De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 385]
| |
Barthle LavermanGa naar voetnoot*)/20.8.67‘Sille wy it dan sa mar dwaen, omke?’ Sêft flústere se it yn myn ear. ‘Ja mar, nou omke?!’ ‘Fordom dû!!’ ‘Eh, âld man, spat net sa op, 't is de muoite!’ Noartsk roun se de seal út. Ik wie wer allinnich yn it greate, wite bêd, klear om dea to gean.
Dy nachts wie it safier. De oare moarns foun de haedsuster myn lyk. ‘Dy forfelende âldman fan keamer 25 is ek dea’, sei hja tsjin de suster dy't my elke moarn tusken de skonken waskje woe. ‘De famylje sil wol bliid wêze, hy hie nochal hwat oersparre, leau 'k.’ Se kamen mei in skjirre en knipten my it hier, klaeiden my út, flybken my yn 't gesicht en gnysken om myn neakenens. Ik waerd yn in kiste lein en doe wiene der allegearre minsken dy't nei my seagen. Hja rounen yn in kring en kamen hieltiten werom om yn 'e kiste to sjen en bifielden my. ‘Né, dat is net earlik. Ik bin in soan fan de âldman, ik ha mear rjochten as dy!’ ‘Forrek dû! Dy tsjettel is wol fyftich goune wurdich en dat giet fan dyn part ôf!’ ‘Freark krijt dy tsjettel net. Us Sjoerdtsje sil meikoarten trouwe en pake hat him har tasein.’ ‘Omke hat juster noch tsjin my sein dat ik de tsjettel ha mocht en it gouden earizer.’ ‘It dondert my neat hwat dat âld kring jus...’
Op 'e tsjerketoer sit ik it fordomliet to sjongen. Ik fordom myn jild dêr't hja om tsiere. Ik siong it heechste liet. Ik bin de âldman dy't yn 'e kiste leit en dy't hja moarn yn 'e groun stopje sille. Ik rin troch it doarp. It is joun. Ik sjoch troch de ruten. Greate eagen nei | |
[pagina 386]
| |
de tillevisy. Ik skop tsjin de doarren, ik flok en ik raes. Yn myn hûs wurdt fochten en ik sjong, ik sjong! Trije kear om 'e tsjerke, tritich gatten yn 'e holle. Dan sette se my del en mei earnstige gesichten komt de swarte keppel om my hinne to stean. Lytse Sybren laket, mar hy is noch in bern. De dûmny bidt - dat de fûgels him op 'e kop skite meije! De froulju gûle om't de buorlju stean to sjen. Ik gnyskje út myn deade eagen. Myn jild sil harren fordomme! ‘Moat er ek in stien ha?’ ‘Astû it bitellest!’
Ik sakje. Eagen oer de rânne sjogge my nei. Glimkje. Ik sakje. Dan fal ik troch it gat en ik skatterje it út en ik spui jild omheech. Hja springe my nei. ‘De duvel, hy hat noch jild!’ Hja springe my nei, falle yn myn grêf! Dan nimt de deagraver syn lep en docht hwer't er foar bitelle wurdt. Ik sjong myn liet en fal, fal. Ik bin lokkich, nou. |
|