||
Oerie SpoelstraGa naar voetnoot*)/de skieding(2e bidriuw fan in noch earder publisearre tonielstik)
De bruorren Wil en Han wenje togearre op in keamer. Wil is in neurotyske jonge dy't hele dagen thús sit en allinne bûten komt as er nei de sénuwarts moat. Syn siikwêzen is it gefolch fan in al to krampeftige opfieding fan de kant fan de mem, dy't modelbern fan harren meitsje woe. Dit hat laet ta in folsleine skieding fan âlden en bern.
Yn it earste bidriuw ûntstiet in konflikt tusken de bruorren, om't Han it famke Gré meinimt nei harren keamer ta. Wil sjocht dit as in bidriging en mooglik as in forlies fan syn broer, oan hwa't er tige hinget. Hy is tige agressyf tsjin it fanke en slagget der einlings en to'n lêsten yn har de doar út to krijen. Han giet mei. De jonge bliuwt dan alinne achter en rekket fortize yn syn eigen gedachten. Han komt lykwols gau werom en bringt him ta rêst.
As it gerdyn iepengiet, sjocht men de hierkeamer fan Wil en Han. Oan 'e efterwand in greate spegel, om 'e rânne biplakt mei frouljusplaetsjes. In étagebêd mei in gerdyn der omhinne. Bêdlamkes. Alde stuollen, in tafel, hwat boeken, tiidskriften, hjir en dêr âlde klean en lege drankflessen. In radio en in pick-up. | |||||||||||
[pagina 401]
| |||||||||||
It is deastil. Wil stiet nêst de doar, mei de rêch tsjin 'e muorre. Hy harket skerp. Dan tikket er twa kear mei de foet op 'e groun. WIL:
Binnen.
Hy harket, tikket nochris twa kear.
Binnen.
Hy folget mei de eagen in tinkbyldich persoan.
Gean dêr mar sitten.
Hy rint om 'e stoel hinne as seach er nei immen.
Jo hiene swierrichheden? Kinne jo se my fortelle?
Hy harket.
Ja. Jo hâldden wol fan jou mem, doe't jo lyts wiene?
Harket.
Ja, ja, dat bigryp ik. Wolle jo smoke? Dan stek ik ien op.
Stekt in sigaret oan.
Dus it wie sa: jo waerden greater en neat mocht yn 'e hûs. Mem wie baes, hie it jild en de bern waerden koarthâlden. Bieangstige jo dat allinne?
Harket.
O. En hoe wie se dan hjerstmis? Tryst en stil as ek noch wol oars?
Harket.
Allinne tryst en ôfwêzich. Tochten jo dat it erflik wie? Mar it is lang altyd net erflik, witte jo dat wol? It kin oeral fan komme. Allinne wêze bygelyks kinne guon minsken min oer. Se bigjinne yn harsels to praten en...
Hy bitrapet him dersels op. Hy flokt yn himesls en bigjint doelleas troch de keamer to rinnen. Dan fluitet er skel en harket. Nochris fluitet er. Mei in klap wurdt in stoel optilt en delset. In foto wurdt fan 'e muorre skuord. Dan wurdt der skille. Hy skrikt, bliuwt stean, harket. Der wurdt wer skille. Hy rint nei de keamersdoar ta en docht him hoeden in eintsje iepen, as stie der ien achter.
Hwa is dêr?
Under oan 'e trep ropt de kostfrou:
KOSTFROU:
Der is ien foar jo! WIL:
Hwa is 't? KOSTFROU:
In frommeske!
Wil rint de keamer yn. Hy is der mei oan. Stappen op 'e trep. Hy giet neist de doar stean, sadat er net to sjen is as men de doar iepen docht. Immen kloppet. Wil seit neat, wachtet yn spanning ôf. Noch in kear klopjen en de doar giet iepen. Liesbet komt yn. Se sjocht foarsichtich om har hinne, rint de keamer net yn.
| |||||||||||
[pagina 402]
| |||||||||||
LIESBET:
Is hjir ien?
It bliuwt stil. Se wurdt dryster en rint de keamer yn sûnder Wil to sjen. Se rint nei de tafel, sjocht hwat der op leit. Wil is hoeden nei foaren ta kommen, giet deun achter har stean en klapt yn 'e hannen. Se skrikt, draeit har om en wol achterút rinne. De tafel keart har. Wil seit neat en sjocht har rjocht oan.
LIESBET:
Forbjustere.
Nim my net kwea ôf dat ik samar de keamer ynroun. Ik tocht, der is gjinien thús. Ik soe in papierke op 'e tafel lizze. Ik hie boadskip, mar ik tink: Der is gjinien thús, dat dan liz ik mar in papierke op 'e tafel.
