Krityk yn 't koart:
Taspraek fan Jo Smit
út namme fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 1967, hâlden to Boalsert 12-10-'67.
‘Dy advyskommisje, hwat bin dat foar minsken’, rôp in pear dagen forlyn immen dy't dêr nijsgjirrich nei wie yn in ynstjûrd stik yn 'e krante út.
It muoit my dêrom dat hjir inkeld mar ien lid fan dy kommisje toand wurde kin. Der wiene oars trije, dy't hjir sa moai op in rychje sitte kind hiene, as harkje, sjoch en rabje net.
It hege wurd moat der mar út: de beide oare leden, juffer Piebenga út Grins en prof. Galama út Hilversum binne bihindere, beide om't se kolleezje jaen moatte. Dêr folget dus, hwat pynlik, út dat ik blykber al mist wurde koe. En it gefolch dêrfan is wer dat ik it wurd hjir fiere mei.
Dat doch ik graech, om't ik dochs wol in pear dingen sizze wol ear't ik oan it eigentlike advys takom.
Der is om dizze priis nochal hwat skreaun, en dêr meije wy o sa wiis mei wêze: it biwiist dat de literatuer libbet by it folk, dat de literatuer foar wichtich hâlden wurdt en de lju ynteressearret.
Ik wol my hjir net yn 'e diskusje minge, mar my by hwat feitlikheden hâlde.
Alderearst: de opdracht oan 'e kommisje wie om oan to wizen hokker Frysk proazawurk út de lêste fjouwer jier it bêste wie en as sadanich foar de priis yn oanmerking kaem. Sa en net oars hawwe alle trije leden fan 'e advyskommisje it ek opfette. Hja hawwe har foarljochtsje litten oer hwat der allegearre forskynd wie en dat wie net in bytsje. Doe hawwe se yndividueel in hiel soad neilêzen en doe't se foar de earste kear byinoar kamen, bleauwen der fiif nammen oer. Nei mienskiplik hifkjen en bisprek bleauwen der yn de folgjende sitting twa nammen oer. Doe die bliken dat twa leden de kar joegen oan it boek fan Riemersma, ien oan De Fûke fan Rink van der Velde.
De kommisje siet der hwat mei en woe graech in ienriedich advys útbringe.
Doe hawwe se alle trije de twa boeken jitris lêzen en har bitinken op papier set. De útslach wie dat twa leden de foarkar joegen oan Fabryk.
Dat hat gjin skeel as tusken Skier en Fet towei brocht ûnder de trije leden. Hja hawwe inoar net op dichterlike wize by de hûd hawn, mar hawwe bisocht ûnder de omstannichheden fan har advys to meitsjen hwat der fan to meitsjen wie. Elts wie en is oertsjûge dat elts fan de trije nei eare en gewisse keazen hat foar hwat sy of hy it bêste achte. As noat en foar de skiedskriuwerij mei oantekene wurde dat der gjin sterke drank brûkt is ûnder de slaven. Ik leau al dat ik oan Deputearre Steaten, dy't oars noch net witte as in ‘minderheit’ en in ‘mearderheit’, forskuldige bin de nammen fan dy anonyme groepearringen to neamen. It moaije wie dat it net gie âld tsjin jong, of Hilversum tsjin Grins of manlju contra it froulike elemint. It wie prof. Galama, al hwat âlder lykas Jo Smit, wenjend yn Hilversum lyk as Jo Smit dy't de minderheit foarme by dit inoar ûntrinnen fan literaire oardielen.
Dat in jonge skriuwer oanwiisd wurde koe as winner wie de hiele kommisje o sa nei 't sin, mar hat nea as elemint yn de diskusjes meispile.
En nou dan it advys fan de kommisje:
De Kommisje fan Advys foar it takennen fan de Gysbert Japicxpriis 1967, neffens Jins bislút fan 28 april 1967, ôfd. 2, nû. 5469 gearstald út juffer drs. G.A. Piebenga to Grins en de hearen prof. dr. E. Galama en J. Smit to Hilversum, docht Jim to witten, dat se as har foarsitter oanwiisd hat prof. dr. E. Galama to Hilversum.
It is de Kommisje spitigernôch net slagge ienriedich ien en itselde wurk foar it takennen fan de priis oan to wizen. It resultaet fan wiidweidich oerliz en bisprek hat west, dat twa fan de leden har foarkar útsprekke foar Fabryk fan Tr. Riemersma,