Op it harspit
Hwa't himsels weismyt...
It feit dat De Harmonie fol as in aei wie is biwiis genôch dat der greate bilangstelling is foar festivals lykas der 7 oktober ien west hat to Ljouwert. It kin dus wer en it moat dus wer.
Ik leau al - al heart dit fansels snobistysk - dat de flotte jonges mei har grapkes en kwinkslaggen mear gehoar founen as de bringers fan serieuze poëzy. Dat sil altyd wol sa wêze by sokke sealfollen folk, en slim is it ek net - men moat as organisator en as meidoggers bisykje in goede dosearring en ôfwikseling to finen fan it mear koartswilige en it mear earnstige.
It publyk sil wol meest kommen wêze om de Hollanners to hearren, mei men oannimme. Mar fòrnimme koe men dat net, hwant it omtinken en it applaus wie foar de Friezen like great as foar de bûtenlanners. It hie dêrom net in heikrewei west foar de Friezen om de publykspriis to fortsjinjen en dêrmei de Fryske literatuer wer in better image to jaen. Dat is net bard.
De lieding wie net bêst. Jan Bylsma moest de joun iepenje en hy hie dus in bêste kâns om de seal ‘pro-Frysk’ to meitsjen, mar dy kâns hat er forknald. Ynsté fan mei in geastich taspraekje de Hollanners to plak to setten: ‘Smyt ús gasten net mei tomaten, dy jonges dogge ek har bêst...’, sei er sokssahwat as: ‘Ik begrijp best dat u niet om ons bent gekomen!’ Nou moe. Hwa't sa himsels weismyt, fortsjinnet fortrape to wurden. Ik hâld tige fan in passend gefoel fan eigenwearde, en as de ‘saek’ dermei tsjinne is, mei it om my ek bûten roai wêze. Nou wit ik wol dat Jan Bylsma in bêste klap op syn kop krigen hie doe't er gewaer waerd dat hy en syn maten mei fiifentweintich luzige gounen ôfsâlte waerden, en syn timide hâlding is dus to bigripen. Miskien moat men der wol wurdearring foar ha dat Bylsma c.s. noch glimkjend en wol de joun útsitten hawwe.
En dochs. It wie bikend dat in pear Hollanners yn poëzypyama optrede soenen, en dat dy binammen it folk nei de seal lutsen hienen. Wolnou, in pear Friezen hienen ek sa'n pakje oan ha moatten, en leafst noch in krûm gekker. De oanstellerij fan Johnny the Selfkicker en Simon Vinkenoog is maklik to parodiëarjen en fortsjinnet ek bilachlik makke to wurden. It is net hip, net fitael (Hans Verhagen meitsje ik in útsûndering foar), it is sa bibberich: ‘vergeef ons dat we gek doen, we hebben het zo moeilijk, we zouden graag gewoon willen zijn.’ Ik wit net hwa fan 'e tsien dichters de hippe rol spylje kinnen hie. Rients Gratama kin it, ha wie sjoen: libben, sprankeljend, fitael wie er yn De Lawei op 13 oktober. Hwerom is hy net frege? Lehmann brocht ek kabaret. Hwat de honorearring oangiet, dêr hat Jaep Noordmans godtank daliks en to the point op réagearre yn 'e Leeuwarder Courant. Unbiskoft en oars neat is sa'n handelwize fan cygnus resurgens. De Fryske literatuer mar ek njoggen dichters binne misledige en foar skut set. (De tsiende dichter, Steven de Jong, hat him yn in ynstjûrd stik yn 'e L.C. séls foar skut set). As ik noch alris de eare krij om foar dit yllústere studinteselskip sprekke to meijen, dan freegje ik in honorarium fan f 750,- om dat bidrach, mei ôftrek fan 'e bilesting, ûnder de tsien Fryske dichters to forpartsjen.
TR.R.