| |
| |
| |
Leo Popma / Floris Osten en it widnerskip
Siz noait, letter, hwannear't it ris oer him to praet komt, dat Floris Osten in douwemelker wie. Dat wied er wol, nochteren bisjoen, mar it rekket de kearn net. En moai gau dat immen tinkt, dy't mei de hiele histoarje net op 'e hichte is, nou ja, in douwemelker. En as it jin al slagget, dan sil men yn alle gefallen gâns writen dwaen moatte om dy oare der fan to oertsjûgjen, dat de lytsachtsjende toan yn jins stim en it oan 'e skouders lûken by it praet oer Floris Osten, in optinksel fan himsels is.
- Né man, hoe komme jo der by, hwa hat hjir in ûngunstich wurd oer him sein? It binne de feiten. Hy hâldde douwen, sa't jo wolle, in douwemelker, mar...
- Nou dan bin wy der ommers. Dêr sizze jo it sels. En lit it dan wêze dat ik dêr tofolle achter socht ha, in tipelsinnich man wied er sûnder mis. Dat kinne jo slim mear ûntstride, nei alles hwat der oer him sein is.
- Hy hie syn eigenaerdichheden, grif. Mar fordomme-noch-oan-ta, dit giet my to fier. Al is 't noch sa, mar ear't ik Floris Osten leechlizze soe. In drama, man, in drama wie it winlik.
Dat wurd kin men dêrom mar better mije.
Foar ús, dy't him koene, ropt it daelk it oantinken op oan ien dy't jierrenlang by ús op it streekje wenne. Mar foar de bûtenwacht hat it al gau hwat bispotliks. Dan wurdt sa't ien as Floris Osten in sûnderling dy't mei douwen ompielt, dy't yn 'e maetskippij fan gjin bitsjutting is, dy't it njonkenlytsen bigjint to malen en him nuvere dingen yn 'e kop hellet. Siz dus mar leaver dat er douwen hâldde. En dat er dêr frijhwat nocht oan hie. Hwant dat stiet net yn 'e kiif, syn fûgels wiene syn wille en tier. Mear faeks as syn frou, of hwat of hwa ek?
Elk moat sines der mar fan tinke. Mar al hwat der grute wêze mei yn dy tiid, doe't gjinien fan ús in forklearring jaen koe foar hwat der tusken dy twa foarfoel, efternei die wol bliken, hoe biroerd hy dêrûnder wie. Doe bistie der yndied oars net as syn douwen. Mar doe miende elk wol to witten hwat der dêr mei foar hie. En dochs lei it yn 'e reden, yn it earstoan, om it mar op dy fûgels to skouwen. Hwant hwat moat men der oars mei? Floris Osten en Nada van Tuyn, let noch troud, sljocht op elkoar, en togearre yn in húske, as wie it foar har makke.
En hwat wiene hja tofreden en gelokkich en freonlik ek, foar elk dy't
| |
| |
op har wei kaem. Oft hja togearre wiene, of dat men ien fan beide allinne tsjinkaem, aloan wiene hja aerdich en ynnimlik en bigien mei it goed en tsjoed fan dyjingen dy't mei har de buert bifolken.
Miskien wie der hwat eigenaerdichs yn har foarkommen, eat dat him net rjochts omskriuwe lit, in soarte fan efterhâldenheit en koartens, as it der op oankaem, dy't wierskynlik weromgie op 'e lange jierren dy't hja mei harsels allinne trochbrocht hiene. Mar dêrtsjinoer wie har meilibjen sûnder fortoan en lûdroftigens, en fan in deeglikens en bitrouberheit, dy't de tekens fan iensumens en ûnderfining yn har droegen.
Men seach har to kuijerjen gean, jouns, nei it wurk, as it waer en it ljocht in myldens krige hiene, dy't hielendal by har like to passen. Sij, dy't stean bleau en nei it ien of oar wiisde en frege, en hy, nei har tabûgd, dy't útlei en har fierder laette.
Of men koe har binnendoar formoedzje, yn 'e lytse eptige went mei de fleurich ferve gevel, yn wyt en grien en in streekje read hjir en dêr; mei it lege doarke en de âldfrinzige lûken, dy't alle jounen by it skimerjen troch Floris Osten sletten waerden.
Mar foar't it safier wie, koe men him grif noch achter hûs oantreffe. Yn it tún, dat mei hege sketten ôffrede wie en dêr't de douwehokken stiene. Lytse paleizen - himmel en kreas yn 'e ferve, mei op it earste each in net to neamen tal yn- en útgongen, saeibuordtsjes, ruten, luchtfinsters en kajuten - dy't troch in gerûsleas sânpaed meielkoar yn forbining stiene.