Wil bliuwt har oansjen. Se docht inkelde stappen fansiden, bisiket syn eagen to ûntwiken, mar hy bliuwt har swijend folgjen. Se rint op 'e daar ta. As se hast oan 'e doar ta is en fuortrinne wol, seit Wil:
WIL:
En hwat wie it boadskip? LIESBET:
O ja, nou soe 'k it ek noch forjitte. Jou broer hat my frege... WIL:
Gean sitten en fortel it mar rêstich.
Se giet sitten. Hy giet nei de doar ta, draeit him op 't slot en docht de kaei yn 'e bûse.
LIESBET:
Hwerom dogge jo de doar op 't slot? Ik moat daelks wer fuort! Ik bliuw hjir net, dêr hoege jo net op to rekkenjen! WIL:
Ik hyt fan Wil. Hwat wie it boadskip? LIESBET:
Earst dy doar fan 't slot! WIL:
Fortroust my net?
Se hellet de skouders op.
Fortroust my net? LIESBET:
Jo dogge sa frjemd. WIL:
Ik hyt fan Wil. Hwat wie it boadskip ek wer? LIESBET:
Jou broer komt in ûre letter thús as oars. Hy moat oerwurkje. Wolstou it even sizze, sei er tsjin my. Oars wurdt myn broer ûngerêst. Hwerom hawwe jo de doar op 't slot dien? WIL:
Ik hyt fan Wil. Siz mar dou. | |||||||||||
[pagina 403]
| |||||||||||
LIESBET:
Mar ik moat nei hûs ta! Se wachtsje thús op my mei it iten! WIL:
As ik de doar iepen doch, rinst dan fuort? LIESBET: Forwûndere.
Hoe dat sa? WIL:
Hoe hytst dou? LIESBET:
Liesbet. Wolst dat graech witte? WIL:
Ja. LIESBET:
Dyn broer komt in ûre letter thús as oars. WIL:
Dat wist ik. Dat hiest al forteld. LIESBET:
Ik moat nou nei hûs ta.
Se rint nei de doar ta en rottelt der oan.
WIL:
Bitanke foar it boadskip. Goeije. LIESBET:
Ik kin him net iepen krije! Jow my de kaei, dan kin 'k fuortgean!
Wil sjocht nei har, seit neat
Hwerom dochtst sa raer? Hwerom slútst ús nou op? WIL:
Omdat ik altyd opsluten sit. LIESBET: Nijsgjirrich.
Dou? Mar dou hast ommers in kaei? WIL:
Dou meist him wol ha, ik haw him net nedich.
Hy hâldt har de kaei foar yn syn platte hân. Sy komt der op ôf.
Krij him mar.
Se kriget de kaei, mar bliuwt stean.
Dou hast moai hier. Kinst hjir wol bliuwe to iten. LIESBET:
Se wachtsje thús op my. WIL:
Dou bist moai. Bliuw hjir to iten.
Hy makket de tafel klear. Sy rint om, sjocht nei him en draeit dan de doar fan 't slot. Wifeljend docht se him iepen en giet healwei de keamer út.
Sille wy mar bigjinne? | |||||||||||
[pagina 404]
| |||||||||||
LIESBET:
Sitstou... sitstou opsluten? En dizze kaei dan? WIL:
Jow him mar oer, dan sille wyite.
Se jowt him de kaei oer, giet sitten. Se bigjinne to iten, swije.
Bistou ek bang foar de minsken? Doarst wol mei elkenien to praten? LIESBET:
It soe net bêst wêze! WIL:
Dan bistou lokkich, Liesbet.
Hy giet oerein, rint der mei om.
Dan bistou goed lokkich, Liesbet.
Hy giet op it bêd sitten.
LIESBET:
Kom hjir, wy hawwe it iten noch net op. WIL:
Fynst my frjemd, Liesbet? Fynst it frjemd dat in minske yn himsels opsluten sit as in rûp yn in cocon? En hy kin der mar net útkomme! En hy wrakselet en hy wrot en de cocon wurdt mar hurder en hurder. Nou en dan komt immen foarby en jowt him in tik mei de skoech. Dan tinkt er: Myn cocon barst! Ik spring der út! Ik bin mysels! Mar elkenien giet fierder en lit him lizze. En hy wrakselt troch. Allinne. LIESBET:
Net sa wémoedich. Moarn komt der wer in dei. WIL:
O, God ja. Fan je hela hola hâld de moed der yn.
Hy giet nei har ta, leit syn hannen om har skouders.
LIESBET:
Ik moat nei 't húske ta! WIL:
Trep del, earste doar rjochts.
