hat it dêr wol oan by Riemersma, liket my ta.
Kwa struktuer hat de skriuwer himsels goed yn 'e stokken hâlden oant likernôch haedstik tsien, mar dêrnei sil de oandachtige lêzer him wolris de kop klauwe en him ôffreegje oft dit der nou sa op troch kin. Faeks bin it accidentalia, mar ik wol dochs in pear by my opkommen twivels sinjalearje.
Hwerom moat dokter De Beer lige yn sa'n wichtige saek? Om Hindrik? It wol my net oan. Hwerom liicht Hindrik, dy't Hellema net hoecht to meijen? Omt de rechercheurs him dochs net leauwe soenen? Hellema wurdt dochs al ryklik let fortocht, hwant earst op pag. 123 tinkt Bokma oan him as moardner en dan is it noch in forrassing, wylst dy doarpspolysje de iene stomme streek nei de oare úthellet en wichtige oanwizings forswijt. Soks kin men net bidobje ûnder it forlechje fan 'e rechercheurs, dat Hellema wol oergunstich op har wêze sil, alteast net as it om in moard giet.
Ek it motyf foar de moard is hwat maklik foun: de man is geastessiik en dus by steat ta in lustmoard. Sa binne der noch in stikmannich fine puntsjes, mar hawar, mei hwat goede wil kin men dizze twivels noch oerwinne.
De waensinnige telefonist oertsjûget my lykwols alhiel net. Dizze anonymus blykt Hellema to wêzen: 't is dochs oannimlik dat hy Bokma's nûmer wit en hy hoecht wier net alle Ljouwerter Bokma's to skiljen dy't meastentiids ek noch har birop efter de namme to stean hawwe. It is my in riedsel hwerom't sels froulju skille binne. Boppedat is 008 der ek noch, by nacht en by dei to birikken.
It greatste strukturéle biswier haw ik tsjin it Leitmotiv dat de moardner weromkomt op it plak fan 'e misdie. ‘Tusken alven en tolven is it syn tiid’, seit Bokma (pag. 122). Jawis, en dan mar mantsjes útsette en it wurdt in spultsje fan pak-'m-plysje!
Dochs hat men fan al dizze dingen net folle argewaesje by it lêzen, hwant mei nocht giet men hyltiten wer fierder yn dizze detective, omdat it forhael spannend is. As men it boek útlêzen hat, lit men de tinzen der nochris oer gean en dan komt de fraech: hokfoar minsken ha nou yn dit drama in rol spile? Dan docht bliken, dat men fan 'e minsken net folle gewaer wurden is: de rechercheurs binne in pear amtners dy't har wurk dogge, mear net; Van Dyk, Sybrandy, Teakema en sels Hellema binne allinnich nammen bleaun. De iennige persoan dy't in kâns hie om út to waeksen ta in ynteressante figuer wie Rogers, mar dy ynvalide skeanskermer komt eins ek net hielendal út 'e ferve. It hat grif Riemersma's doel net west in hard-boiled-story to skriuwen: hy woe der ek in psychologysk kleurke oan jaen: ‘Hellema wie net de wiere skuldige. De man wie siik. Ien fan 'e beide echte skuldigen wurdt forpopke yn 't sikenhûs en de oare wol fan gjin skuld witte en bigraeft moarn as in leafhawwende heit syn dochter.’ Ja, mar dan hie ik wol hwat witte wollen fan Van Dyk, Rogers en Hellema, hwant krekt de karaktertekening makket fan in detective in skiednis fan libbene minsken. Hwat dat oanbilanget soe Riemersma in soad leare kinne fan Simenon, hoewol't de prommejenever, it bier en de piip fan Maigret jin ek wolris de kiel úthingje. As de karakters goed sketst binne komt men earst ta in psychologysk forantwurde detective, dy't men yn Frankryk net om 'e nocht ‘roman policier’ neemt.
Hawar, Riemersma hat in aerdich, flot lêsber boek skreaun, dat lykwols gjin literaire pretinsje hat, mar lêsboeken moatte der ek wêze. Wol de skriuwer nochris oer in detective gear, dan soe ik him hwat stúdzje oer it genre oanriede, hwant prof. Van der Leeuw, Jacques den Haan en Ab Visser ha dêr nijsgjirrige dingen oer skreaun hwer't in débutant in soad oan hawwe kin, al is dizze rie fansels hwat skoalmastereftich.
Ik hoopje lykwols, dat Riemersma mei gauwens wer hwat oars by de útjower bringt, hwant foar dit soarte fan amusemintslektuer hat dizze skriuwer fierstentofolle literaire kwaliteiten.
JAN J. BYLSMA