De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 397]
| |
Sikke DoeleGa naar voetnoot*)/gedichtenYn ienfaldige wurdenfoarhinne
koe ik de moaije dingen noch moaijer omskriuwe:
dêr hat men sa jins wurden foar
men siket se út, waget se ôf
och hea hwat waerden de moaije dingen moai
jins leed yn in list
jins fortriet efter blomkesbihang
sûnt, ja ik wit net mear,
giet it uterjen mar swier
myn skriuwen is hoerearjen
ik praet oer de kwaliteit fan pils
-fortel ris yn ienfâldige wurden hwatst fielst, jonge
fan oaren hear ik wol ris dat der in god is
der binne ek dûmnys en pastoars dy't der hwat fan witte
praet ik mei harren, dan wyn ik my inkeld op om
it eameljen oer organisaesjes fan wit ik hwat
genede genede genede
hwat wit ik
-as ik myn neukertsje mar krij fannacht
genede genede genede.
| |
[pagina 398]
| |
It rike roomske libbenyn de kapelle fan de
hillige ambroasius
foun ik in appelklokhûs
ûnder ien fan de knibbelbanken
tank hillige ambroasius
en nochris tank
in banaen, mei elektryske
triedden oan it altaer forboun,
foun ik yn de kathedrael
fan de hillige jodocus
de banaen núndere de
wijde lieten
yn it tún fan mynhear pastoar
foun ik in langpoatmich
op in ikeblêd droech ik him
troch it manshege gers
bitwong mysels him in poat
út to lûken jaja
yn de city-bag fan minister luns
foun ik de lach fan 15 jannewaris 1966
ien foto wie der útskuord en op
de efterkant seach ik in mannich
ministeriële hiëroglifen.
| |
[pagina 399]
| |
Bea om subsydzjedan, ja dan allinne
kin ús leafde ta folsleine bloei komme, excellinsje.
de fortsjinwurdiger fan de minister fan leafde
dy't ús suchtsjen forduldich oanheard hat,
sizze wy hjirby, fan dit plak ôf, tank.
wy hoopje dat de fortsjinwurdiger fan de minister
fan leafde ús fortrouwen net biskamje sil en,
hoewol wy ús réalisearje dat ek oaren mei in selde
claim op tafel komme, optimale oandacht oan ús
bea skinke sil, omdat wy miene dat ús suchtsjen
sterk oertsjûgjend is - net graech soene wy ús
taflecht nimme ta minder parlementaire methoaden -
en wy sprekke de hope út dat der foar ús in
subsydzje yn 'e loft hinget foar ús frijsteand hûs
mei tweintich keamers, in rose badkûp, in himelbêd,
krúsbeistrûken, heech gers, in bûkebeam,
in fierrekiker, in prieel, de pil.
|
|