Hy hâldt har beet, streaket har.
LIESBET:
Ik moat nei 't húske! WIL:
Trep del, earste doar rjochts.
Se makket har los, rint de keamer út. Hy docht súntsjes de radio oan, giet dan op it ûnderste bêd lizzen mei it gerdyn ticht. Nei in telmannich komt Liesbet de keamer wer yn.
LIESBET:
Ik moat nedich nei hûs ta, se witte...
Se sjocht forheard om har hinne.
| |||||||||||
[pagina 405]
| |||||||||||
Hwer sitste? Kom foar 't ljocht, ik moat fuort! Oehoe! Oehoe! Ik gean fuort hear!
Se rint nei de doar ta.
Bist hjir? Oehoe! Oehoe!
Der klapt in doar. de kostfrou ropt:
Wolle jo net sa raze, asjebleaft!
Liesbet docht hurd de doar ticht, sjocht foar it lêst om har hinne.
Hy is der net mear.
Se rint nei de doar ta, sil fuort.
WIL:
Help! Help! LIESBET:
Hwer sitst?
Hy kroant achter it gerdyn wei.
Leist op bêd? Kom der ôf! Stel dy net sa oan!
It kroanen giet troch. Liesbet rint op it bêd ta, lûkt it gerdyn fansiden. Wil hat allinne syn ûnderbroek oan.
Doch dyn klean oan! Hwat mankeart dy! WIL:
Neat Liesbet. Neat. Myn lichem is soun. Sjoch mar. Bisjoch it mar goed. It is sa soun as in fisk. Dit is myn lichem, Liesbet. Dit is myn brêge nei dy. Nim it mar. Nim it mar hielendal. It is myn lêste mooglikheit. LIESBET:
Ik wol soks net! Dou bist frjemd foar my! Ik soe dy earst langer kenne moatte. WIL:
Dou bist ek likegoed frjemd foar my en sa sil it bliuwe. Gjinien kin himsels. Dou ek net. Dyn lichem is in geheim foar dysels en dochs is it dyn eigen. Myn lichem is myn geheim. Mar ik wit net hwat der yn bart. Nim nou dit.
Hy bitaest syn holle.
De holle sit fol mei seachmoal, seine de gewoane minsken froeger en se wiene lokkich mei har seachmoal. Mar wy hawwe harsens krige en sénuwen en ús holle is oars neat mear as sellen en triedden. En der giet stroom troch, sizze de gelearden. Lit se opmiterje mei har stroom. Jow my mar seachmoal. Fan stroom komt oars neat as bûnzjen en rare gedachten... LIESBET:
Dan haw ik seachmoal yn 'e holle. Ik haw noait lêst fan bûnzjen en rare gedachten. WIL:
Dan moatstou wol lokkich wêze. It is oan dy to sjen. Dyn eagen en dyn | |||||||||||
[pagina 406]
| |||||||||||
wangen dêr komt gewoan sinne út. Mar as wy nou ris ruilen fan masker, dou mines en ik dines, hoe soe it dan wêze? LIESBET:
Dat wit ik net. Dat kin ommers net. WIL:
Jawol. Wachtsje mar.
Hy docht in keamerjas oan, giet nei de kast ta en komt werom mei twa healmaskers. It iene hat min of mear in ekspressy fan dea, eangst, it oare fan libben, blidens. Hy jowt har it masker mei de oantsjutting fan eangst der yn. Dan wurdt der skille. Beide skrikke.
WIL:
Der is ien by de doar! LIESBET:
Dyn broer faeks? WIL:
Hy hat in kaei. LIESBET:
Sil ik sien, hwa't er is? WIL:
Né, lit mar skilje.
De skille giet wer.
LIESBET:
Ik gean der hinne. Hwa wit hwa't dêr is. WIL:
Der net ynlitte! Earst sjen hwa't dêr is en dan weromkomme om it my to sizzen. Tink derom, lit gjinien yn!
Sy giet de keamer út. Hy stekt in kears oan, docht de measte lampen út, bihalven de lampe dy't effekt jowt oan 'e spegel. De measte itensboel wurdt oprûme. Liesbet komt der wer yn.
LIESBET:
Der is in frou by de doar. Se kaem foar dy of foar dyn broer, sei se. WIL:
Set it masker op! LIESBET:
Hwer hast it wei? WIL:
Makke út forfelens. LIESBET:
Hoe moat it mei dy frou? WIL:
Donkere eagen? | |||||||||||
[pagina 407]
| |||||||||||
LIESBET:
Ik leau it wol. Ik wit it net krekt, ik... WIL:
Kreas? Opmakke? LIESBET:
Ja, ja. Se sei, se... WIL:
Se woe der mei gewelt yn, tink? LIESBET:
Se woe my foarby. Ik koe har mar krekt keare. WIL:
Dan ûntkomme wy der net oan. Meitsje dy klear. Set dyn masker op en spylje de rol, dy't ik dy oantsjut.
