De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 371]
| |
Jan Wybenga / By in swarm LeonidenLeo Popma, In weak reservaet. De Fryske dichter is meast in rjochtaerde jonge, dy't it hert op 'e tonge draecht. It is ek in slim en nuodlik kerwei om yn it Frysk ‘tsjustere’, hermetyske lyryk to skriuwen. De tael is, as folkstael, uteraerd kommunikatyf. Yn de Fryske poëzij binne dan ek (hast) gjin fersen to finen, dêr't de distânsje tusken deistich en dichterlik wurdgebrûk sa great wurdt, dat it fers him yn himsels opslút. En ek dêr't de hiele boel ticht liket to sitten, stiet noch wol in finsterke op 'e heak en kin men der ynkomme. In foarbyld fan sa'n yntocht troch it kelderfinster hat Lolle Nauta jown yn it novimbernûmer 1965 fan dit tydskrift. It fers wie út wankend stomp fan Steven de Jong. It motto dat Leo Popma syn bondel meijown hat: - thy speech bewrayeth thee -Ga naar voetnoot*)) joech my it idé, dat der nou ris ien bisykje soe ûnder de tael to krûpen. En bytiden like er ek in forsideboarter yn tael wêze to wollen. Ik tocht earst dat de skieding yntern-ekstern, dy't er yn syn boekje oanbrocht hat, hwat mei in wikseling fan forskûlgean en foar it ljocht kommen to krijen hie. Mar by neijer bisjen fan de teksten yn beide ôfdielings die bliken, dat 't net sa wie. Yn beide ôfdielings steane fersen dy't iepen, maklik tagonklik en sokke dy't yn it earste oankommen hwat stûfer binne. De iepen kant fan Leo Popma syn produksje is aerdich en nijsgjirrich. Sa steane der tusken de 15 ‘ynterne’ nûmers 4 maklik oansprekkende Maskers fan Marceau, mooglik wol skreaun doe't dy Frânske mimespiler yn '63 yn Nederlân wie, en is fan de 12 eksterne nûmers de helte in rychje bûnte kleuredia's fan it ballet folklorico de Mexico. Ek yn 4 koarte teksten mei frijhwat eksoatyske titels (Tandjung Mani ensfh.), stiet neat dat direkte kommunikaesje yn 'e wei stean soe. It binne foarbylden fan flot journalistysk dichtwurk. It wurd ‘journalistyk’ is dan | |
[pagina 372]
| |
neat forkeards mei bidoeld. Sa't de iene in foto makket of in tekening, kin in oar in tekst meitsje, dy't, likegoed as de foto of tekening, mislearje kin of slagje. Ik mien dat men ek yn Hollân by jonge dichters dizze ‘biskriuwende’ dichtkunst opmerke kin. Foarbylden fan dy gefoelige deskripty fynt men bgl. yn de blomlêzing Paradox fan Peter Berger en yn bondels fan jongeren. Ik helje hjir oan Bip út Maskers fan Marceau, ek al hat de tekst earder yn dit tydskrift stien. Bip is by Marceau de Pierrot, hwat komysk, hwat tragysk, fan beiden tagelyk. Bip
Dit is de allemansfreon yn syn flardefel
de keningsgek mei it hazzehert,
de roas en de harmoanika-hoed
dêr't in bliken oargeltsje yn spilet
syn namme hat er liend,
de eagen houtskoalsketsen
sitte sa yn noed
oer de blausangene mûle
dy't út selsbihâld al mar oangiet
yn in gesicht fan wyt fortriet
en hwat er docht sa troch 'en dei?
alle jounen yn in brike kop
in mannich ilestiken lea
en mei in stim
dy't it lûd net oandoart
it tuskentiids toaniel bispylje
en hoe't men laket, laket -
sels sit er yn 'e lege seal
de roas op 'e harmoanika-hoed.
