De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 389]
| |
Berber van der GeestGa naar voetnoot*)/gedichtenEn hy gappet nei de sikenHingjend tusken
wurch en deawurch
en forwrotten
jowt er bilies
in frou in bern in freon
weiwurden
yn pakpapier
fan bakstien en beton
gjin rút foar konversaesje
gjin spikergat
om luchtforoaring
ticht
muorreticht
syn hannen
oerdutsen fan
groedige koarsten
trilje
in jierrenlang forset
oan't in orkaen
syn hoazzen sakje liet
en stiennen
stiennen liet
allinne by
to'n ein
ré om to fallen
by't minste siichje wyn.
| |
[pagina 390]
| |
Dei fredeforswolgen
frede lok
de grounleaze djipten
gounzelje fan dävens
flakten egael sljocht
kôkje einleas yn't nearhertige
't is dûkelich
en de skimer hâldt jimmer oan
wé drinkeldeade
deade fan in ûndergong
sûnder formoedsoening.
| |
Logginghûndert en noch hûndert
okergiel en readforrustke
reuzen út 'e greate bosk
driuwe rimpen en balstjurrich
yn 'e ingten fan de sé
tsierend tjirgjend en bekfjochtsjend
rôljend beukjend oeral by
oant in boomman harren trêddet
fan syn heech bifit're skuon
springt en springt
en nearne wifket
nearne fait.
|