‘Mar ús gemeente tinnet stadichoan út. Nou al kinne wy it nachtmiel net faker hâlde as ienkear yn 't jier.’
‘De Skrift is dêr dúdlikernôch oer,’ woe Det hawwe.
‘Ja, dat seit Det wol, dúdlik, mar de Bibel is yn in oare tiid skreaun, en... Nou ja, koart en goed: of wy moatte ek fammen tastean by it nachtmiel, of wy moatte ta it âldebôllebiten forfalle lykas de griffemearden en sokken.’
‘Fui, fui,’ sei Sjirk, ‘dat mei God forhoedzje.’
‘Jawol! Mar wy sille God ek net yn 'e wei stean moatte. As it Gods bidoeling is dat wy fammen deselde rjochten jowe as...’
‘Ik leau der neat fan dat dat Gods bidoeling is,’ ûnderbriek Det him.
‘Wy kinne ús better oan Syn wurd hâlde, dàt freget Hy fan ús.’
Syn eigen fammen wiene troud, en nou't er noch ien jonge thús hie, dy neikommeling, Ale, nou woe er ynienen fammen de tagong jaen. Hja tocht oan har beide famkes fan fiif en trije. Né, dy net!
‘Jawol, dat seit Detsje wol, mar... eh...’
‘Ik leau, Watse hie wol sin oan in stikje frouljusbil.’
‘Sjirk!’ Hja dúste him yn 'e ribben.
Har famkes! God hie se tanke dat it famkes wienen, en nou't se wer yn forwachting wie hie se leaver in miskream as in jonge. Wie har leauwe dan sa lyts? Wie dit har neifolgjen fan Kristus? De triennen kamen har yn 'e eagen wylst de mannen noch neinokkeren. Moast se net alles foar God oerhawwe?
Se rounen it terrein fan it âld fabryk oan 'e ein fan 'e strjitte op. Túch woeks heech op heappen pún. Yn ien fan 'e wurkrûmten wiene in preekstoel en banken timmere en de gemeenteleden hienen de muorren opkreaze. It wie har Godshûs, al ryklik fiifentweintich jier nou wer.
Hja skouden de banken yn, de manlju rjochts, de froulju lofts fan it mulpaed. Foare, njonken de stoel, spile Rinsema op it harmonium. De rigen stuollen foar de banken wienen opsteapele en lofts stie in tafel mei in skael en in beker.
It harmonium spile sêft psalm 150. Manlju sprieken noch in inkeld wurd tsjininoar en sloegen de Bibel op, dêr hwer't de tekst op it buordtsje nei forwiisde. De froulju hellen bûsdoek en psalmboek út it taske en knikten en glimken fansiden.
Doe kamen se deryn. Alderling Jansma, de foargonger, en dan Hinne, yn it lange, wite kleed, en dêrefter de oare âlderlingen en de diakens. De foargonger gyng de stoel op, de âlderlingen en diakens gyngen nei