De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 391]
| |
Meindert BylsmaGa naar voetnoot*)/It motyfIk mette him foar it earst yn 'e bus. Ik moast nei in lyts doarpke ta, dêr wie in muoike fan my deagien. It lei eins hielendal net yn 'e bidoeling om der hinne: by har libben wie 'k der krekt fjouwer kear west. Trije kear doe't ik noch lyts wie en der mei heit en mem hinne moast! - Ik wol net, ik soe fan'e middei krekt in hutte bouwe mei Sjoerd en Kees. - - Dou moatst ophâlde fan janken, wy geane fan'e middei nei muoike Ant en dêrmei út. - De fjirde kear wie 'k der tafallich yn 'e buert foar saken en ik woe wol in stikje mei ite. Nou reizgje ik der dan foar de fiifde kear hinne, hwant de offisiële kaert stie der op dat ik kaem. Healwei twaën, dan soe it lustrum bigjinne. - Proast feestgenoaten, op it heil fan muoike Ant. Hja is twaëntachtich wurden! Twaëntachtich jier hat hja it útholden yn dit lytse doarpke mei trije kear deis in bus. - It wie yn ien fan dy bussen, dat ik him foar it earst mette. Letter haw ik wolris bisocht him wer foar my to krijen sa't er dy earste kear yn 'e bus stapte. Der moast my doe dochs wol hwat aparts oan him opfallen wêze. Mar hoe't ik myn tinzen ek opskerpe, der skeat my neat aparts yn't sin. Hy wie fan bûten in deagewoane man, net to lyts, net to great, net to dik, net to meager. It ienichste dat my opfoel (mar dat wie letter), wiene syn eagen, dy't in bytsje fuortdûkten, mar it joech my gjin hâldfêst. Ik koe tonearsten mar net útfine, hwêrom't hja fansideboarten. Letter wist ik dat al, mar doe wie 't al to let. Ik hie him eader slite moatten, dan hie 'k nou net mei him ompakt, dan hie 'k my nou rêstich deljaen kind. Hy stapte yn 'e bus en sei, wylst er tsjin my oer sitten gyng: - Choi. - Ik knikte him ta. Der wiene net folle minsken yn 'e bus. Oeral plak! Mar hy gyng krekt tsjin my oer sitten. Dat koe net folle oars bitsjutte as in praetsje. It woe hielendal net sjitte mei ús praet. Hy bigoun: - Ik haw jou net earder yn dizze bus sjoen, ik geen elke woansdei foar de baes nei de stêd. - - Dat kin, is is ek foar 't earst dat ik yn dizze bus sit. - | |
[pagina 392]
| |
Ik liigde it, mar moast ik him dan fortelle oer in deade muoike dy't him net ynteressearre? It hoegde net, hwant by bigoun wer: - De bus is knap op tiid! - - Ja, dêr ha jo gelyk oan. - Samar ynienen lykwols foroare er fan ûnderwerp. Doe hie er my to pakken. - Ik bin skriuwer, - sei er. - Ien kear sil ik it forhael skriuwe. As ik op 'e dyk rin sille se elkoar tomûk oanstjitte, sadat ik it net sjoch (mar ik sjoch it wol): dat is him, dat is him fan it forhael. - Hy hâldde eefkes op, as forwachte er dat ik hwat sizze soe. Mar ik sei neat, seach him inkeld eefkes oan. Doe pas merkbiet ik syn eagen! Se dûkten yn 'e kassen wei en seagen by my lâns. Se forwachten net iens antwurd! - Ik haw al ien forhael skreaun, - gyng er troch, earst koe ik gjin motyf fine, mar op in joun wist ik it. Ik soe in forhael skriuwe oer in man, in deagewoane man dy't by ús yn it doarp wenne. Fansels wenne der net krekt sanien as ik biskreau, mar ik die as wenne er der wol, as wie er by my útfanhûs. - Alwer stûke syn forhael eefkes. Moast ik hwat sizze? Mar né, syn eachopslach glied sûnder to heakjen oer my hinne. Ik tsjinne inkeld as in objekt dêr't er lûdop tsjin prate koe, sadat hja der neat fan tinke koene. - Elke dei gyng ik mei him to kuijerjen: by moast alles fan it doarp witte. Ik wiisde him de rabarber oan fan Sjirk, dy't der sa