Skiftsje ik de nûmers derút dy't yn myn eagen net sa direkt kommunikatyf binne as de niisneamde, dan hâld ik 13 teksten oer. Guods derfan soe men faeks byinoar nimme kinne, bgl. Megen (N.B.) en Elmelunde, of de ‘horoskopyske’ teksten Wetterman en Capricorn, mar fan rubrykmeitsjen sjoch ik ôf. Op it stuit giet myn ynteresse mear de technyske kant út. De foarm fan alle teksten yn it boekje is frij, mei spoaren fan strofyske hou. Se ha allegearre in sletten struktuer: se binne ‘út’ mei de lêste rigel, dy't dan ek, al of net mei help fan de foarôfgeande, meast tige dúdlik in útsetter is. | |
[pagina 373]
| |
Men kin fan dit wurk net sizze: - in deze poëzie geen ademhaling. Wol is it ritme tige frij en faken ientoanich en slop. It himerich stjittende docht my tinken oan in hin, dy't it aei net kwyt kin. Lyk as de hjirfoar neamde konstruksjes sjoch ik dit yn it ramt fan de dichter syn bisykjen distânsje fan de deistige wize fan praten to nimmen. It falt yn de marge tusken algemien en literair taelgebrûk. Tige literair en retoarysk wurdt it bitiden: - to lang ha wy wenne
yn de klim fan it twastreamelân
om de ûntheistering duldzje to kinnen
fan de kaveljende skjirre yn in freonehân
ek dit biwâld hat syn tuorren boud
foar de frommen en de finzenen
de roppenen en de rokkeleazen -
mar de sprakeleazen steltrinne
boppe it sjitlead fan wissichheden
troch it wek yn de hoarizon. (bls. 10/11)
Hwa hie it nou 't earst oer ‘steltrinnen’? Oer it wurdgebrûk wie noch wol mear to sizzen. Opfallend is it ûngewoane brûken fan in adverbium as attributyf adjektyf: it binnenmûls bidjer; dit opskipe lân. Ek ûngewoane kombinaesjes as: de einichste muzyk, de eigenoanrette tiid. Néologismen as: priisdier, teeldier, wachthout dogge sterk tinken oan de hollânske schrik-, kijk- en oare dieren, fan al hast wer 20 jier lyn. Ek rigels as: - In tin mes fan haet yn 'e kiel
slypje hoannen har moarnsbea
yn útoarden fan it paradys
it tilt oer dit bûchsum doarp
in wyt hiem fan forjilding
tusken de knarsbientûken
god, jow ús út en troch hwat oarloch
lytse bange legers
dy't yn de wylde stêdden woedzje
it fleis brânskatte oant it sied... (bls. 12)
of:
- Hoeden plakt de nacht
de dagen ticht
mei printkladden fan latynske hymnen... (bls. 13)
ek:
- en wy dy't (.....)
in boartlik geskut
boud hawwe yn kristallen winters... (bls. 16)
| |
[pagina 374]
| |
ûntbrekt net yn bgl. dit stealtsje fertikael knipwurk: kom
litte wy
to silen gean
op 'e gregoriaenske sang
dy't fredich
oer de tekken weaget
ensfh. (bls. 23)
Popma makket frijhwat gebrûk fan rym, yn de foarm fan stêf- en klinkerrym: - geef wol is men keard
út dit gea sûnder gewin... (bls. 7)
- gjin skel forslach út har wjirge kielen
sil bûten de heining heaze, hwant... (bls. 7)
- en leard hat wach to wêzen
yn in liif dat flam slacht... (bls. 8)
- de wite wikseling fan sawnjierske sellen (bls. 10)
Hjir heart fansels ‘it tij fan de waerme wulven’ (bls. 13) ek by en dat kin ús wer op in oar sjapiter bringe. It falt op hoe faek Leo Popma in wurdgroep brûkt, dy't bistiet út in (meast) konkreet substantyf, it wurd ‘fan’, en in (meast) abstrakt substantyf. Foarbyld: in mes fan haet (bls. 12). Sa't Popma se bûkt binne it allegearre spesifyk literaire kombinaesjes: in hiem fan forjilding; de kelders fan forbittering; koepels fan iensumheit; stegers fan sliep; de limoer fan forbittering; de blommen fan har bea; de pij fan hope, ensfh. Fan dy ‘limoer’ (= uterus, as ik my net forsin) útgeande, soe ik ek noch wize wolle op it steatlike taelgebrûk. Sa lêst men direkt op de earste bledside (bls. 7) dit stikje jongfrysk: - omgongen hawwe pleats yn folsleine stilte
nei alle wierskyn sil men nearne
in waerm lichem groeijen sjen.
Ek:
- troch slûge parken
dy't by it earste kriezjen
tel de spegels slute (bls. 20)
Bledside 21 leveret in ‘ûnkrûkbere weitser’ op (moat dat net weitsjer wêze?) en 22 ‘daemstege tsjinners’. De ‘hûkearzjende novyt’ (bls. 37) | |
[pagina 375]
| |
bringe my hollânske fersen sa om '60 hinne yn 't sin, dy't sels sêfte echo's liken fan de poëzij fan binammen Hans Lodeizen. Hwat wémoedich, hwat sêftsedich, hwat heal. In tekst as Op reis (bls. 27/28) mei dialooch dertusken troch: - ik moat nei Grossetto, Jo kinne mei - (it waer ensfh.) -
hjir wennet myn broer - dit strânhotel - hy sammelet
etruskysk ierdewurk - (de idioat) - en Jo? op reis?
de hoer op, de rivieren del?, hwat tinkt Jo fan ús lân?
docht oan T.S. Eliot tinken. My tominsten. Op de oanhelle rigels folgje dan noch sa'n 20 koarte, dy't in foarbyld binne fan it niisneamde fertikale knipwurk.
Leo Popma komt yn dit boekje nei foaren as in frij flotte teksteskriuwer, binammen as er hwat impressionistyske stikjes makket oer in mimespiler of in ballet. Hy hat in sin by it eksoatyske, is ek yn oare opsichten romantysk, bgl. as er bisiket wei to krûpen efter pseudo-hermetyske teksten. Syn tael is frijhwat stiif, bytiden de steatlike kant neist. Hy brûkt klisjé-eftige fêste loopkes en nijfoarmingen. Syn ritme is frij slop. Hy brûkt graech alliteraesje. Hy docht tinken oan hollânske dichters fan om '60 hinne: de frij weake réaksje tsjin de 50-ers, dy't men sjen kin yn it forlingde fan 'e poëzij fan Lodeizen. |
|