Se docht it masker foar.
LIESBET:
Ik wol sa net! Hwat moat ik mei dit ding foar! Dit bin 'k net wend!
De skille giet wer. Liesbet wol it masker ôfdwaen.
WIL:
Hâld dat masker foar en siz gun wurd tofolle! Gean yn dy stoel sitten!
Se docht it, bitaest har holle. Wil rint nei de doar ta en ropt:
Kom mar fierder!
Hy set syn eigen masker ek op.
LIESBET:
Dit kin net! Ik bin mysels net mei dit ding foar de holle! Hâld op! Der komt ien oan! Dit kin net!
Klopjen op 'e doar.
WIL:
Ja, kom fierder!
De mem fan Wil en Han komt yn, bliuwt stean, sjocht frjemd om har hinne.
Ha ha ha... mefrou hat in nije jas oan!! MEM:
Bin ik hjir by Wil en Han fan der Burg? LIESBET:
Ja... ja... dizze jonge is... WIL:
Mefrou, hwerom bliuwe jo by de doar stean? Kom fierder! Ik soe sizze: Yn dizze stoel, yn 't sintrum fan 'e bilangstelling! MEM:
Ik kaem hjir foar myn jonges. Jo witte faeks hwer't se binne? Ik haw se yn tiden net sjoen, mar hjoed tocht ik: Lit my ris by harren sjen. Se moatte hjir op keamers wenje. | |||||||||||
[pagina 408]
| |||||||||||
WIL:
Dêr ha wy it al! It muoit my tige mefrou.
Hy bigjint to laitsjen.
It muoit my dat ik it jo sizze moat, mar ien fan jou soannen is lang net goed. MEM:
Der is dochs neat slims mei him? WIL:
Nou't jo hjir binne, kin 'k der net foar wei. Ik moat it jo nou wol fortelle.
Hy laket út en troch.
MEM:
Der is neat slims bard, hoopje ik? WIL:
Mefrou rêstich! Net sa emoasjoneel! Dat binne jo oan jou stân forplichte! Koel bliuwe yn alle omstannichheden! Sjoch ris yn 't spegel, jo binne súver fan 'e wize.
Se rint nei de spegel ta, bisjocht harsels.
Bisjoch josels goed en wurdt rêstich. Liesbet, gean nei har ta. LIESBET:
Ik wit net hwat ik hjir moat! Hwa binne jo? WIL:
Gean nei har ta! Mefrou, sjoch yn 'e spegel. Dêr leit de djipte fan jou siel.
Liesbet stiet nou efter de mem, sjocht ek yn 'e spegel.
LIESBET:
Hwat moat ik hjir? WIL:
Neat. Stil.
Stilte.
MEM:
Yn hokfor hûs bin ik hjir? Dit is net normael! Dit bieanget my! WIL:
Praet net tofolle. Sjoch yn 'e spegel. Sjoch nei it minske dat achter jo stiet! MEM:
Nei hwa't achter my stiet? Nei dy kop? Né, dat wol ik net, dat is in deadskop, dat... LIESBET:
Né, ik bin libben! Ik libje! Fiel mar! Ik... WIL:
Ha ha ha. | |||||||||||
[pagina 409]
| |||||||||||
LIESBET:
Net dwaen! Asjebleaft, laitsje net! WIL:
Ha ha ha ha ha... MEM:
Jo moatte sa net! Jo meitsje... WIL:
My bang! Ha ha ha ha!!! MEM:
Yn 'e goedichheit, siz my, hwêr't ik hjir forsyld bin! LIESBET:
Ik wol hjir wei, hwêr... WIL:
Stil! De eangst sjocht yn 'e spegel! MEM:
Doch der in kleed foar! Dit is gjin... LIESBET:
Ik wol...
Se sil fuortrinne. Wil pakt har, de twa maskers sjogge elkoarren oan. Dan bigjint Wil to laitsjen, hâldt har beet.
Néé! Néé!
Wil triuwt har stadich achterút
WIL:
Gean op 't stoel stean!
Se bisiket it. It slagget net rjocht.
Hurder! Dou komst daelks foar de tillevisy!
Hy laket.
LIESBET: Gûlderich.
Néé, ik wol net! Ik wol net! WIL:
Hurder! Moatst in klap ha? MEM:
Jo moatte net sa wreed! WIL:
Draei jo om!