bêst foar stie. En gijn niget, sei 'k tsjin him, hwant hy hat der in nust stront ûnder wrotten fan 't hjerst. Ik wiisde him de trije tsjerken oan, en fortelde him fan de trije sjongkoaren, fan de trije korpsen en sa. Der sit muzyk yn ús doarp, sei 'k. Hy gniisde mar hwat, en woe perfoast nei de joekboks yn 'e herberch. Ik warskôge him: dou moatst net sa raer, hwant dan wize se moarn nei dy, dan hast in stimpel, en dat wasket alle wetter fan de sé net ôf. Hy joech wol om sizzen tonearsten, en wy hiene in protte wille. Ik skreau alles op; ik tocht: dit wurdt in forhael! Mar op in joun koene wy it ynienen net mear mei elkoar roaije. Hy song healwize ferskes en woe perfoast nei de kroech. Ik moast ek mei, mar ik woe net, ik doarst net. Ik hearde har al praten en gnyskjen de oare deis op it hoekje by de kapper: - Hast it al heard... hast it al heard... ? - As ik der by stean gean, prate hja ynienen oer de eintsjes by de brêge. - Dy leave eintsjes! - Mar as hja it rêdde kinne, kneppelje hja ien dea. Ik hie gijn macht mear oer him. Hy gnyske inkeld as ik hwat sei, en hy forskuorde it tsjerkebledtsje dat op tafel lei. De snippels die er yn 'e bûse. Op dat stuit stie de bus stil. Ik seach op. In doarpke mei trije tsjerken. | |
[pagina 393]
| |
- Ik moat der út, - sei er, - hjir wenje ik. - Foardat ik der birekken op hie, wie er fuort. It spiet my omraek! Hy hie my nijsgjirrich makke, ik woe witte hoe't it mei syn mantsje ôfroun wie. Oant doe hie 'k net earder gedoente mei in skriuwer hewn, mar hy hie my fuortdaliks goed yn 'e skjirre. Ik koe him net wer kwyt wurde. Hy bleau by my, hy stie efter my doe't ik út 'e bus stapte, hy roun mei my op, hy fûstke mei alle omkes en muoikes, mar hy sei neat. Doe't muoike Ant yn 'e groun sakke, stie er der op 'e noas by, mar hy hâldde de kaken stiif opelkoar. Nachts probearre ik to forklearjen hwat der mei him wie, hwat it aparte oan him wie. Mar ik koe net fierder komme as it forklearjen fan hwerom ik dat sa graech woe: it wie makliker, ik koe him dan ynpasse yn in systeem, ik koe him better rikke as dat noadich wie. De twadde kear dat ik him mette, wie in wike letter. Ik hie mar in heale snipperdei nommen: der giet net elke wike in muoike dea. Fan fierren seach ik him oankommen. Ik siet al yn 'e bus op itselde plak. - Choi -, sei er, en gyng sitten. It like wol as siet der hwat mear glâns yn syn eagen, as dûkten se sa fier net wei as forline wike. Wie er biild dat er my seach? - Jim koene it net sa goed mear mei elkoar roeije -, bigoun ik, - hy woe nei de kroech. - - Ja -, sei er, en bisocht to glimkjen, - sa lulk as in pod roun er der út. Ik folge him op in distânsje. Foarsichtich slûpte ik yn 't skaed fan huzen, beammen en portiken efter him oan. Hy hie it net yn 'e gaten. Lûdop song er: - er zijn geen rovers in het bos, bos, bos. - Foar 't stekje fan domeny bieau er stean, en flokte tsien kear. - Foar elk gebod ien kear -, fortelde er letter. Doe helle er de snippels fan it tsjerkebledtsje út 'e bûse en keilde se yn domeny's tún. - Hjir hast dyn rotsoai werom. - It lêste dat ik hearde foardat er de doar fan 'e kroech efter him tichtkwakte wie: - laat maar waaien, laat maar waaien... - Op dat stuit koe ik him hielendal bigripe. Ik hie ek stomme graech meiwold: - Proast minsken, op 'e dea fan alle geboaden. Wy sille sels wol útmeitsje hwat wol en ek hwat net mei. Ober in pilske foar allegearre, it binne myn maten. Nim sels ek mar ien. Proast! Sibe druk dou ris in stik of hwat platen. - Hawar, ik doarst der net yn, en dus roun ik nei hûs en die de doar op slot: hy kaem dochs net werom. Mar hy kaem al werom, yn 'e neare nacht. | |
