metafysyske ballêst, dêr't er sels yn liket to forslaen. In duorjende préokkupaesje mei de poëzy-en-hwat-dat-ynhat bringt ek al gjin útkomst. Al dat bisykjen om oan to tsjutten hwat it bigryp poëzy alsa ynhâlde kin, al dy forklearringen fan: dit is in gedicht-sus en dit is in gedicht-sa, wize allinne mar dúdliker op syn eigen twivel. As er it ris kalmoan docht, dat forflokte Vreemde Woordentolkje (dêr't er him nochris yn forslokt!) gewurde lit en oergiet ta de oarder fan syn eigen poëtyske dei, wit er noch it meast to oertsjûgjen. Yn in fers as Apokalyps (bls. 10), om in inkeld foarbyld to neamen, dêr't yndied de himel swart is út himsels en net foar de poëtyske sjeu sabeare-swart optarre. It is lykwols tomin foar in hiele (tredde) bundel.
De fersen dy't, neffens syn flaptekst, Van der Ploeg grinzgje litte wol ‘oan it kabaretlietsje mei in bitend synisme’, sille dan De wrâld is blyn (bls. 17), Dit is in inketswart gedicht (bls. 19), De iene is de oare net (bls. 22), De trein fan 23.50 mei de hammerkes mei bidoeld wêze en faeks noch in pear. Hja fortoane stik foar stik, njonken in mennich rake rigels, mar sûnder folle pointe, yndied foarbylden fan rymtwang dêr't it bettere kabaretlietsje ek net altyd sûnder blykt to kinnen.
De tradysje, ek gelegenheitswurk (dy earme, earme Bonifaes) to bundeljen, fynt yn Durk van der Ploeg in fleurich fuortsetter. Fan setten sprutsen: typografysk sjocht it boekje (útjown by A.J. Osinga N.V. yn Boalsert as nr. 110 fan De Fryske Bibleteek) der treflik út. Fan in fakman as Van der Ploeg, dy't sels de oanwizingen dêrfoar joech en it omslach ek makke hat, soe men ek net oars forwachtsje. As boekforsoarger kin er yn Fryslân treflike dingen dwaen. Wichtiger binne - sil Durk van der Ploeg net as de dichtsjende typograef to boek stean bliuwe - mooglike forwachtings oangeande in poëtyske fornijing en ûntjowing fan dit talint. Dy haw ik inkeld as er Wurdboek en Skriuwbureau ris in hiel skoft stikem yn har wêzen lit en sels ris in fikse kuijer makket, om my by Dokkum om. Faeks sjocht er dêr de blauwe, etheryske loften dêr't er as dichter foar berne is. Komt der alris in wolk foar de sinne dan moat er mar even tiid dwaen: it driuwt wol oer. Allinne as 't net mear út to hâlden is, sá moai of sá njûr, soed er bisykje moatte om it ús dúdlik to meitsjen.