Dat wie it domein fan Floris Osten, dêr't er alle frije tiid yn forkearde en dêr't er faken út weilokke wurde moast troch syn frou, dy't men geduldich oan 'e achterdoar roppen hearde: Flo-or, Floor. En pas as men de tik tsjin de skoattels heard hie, wie men der wis fan dat der in ein kommen wie oan it lokfluitsjen, it rammeljen mei foerbussen en it binnenmûlsk gemompel dêr't Floris Osten syn bistkes mei oanhelle. In frjemd stel minsken? Och, hwat sil men der fan sizze. Elk hie syn eigen wize fan libjen. Folle wie oan it patroan net mear to foroarjen. Mar foarsafier't dat nei to kommen wie, hiene hja har dochs sa goed mooglik opinoar ynsteld, en koe men der foar har mar bliid om wêze dat se elkoarren, sa let noch, foun hiene. Mar bern kamen der net mear, en de jierren troch wiene hja op elkoarren oanwiisd. Twa, trije jier heechút, doe wie it ynienen dien.
Men kin der net oer oardielje. It wie spitich, dat is it iennige dat men der fan sizze kin. Foar beide miskien. Yn elk gefal foar Floris Osten
| |
| |
wol. Dêr koene wy it oan fornimme, omt er op it streekje wenjen bleau. En foar Nada van Tuyn? Grif itselde, as men jin alteast to binnen bringt hoe tofreden hja de foroaring yn har libben ûndergien like to hawwen. Mar it is mei de leafde as mei it douwespul: de fûgel giet de koer yn en efternei docht pas bliken dat de ôfstân to great wie. Elk is bret op syn eigen tille en hâldt syn eigenaerdichheden dêrfan oer.
Nêstjeije wie der net mear by, dat is al sein, dêrfoar wiene hja to âld. Allinne it widnerskip joech miskien noch kânsen. It is in spul út ûnmacht, tajown, in tsjinnatuerlike taktyk, mar it forriedt de ynset, de wanhopich goede wille, de swakte, dy't alles op alles set, en dêr't in soad, sa alles net, troch forjown wurde kin.
Nada van Tuyn wie fortrokken. De lûken bleaune ticht, gjin fan beide waerd in teken fan fornommen. Oant Floris Osten nei dagen wer foar it ljocht kaem, bleek en ûnforsoarge, en in bytsje heas doe't er fortelle soe. It wie net to leauwen. Mar hy hâldde oan, fan ús ôfkeard langer, mei inkeld in ûnforsteanber, piperich lûd en machteleaze gebearten fan earms en skouders. Moast men him treastgje? Domme dingen sizze, alles noch slimmer meitsje? Men kin hwat freonliker foar him wêze, dy't sels freonlik en attint bliuwt, mar tonei noch efterhâldener en skoftich syn wegen giet, en sels mei alles allinne klear sjen moat to kommen.
Moannenlang duorre de ûntreddening. Stadichoan kaem er wer op 'e gleed. Ut en troch fortoande Floris Osten him werris bûtendoar. Mar faker as ea forkearde er achter hûs.
Moarns bitiid wiisden de earste tekens dêr al op, as de douwen yn ien tichte swarm fan de hokken ôfsetten. Amper hie men tofoaren hwat hearre kind achter de sketten; in sêft slykjen oer it sânpaed, it skouwen fan in waerle en in licht tingeljen fan de metalen twingers. Dan briek ûnforwacht it driftich tripkjen los fan de fûgels dy't út 'e saeigatten strûsden, klepperjend oer de ôffredingen fan it tún, dûkeljend en romte sykjend om op hichte to kommen.
Trije hokken achterinoar, mei itselde rumoer, elk nei in oare wynrjochting, oant nei likernôch tsien minuten de keppels elkoar foun hiene en yn ien machtige flecht har sirkels om 'e basis loeken.
Mar achter it sket foroare noch net folle. It bleau in evenredich geskaei by de hokken om, dy't wierre en himmele waerden en fan farsk wetter forsjoen.
Pas nei in goed healûre, as de bisten har rounten al aerdich ynkoarte hiene en it der hieltyd wer op like hie dat de mannichte delstrike soe,
| |
| |
mar op it lêste momint dochs wer trochset hie, kaem it foargoed los yn it tún fan Floris Osten.
Tagelyk klonken it lokfluitsjen en it rammeljen fan 'e foerbak oer it streekje. De douwen swonken, birekkenen har baen en saeiden yn skiften del op 'e nael fan it hûs of fuortdaelk op 'e hokken.