[pagina 394]
| |
- Ik ben zo eenzaam zonder jou. - Doe haw ik de doar wer fan 'e heak ôfdien, him der ynlitten, en mei him praet. De oare moarns wie er fuort. Mar hja wiisden nei my, as hie ik it dien! - Hy is gek, hardstikke krankjoarum! - - It forhael haw ik dochs mar nei de krante stjûrd. Ik hie der in bulte argewaesje fan hawn, en it stie nou ienkear op papier. De krityk liigde der net om: alwer oer in gek, se witte oars nearne mear oer to skriuwen. Is dat de tendins fan dizze tiid? Kom nou, it leauwe is der ek noch. Hja hiene itn et snapt spitigernôch. Fan dy tiid ôf haw ik it op 'e lea, net wer oer in gek, of hwat der op liket, to skriuwen. Ik moat in oar motyf sykje. - Hy seach my wer oan, de glâns yn syn eagen wie fuort. - Mar, - gyng er fierder, - ik jow de moed net op; ienkear sil ik it forhael skriuwe. As ik op 'e dyk rin, sille se elkoar tomûk oanstjitte en nei my wize, sadat ik it net sjoch, (mar ik sjoch it wol): - dat is him, dat is him fan it forhael. - De tredde kear dat ik him mette, hie er neitocht oer myn foarstel. It like him goed to nei de stêd to forhúzjen. - Kinst wol by ús op 't fabryk komme, - hie 'k sein, - se meitsje de bân in meter langer, dan kinst der wol tusken. - Letter hearde ik dat er miende dat it in grapke wie. Ik snap hjoed de dei noch net, hwêrom ik him foarsteld haw to forhúzjen. It forhael wie út, hwat hie 'k fierder noch mei him to krijen, ik koe him kwyt. Wis, hja praetten oer him, hja wiisden him nei. Mar hwat koe my dat nou skele, en boppedat diene hja dat allinnich by him? Ik leau, dat ik fuortdaliks al mear fan him forwachte, en dat ik him dêrom tichter by my hawwe woe. Op in freedtojoun seach ik him wer. Hy wenne doe krekt in wike op syn nije fletsje. It wurk wie net tafallen, mar it soe wol wenne moatte. - Hawar, twa dagen frij om to bikommen! - Folle wichtiger dan dat rottige wurk wie: hy hie in nij motyf. Hwat wie ik doe bliid dat ik him net loslitten hie: ik soe in nije ûntwikkeling folgje kinne, fan hiel tichtby. - Stom dat ik der net earder op sind haw -, sei er. - De earste kear skreau ik út in oar wei, ik stapte yn 't fel fan in frjemd, dêrom rounen wy op 't lêst ek sa útelkoar. Mar nou sil ik it oars oanpakke: ik sil nou út mysels wei skriuwe. Dou moatst my helpe, dou bist myn bêste freon. - Wy sprieken ôf, hy soe der fuortdaliks mei bigjinne. Sneintomiddei moast ik dan, as objektyf bûtensteander, myn miening sizze. Dy sneintomiddei gisele ik op 't fytske nei him ta, ik hie der sin oan, ik siet strykfol idéën. It like wol as wie 'k sels skriuwer wurden. - Hawwe jim dat forhael al lêzen? De styl hin! En de problematyk dy't | |
[pagina 395]
| |
oansnijd wurdt. Dy mannen kinne hwat! Dat is nochris hwat oars as: Saekje kriget lang om let ek in frijer. - Mar it kaem oars! Hy siet yn 't hoekje by de doar nei it balkon en snokte it út: - Ik kin net oer mysels skriuwe, hwant hja sille sizze dat ik ek gek bin. - Doe fortelde er my hoe't it gien wie. Fol goede moed wie er út ein set. Hy hie forteld dat er forhuze wie op myn oanstean, om de binypte geast fan it doarp kwyt to reitsjen, en dat er nou yn in flet op sawn heech wenne. Sawnheech! Hy wie eefkes op it balkon stean gien. Auto's en minsken as boartersdinkjes! Lofts fan it balkon in muorre, rjochts fan it balkon in muorre! Gjin túntsje, gjin beammen, gjin