Op it harspit
Heil Johnson!
Twa, trije eksimplaren fan in deiblêd folsteane om jin de mentaliteit fan ús machtichmoai wrâldtsje dúdlik to meitsjen. Twa jonges dy't in bom pleatsten by it Van Heutz-monumint hawwe in jier krigen. Dat seit himsels: moardners mei regearingsopdracht binne earbere minsken. Nei in jier sel sille dy jonges ek wol ta dy konklúzje kommen wêze, moat men hoopje, en oars moat de swipe marris oer sokke destruktive eleminten. It monumint fan in massa-moardner opblaze, jezus, it kin ek net raerder soe men sizze. Of it moast wêze it misledigjen fan mei Luns en frou Luns bifreone steatshaden, hwat ek oan 'e oarder fan 'e dei is. En Luns krijt it mar op syn brea - dy man hat it net maklik, dat wik ik jo. En nou woenen se ek noch hawwe Luns soe syn Amerikaenske freonen it mannewaer opsizze. Mar Luns forpofte it - gelyk hie er. De bikende kombinaesje fan kristendom en kaptael (KVP, ARP, CHU en VVD) sei ek: it hoecht net, hear Luns! Nou ja, se seinen it hwat bihypliker, hwant se woenen ek wer gjin lijen mei de PvdA en D'66. De foarnaemste opdracht fan ús regearders is nammers inoar sa min mooglik op it sear to kommen. Wy moatte altyd oer en wer it maksimum oan bigryp opbringe. Dat sei Berkhouwer ek: wy moatte bigryp hawwe foar de Amerikanen. Hwat dy minsken dêr net dogge yn Noard-Vietnam! Dat gratis krematoarium dêrre slynt tonnen napalm en soms keert ien fan 'e stokers net werom nei Gods own country, en hwat in leed is der dan yn sa'n húshâlding! Och ja, dat komt dy Vietcongs binne sa stom, dy wolle net libben kremearre wurde en dy bigjinne to sjitten. Ofgryslik flau, jawis, mar wy moatte net to hurd oardielje, wy moatte ek bigryp hawwe foar de Vietcongs: dy minsken witte net hwat demokraty is. En wy moatte ús fijannen ek leafhawwe, en dat dogge wy fansels ek, as se earst mar dea binne. Hwant dat bliuwt by alle diskusje it iennige doel dat wy nea út it each forlieze meije: alle
Congs moatte útrikke en opstookt wurde. Hjirta hat God ús yn 'e wrâld steld, en elk dy't hwat forstân yn 'e kop hat moat ynsjen dat dit in nobel ûndernimmen is. En dy't it net sjocht dy is stom en moat him stilhâlde. Nammers it soe forbean wurde moatte dat elkenien samar oer polityk meipraet. Polityk is in saek fan eksperts, in yngewikkeld bidriuw dêr't de gewoane man gjin meisizzenskip yn hawwe kin. Oan it geëamel oer moréle wearden, rjochten fan 'e minsk ensafuorthinne kin men trouwens al merkbite hoe ûnnoazel de man yn 'e strjitte praet. Noordmans hat it (LC, 25 aug. '67) nochris dúdlik sein: Wy moatte eerst oan ússels tinke. Yn 't twadde plak kinne wy nochris moréle oerwegingen jilde litte - mar foar de goede forsteander: allinne as ús dat yn 'e kream topas komt. Dat is réalistyske polityk! Dat is tael dy't ús Amerikaenske freonen sa graech hearre wolle. En foar ús freonen moatte wy alles oerhawwe, ek ús moréle wearden. Heil Johnson!
TR. RIEMERSMA