As it safier wie, foroare der hwat yn it fluitsjen fan Floris Osten. Hie it earder fan in lûd en ynkringend roppen, hwannear't de fûgels ienkear skoftich, mei skeane kopkes rounom sieten, saksearre it ta in gerêststellend lokjen, kleijend suver en as woed er har omprate. It forheftich hossen fan de weetkerrels yn it blik wie dan ek dien en langer hearde men noch it struijen fan it foer yn 'e hokken.
Hongerich jachten de douwen dan troch de twingers en yn in omsjoch wie it hiele folk wer binnendoar, pikkend en koerend, wylst de baes har guodlik taspriek en delbêdde.
De hiele dei rumoeren de fûgels fierders om, oant jouns de twadde flecht bigoun, hwermei't it spul opnij út ein sette. Allinne oan 'e ein fan 'e wike foroare der hwat. De deistige oarder bleau wol bistean, mar út allerhanne lytse dingen koe men in bipaelde spanning ôfliede, dy't der op wiisde dat der hwat op til wie. De flechten waerden koarter, de keppels lytser, net alle hokken giene mear iepen. Dan hie Floris Osten syn karploech gearstald en trainde er syn favoriten foar de kommende bounsflechten. Hwant dy't wier niget hiene oan syn douwespul soe hy de tagong net wegerje. Dy helle hy yn en troaide er mei, de hokken bylâns en dy liet er daelk net wer gean. Men waerd ynwijd yn 'e geheimen fan syn kweek, de plannen foar it kommende seisoen, de taktyk fan syn spul. Greatsk toande er de sterken fan syn stam en neamde fan elk wiidweidich de fortsjinsten.
Wy koene se op it lêst. It Jaekje, mei sawn prizen op tolve ynkuorringen, de Goare, in inter dy't mei tweintich minuten woun hie fan Bourgalème ôf, de hite Pilekaen, dy't elk twa jier forlyn al ôfskreaun hie doe't er ynset wie op St. Antin, en nei in orkaen oardel dei to let oankaem, as tredde. En Nada fansels, it douke dêr't er it wiist mei wie. Hwant stamjend út 'e tiid dat syn frou noch by him wenne, en nei har forneamd, hie sûnt bliken dien, dat de doffert dy't er mei Nada keppele, op widnerskip allemachtige prestaesjes levere. Dêr keas er dy simmer syn sterkste dou foar út, de Nero, dy't him al twa seinoenen gewin brocht hie, in doffert dy't foar alle flechten to brûken wie.
It wie gjin optinksel fan ús, dat waerd letter wol dûdlik, doe't wy mei
| |
| |
syn gedoch op 'e hichte wiene. Boppedat neamde er de dou ek nea wer oars. Dêr die ek wol bliken út, dat er altyd noch mei de gedachten oan syn frou tangele siet.
Hwant hoewol't de Nero ûnder dy namme to boek stie, mei ringnûmer en al, neamde Floris Osten him fuortoan de Floor. De Floor hied er syn hope op set. Dy moast en soe him ta it kampioenskip bringe. Dêr hied er in douke foar, sa't der nearne yn 'e omkriten ien to finen wie.
En geduldich lei er de knepen fan it widnerskip oan ús út. Hy liet it hok sjen dêr't de dofferts yn tahâldden, driftich en foar de ruten hinne en wer jachtsjend; en de doukes, dy't allinne en forwezen by har nêstpannen omstuiteren en net rjocht fanwegen komme koene.
Ien dei foar de ôfreis, hwannear't de keppels har rounten wer dien hiene, krigen ek de widners even de frijheit. Mar dan hie Floris Osten se wol sa tige op it foer, dat er de fûgels nei in kertierke wer op it hok hie. Dêrnei kaem it koarte wersjen fan de pearkes, in pear minuten mar, om it fjûr der foargoed wer yn to slaen, en dan seach men Osten mei de koer achterop nei it stasjon fytsen foar it ynkuorjen fan syn bistkes. De sneon en snein dy't folgen soe nimmen him steure doare. Net dat er dan min to brûken wie, minlik bleau Floris Osten altyd. Mar omt er him dan net sjen liet en elk wist dat er oars gjin gedachten hie as oer de Floor dy't er opwachtsje moast.
Ier en bitiid stie syn fyts al foar hûs, de doar fan it achterom yn it tsier, en dan wie it fan ús kant wachtsjen op it momint dat de Floor delsaeid wie en Floris Osten as in wyld ta de stege útstoarme, de rubberring tusken syn forwoedene kiezzen, syn fyts griep en weiwaerd nei de douweklok, op it Súd.
