De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 382]
| |
Tsjerk VeenstraGa naar voetnoot*)/gedichtenFar myfar my
yn dyn skoat
it boat
nei eilân grien
wy mien
mei de iggen
fan de iere moarn
fioelen
roppe djipséfisken
út de hernen
dêr't bisten
fan 'e nacht
op 'e slach passe
far my
oer de stream
blommen
fan spoarboekjes
slap op 'e stâl
teare kroanen
op 'e nij
nei de eagen
fan simmers
yn 'e mieden
far my
nei it eilân
wy wolle ûndergean
gean ûnder twirren
troch griene
séwyn yn 'e
bloedbanen slein
| |
[pagina 383]
| |
Fiere prinsessede lange hjersten
en winters
dy't de lêste hope
dwêsten
hawwe bilies jaen moatten
séen spiele
strânnen
foar de moanne lâns
djipséfisken
hawwe de toppen
fan nulbeammen forovere
de kâlde rôversbinden
moatte harren forskûlje
en komme om ûnder
it sâlte sân
de fiere prinsesse
is wier
net fier
har holle leit
tsjin myn skouder
as ik de eagen ticht doch
tusken it lân fan
eagen iepen
en fan
ûnder de hûd
binne de grinzen sletten
elkenien hat fan it
- doch dyn plicht -
forgif
fretten
| |
[pagina 384]
| |
Learplandy fan sawntich
ienensawntich
en dy fan fjirtjin - achtjin
en dy fan
fjirtich
fiifenfjirtich
it hoecht net mear
fan nou ôf oan
bern binne jim frij
wy dogge
spultsjes op it plein
zakdoekje leggen
beamkeforlos
toudounsje
knikkerje
en anna zat op majesteit
dat is it aldermoaiste
en gaedlik yn it ramt fan
ús oplieding
der moat by skriemd wurde
en skrieme
is it iennichste
hwat jim leare moatte
|
|