Lietbet stiet nou op 'e stoel.
Hannen omheech! Hannen omheech! Omheech! Omheech! Pompom, pompon, pompom, pompom, pompom...
Sy biweecht mechanysk de earmen op en del op it ritme dat Wil oanjowt.
LIESBET:
Help! Help! | |||||||||||
[pagina 410]
| |||||||||||
WIL:
Pompom pompom pompom pompom... LIESBET:
Help! Help! Ik wurd gek! WIL:
Ho!
Se hâldt op.
Ien hân yn 'e side, ien hân omheech!
Se docht it.
Sjogge jo it goed, mefrou? Binne jo it sels? Ja wier? Hwa binne jo dan? Omdraeije!!
It famke en de mem draeije harren tagelyk om.
De mem sjocht nei it bern, it bern sjocht nei de mem. Ha, ha. De mem sjocht harsels! De mem sjocht harsels! Ha, ha, ha...
Liesbet komt fan 'e stoel, wol flechtsje, mar wit net hwêr't se hinne sil. Wil pakt har fan achteren, hâldt har yn syn earms.
MEM:
Hâldt op! Ik moat hjir wei! Dit kin sa net! LIESBET: As in beam hinne en wer yn Wil syn earms, mei klaeijend lûd.
Ai, ai, ai, ai... MEM:
Ik wol der út!
Se rint nei de doar ta. Wil is har yn 't foor. Hy giet mei de rêch tsjin de doar oan stean.
Ik wol der út! Ik wol hjir wei! LIESBET:
Ik wol mei!
Hâldt har oan 'e mem fêst.
MEM:
Dou net! Dou net! Bliuw hjir! Kom der net út! Lit jim net bûten sjen! Lit de wrâld net witte dat jim bisteane! WIL:
Stil! Gean sitten!
De froulju twifelje, dogge it dan.
Ik sil jim in mearke fortelle. Lang lyn wie der in mem, dy't twa soannen hie. It wie in knappe mem, mar har bern wiene lilk. Dat muoide har tige en se die dan ek alle war om se kreazer to krijen. Se kocht moaije jaskes en skuontsjes, die de bern rûkersguod yn 't hier en as de heit it net keard hie, hie se se wol opfervje wollen. Al har getoater joech lykwols neat. Hoe mear't se mei de jonges ompielde hoe lilker se waerden. It kaem sa fier, | |||||||||||
[pagina 411]
| |||||||||||
dat de jonges yn 'e eagen fan 'e mem net mear to fornearen wiene. En doe jage se harren it hûs út. MEM:
Ik kin dat forhael wol. Ik moat fuort. WIL:
Hoe't it mei de jonges gie wist de mem net en ek de jonges hearden komselden hwat. Oant op in dei de mem foar de spegel stie. Se seach in holle achter har dy't sei: Sjoch goed. Sjoch goed.
De mem rint wer nei de spegel ta.
Liesbet!
Liesbet giet achter de mem stean.
Dit is jou soan, mefrou. LIESBET:
Dit is jou soan, mefrou. MEM:
Wier? WIL:
Ja. LIESBET:
Ja! WIL:
It is net goed mei him. LIESBET:
It is net goed mei him! WIL:
Sjogge jo wol? LIESBET:
Sjogge jo wol! MEM:
Moat ik om him tinke, mefrou? LIESBET: Ticht by har
Moat ik om him tinke, mefrou? MEM:
Ja, doch it. Doch it mar. Hy hat it nedich. WIL:
Hat by it nedich, mefrou? MEM:
Ik bin tokoart sketten. Hiele dagen bin 'k mei de jonges dwaende west en dochs bin 'k tokoart sketten. WIL: Op har ta.
| |||||||||||
[pagina 412]
| |||||||||||
Miene jo dat? MEM:
Ja, ik mien it.
Liesbet giet yn in stoel sitten, bigjint to gûlen. Sûnder folle lûd, mar mei in bulte ekspressy fan holle en lichem. It is fierders stil. De mem stiet forwezen.
WIL:
Hâlde jo fan 'e stilte? MEM:
Né. WIL:
Binne jo by steat om leafde to jaen?
De mem sjocht him oan. Dan docht er it masker ôf.
Sjogge jo it nou? MEM:
Né! Né!
Se flechtet de doar út.
WIL:
Mem! Mem!
It bliuwt stil. De doar giet hoeden iepen. De mem bliuwt op 'e drompel stean.
Jo meije wol fierder komme.
Se docht it.
| |||||||||||
[pagina *21]
| |||||||||||
[pagina *22]
| |||||||||||
|