De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 365]
| |
By neijer ynsjenIkke
myn eigen lytse ikje
bin mysels it neist
neijer as dyn douke
jou joke
syn hijke
har sijke
al is myn ikke
mar in lief lyts
ikje
dy't himsels boppe de
holle driget
to groeijen ta
in machtige
IKKE
| |
[pagina 366]
| |
Offeart nei it hjirneimelsIk sjit hjir gjin woartel
hieltyd forplantsje
ik mysels
yn oare groun
As ik dea bin
sil ik my siedzje
litte
Der komt in nije ierde
dêr't ik yn myn kiste
hinne far
de folle hôven
tsien lagen
generaesjes lang
as beammen yn in
rivier
Theologysk
fuortplante mei
wissichheden
de kiste fan fjurren
giet nei de bliksum
in stien bihindert
de opstanning
net
It leauwe
in duorjende garânsje
it leauwe
fan witikhwat
is it
ûnbisteanbere fan it
momint.
| |
[pagina 367]
| |
Gule mei de wolvenMoarns ros ik my
de rouwen fan 'e hûd
rin oer de sé
weagjend as in hûdfol steden.
De freonen farre my
nei de iensumheit
en litte my efter
yn it bosk dêr't
de wolven gûle
Ik woe dat it snijde
De beammen fortakje har
springerich mei skraskes
de tekening spant in netwurk
boppe my
de stammen binne
driigjende mannen
dy't de rounte slute
Nachts gûle de wolven wer
se slikje myn stigen
en rosse my de rouwen
fan 'e hûd.
| |
Boppe greate wielenAs ik de moanne
fol en roun
boppe de mar sjoch
in glimmend spoar omheech
1980 in wensté
boppe de séen fan
stilte
in nije religy
| |
[pagina 368]
| |
Humaen/humorIn gedicht oer
de eangst leafde iensumheit
it binne ús tokoartkommings
ús problematyske poézij is sa
eksistinsieel sa hertforskuorrend
humaen dat wy net iens boartsje kinne
lit stean in gedicht skriuwe
oer jazz
Ik bin to earnstich
to bang foar de tael
de mollen rilje ûnder de groun
lâns nei greate gehoargongen
Fûgels floitsje de beammen fol
mar in gedicht mei in
trochslach op 'e machine
bygelyks
in gedicht oer
de eangst leafde iensumheit
it binne ús tokoartkommings.
|
|