Meidieling fan de redaksje
De redaksje is fan doel yn novimber in bisûnder nûmer út to jaen dat alhiel forsoarge wurde sil troch jonge fryske skriuwers/sters oant likernôch 25 jier. Dêrta is de redaksje yn hannen jown fan Meindert Bylsma, Leo Popma en Oene Spoelstra. Dit triumviraat hat in tal jongeren oansocht om in bydrage en is fierders fan doel ek byldzjende kunstners oan to lûken foar in illustratyf oanpart. Literaire bydragen kinne noch ynstjûrd wurde binnen fjirtjin dagen nei forskinen fan dit nûmer oan it adres Gr. Tsjerkestrjitte 28, Ljouwert.