De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 381]
| |
[Nummer 11]It forsyk fan de redaksje om in bisûnder nûmer fan ‘De Tsjerne’, forsoarge troch de jongste generaesje fryske skriuwers, redigearje to wollen, bin wy yn tank op yngien. De eigen ynterpretaesje fan dizze opdracht hat útmakke dat ûnder jongste generaesje de âldens fan 19-29 jier forstien wurde moat, wol men alteast hwat forskaet oan bydragen ha. De kar fan de redaksje om krekt ús hjirfoar oan to sykjen, soe yn alle gefallen de boppegrins binlikje moatte. Yn hoefier't it hjir giet om fryske skriuwers sil de tiid útwize moatte. Guon hawwe nea earder publisearre, hja jeije harsels hjirmei de bosk yn. Oaren binne al earder bydragen yn dit tydskrift fan forskynd, men moat fan har it bêste mar hoopje. Bihalven as presentaesje fan in tal literaire ambysjes, wol dit nûmer ek de skriuwende jongerein mei himsels yn 'e kunde bringe. Faeks dat bisibbe lûden inoar hjirtroch fine en it der wer ris op weagje in eigen wei to gean en in front foarmje doare tsjin dyjingen oer dy't al wer de âlde generaesje hjitte. Dy striidberens kin de fryske literatuer allinne mar to'n goede komme. Achteryn dit nûmer stelle wy de meiwurkers oan jim foar; hjasels dogge dat mei in pripper by wize fan motto. Ek ús bruorren mei it foarrjocht fan in tael mei in minder lytse aksjeradius - mar likegoed mei noch mar ien foet op 'e ûnderste triem fan hwa wit hwatfoar Ijedder - hearden neffens ús yn dit sirkus thús. It doek giet op, wy hoopje dat jim ús net mije.
MEINDERT BYLSMA,
|
|