hage, gjin buorman om mei to praten! Ynienen wie it him oanflein. Hy fleach by de treppen del. Yn 'e hal fan it treppenhûs wie it koel, en hy bikaem hwat. Hy biseach de buordtsjes mei nammen, en de brievebussen derneist. De flet bistie út tsien lagen, seach er. Elke laech waerd oantsjut mei in letter. Earste laech A, twadde laech B, ensafuorthinne. Op elke laech tolve nûmers. Hy socht syn eigen namme en kontrolearre oft it kloppe. G 6! It wie ynoarder. It siet allegearre pûrbêst ynelkoar, dêr yn 'e hal. En nuver, it joech him in gefoel fan bitrouwen. Alhiel gerêst stapte er yn 'e lift, en drukte op it knopke G. Hy hie der al wille om, skreau alles op: - It liket wol in chemyske formule. Ik bin G 6; boppe my sit H 6! Der rinne twa triedden fan my nei him: de stroomtried en de buis fan it húske. Neist my wenje G 5 en G 7 en nei har rint troch de muorre allinnich mar de stroomtried. - Ynienen binearre it him wer: it doogde net, hoe koe in flet nou in chemyske formule wêze... - It wie as kamen de muorren op my ta -, fortelde er. Mar dat koe ek net, dat wie in klisjé, it slimste dêr't in skriuwer him oan bikweadigje koe. Elke kritikus krige op slach neils mei rourântsjes, as er se oanwiisde. Mar it wie al sa, se kamen stadich op him ta, de muorren en de kritisi. Se woene him stikken knipe! Hy koe net mear tinke, hy raesde it út, en glêshelder skeat it him troch de kop: - Se hawwe gelyk, ik hie 't al earder witte moatten, dy earste kear al, ik bin gek. - Doe't er troch hie hwat dy gedachte bitsjutte, bleauwen de muorren stil stean. Hy koe wer normael tinke, en hiel dúdlik wist er, dat er pûrallinnich wie yn syn flet. Lokkich foar him kaem ik doe, en koe er in diel fan syn earmoed op my oerlade: - Ik moat in nij motyf hawwe, dou moatst my helpe, dou bist myn ienichste | |
[pagina 396]
| |
freon. - De hiele nacht hearde ik it. Ik fielde my nammers ek skuldich: ik hie him oanset to forhúzjen. Systematysk gyng ik alles nochris nei. It wie allegearre bigoun yn 'e bus nei myn deade muoike ta, en mei it forhael dat er doe fortelde. It forhael, dêr't er my mei yn 'e skjirre krige. Hawar! Ik helle de krante dy't ik fan him krigen hie nochris foar't ljocht. Ik lies de krityk nochris nei...: - Se koene wol gek wêze sokke forhalen to printsjen -, stie der. Dy krityk strike eins net, foun ik. It wie in bêst forhael! Ynienen skeat it troch my hinne: - Mar dat is de oplossing! - Hy hie it sels al hast troch hawn. Ommers, hy hie sein: - Hja hawwe it net snapt spitigernôch. - Der hoegde mar in bytsje yn foroare to wurden: - hja wolle it net snappe! - Doe't hja him oanwiisden, wie dat allinnich mar om't hja dan gjin tiid krigen harsels oan to wizen. Moandeitomoarns ier en bitiid fytste ik nei syn flet. Ik soe him de kaei fan syn swierrichheden jaen, en dan gau útpike: ik moast him kwyt, ik wie sels ek al oanfretten. By de flet wie 't allegearre minsken, allegearre minsken mei jiskefetten. Hja gyngen op in rychje stean. De jiskeauto kaem der al oan. Ik seach by de rige del, hy stie der grif by, mar ik koe him sa gau net fine. En de jiskeauto kaem hieltyd mar tichterby! Ik moast him fine! It waerd stil, allinnich it lûd fan de iepen- en tichtslaende fetten by de auto wie to hearren. Doe keilde der ynienen ien syn jiskefet midden op 'e dyk. Dat wie him! Hy fleach fuort. Der gyng in gril troch de lange rige, en ik koe sjen dat hja itselde tochten as ik: - Hy is de ienichste dy't net gek is. - | |
[pagina *19]
| |
[pagina *20]
| |
|