Dat fornuvere ús net it meast, dat wiene wy al jierren sa wend as de flechten ienkear geande wiene. Mar wol wie it frjemd dat er dy simmer by alle kampen weroan, mei deselde haest as dêr't er mei fuortset wie, nei hûs weromkaem, syn fyts tsjin 'e gevel nukte en achter hûs fordwoun. Dat er mear douwen op to wachtsjen hie, koe net de reden wêze, hwant fakernôch hied er bisward dat seisoen allinne de Floor op Nada ynsette to sillen. Dy twa wiene de oaren him net weardich, sei er. Men soe noch tinke kinne dat de forsoarging fan syn favoryt him sa hastich werombrocht. Mar sa mâl hoegde dat ek net. It jongste wie der ek al ôf, hy moast him leaver hwat mije. Alhiel yn ein wied er. Nei de siken gapjend en dôf foar elk dy't him yn goedens riede woe, strompele Floris Osten ta de doar yn.
| |
| |
Grif dat er de fûgels dy't fan 'e flecht weromkamen tige forsoarge. Dêr hied er alles oer forteld. Net sadré't it dier binnen wie, waerd it fuorre en by it douke set, boarne mei huningwetter en folle net genôch.
Mar it woe ús net oan dat er him dêrom sa haeste, ek nei't er de ring al yn 'e klok hie.
Sels repte er dêr net fan, wy lieten him yn syn wêzen en harken as er syn birekkeningen al ris oan ús trochjoech. Ek oer de oare keppels soed er net neilitte alle bisûnderheden mei to dielen: hokker douwen yn it fjild bleaun wiene troch dy forrekte bisproeijingsmiddels, hokker pearkes er op aeijen hie, hwat er takomme jier mei de Blauwe fan doel wie. Mar de Floor wie eins de iennige dêr't er út himsels oer bigoun to praten. Dan waerden ek de biwende saken oer gemiddelde faesje en puntetotael wol eefkes oanroerd, mar hwer't er hieltyd mear op weromkaem, wie it aerd en it hâlden en dragen fan de dou.
Hy frege him ôf hoefier't er gean koe mei de Floor yn 'e widnersteat fleane to litten. It dier wie goed yn foarm, mar soe dat de hiele simmer sa duorje kinne? De dou joech bliken fan in geweldich úthâlden, as it heal koe moast er ek op 'e greatste ôfstannen. Soe him dat slagje, dan wied er oertsjûge fan de krêft fan de fûgel, syn ûnfeilbere formogens om de wei nei it hok werom to finen, en de greatste ôfstân tusken him, Floris Osten, en de ûnbikende fierten to oerbrêgjen. Sûnder eangst om de dou to forspyljen soed er him fleane litte kinne alhwerfandinne hy woe. De fierten soene him net langer binearje, hy soe se bistjûre en elke foaring, elk birjocht soe him achter de hoarizon wei bikend wurde. Hy soe him traine, de Floor, om him syn widdou, it bêste douke dat er hie, fortsjinje to litten. Sij beide soene him de oerwinning bringe en har wjokken útslaen lâns de triedden dy't yn syn hok gearkamen.
Wy hâldden it derop dat de noed foar syn douwen Floris Osten sa hastich by de hokken werombrocht. Hy hie syn sûnderlinge gewoanten, de douwen wiene it iennichste dat er hie.
Dêrom hie gjinien der ek folle acht op slein as er jouns to kuijerjen gie en hommels yn gedachten stean bliuwe koe, in suterich briefke foar it ljocht helle en dat oandachtich aloan wer bistudearre. Meast wiene dat smelle strookjes papier dêr't mar in wurdmannich op stean koe, mar dy't foar him fan greate bitsjutting liken to wêzen.
Ek woe it wol foarkomme dat er rinnendewei in oantekening makke, dy't er dan mei fordrach yn syn binnenbûse opburch.
- Floris nimt syn douwepost troch, spotten sommigen wolris. Mar lilk- | |
| |
aerdich wie dat net bidoeld. En dochs koed er dêr hwat langer hwat mear earnstich op yn gean, as men him ris op dy beuzichheit trappearre.
- It smyt net folle nijs op dit kear, dit koe ik sels wol skreaun ha, trouwens safierhinne hiene wy it ek wol útpraet. Wy moatte op it lêst fierder sjen to kommen. Tinkt jo ek net, dat ik der fierder op ynfreegje moat, wy moatte út 'e rie. Dúdlikheit yn dizze saken is in soad weardich. Wy moatte ússels neat wiismeitsje, alles moat mar sein wurde. Faeks ken ik de reden mar alto goed. It falt net ta it jinsels to bikennen. De Floor moat hurd wêze, ik sil it him planút freegje litte. Ik sil him sûnder omballingen antwurd jaen.
En hy tekene wer hwat op, wylst wy him alles mar tajoegen. Hwat koe men der tsjinyn bringe, sûnder him miskien to krinken?
Rampen folgje elkoar op. Hja komme net allinne. In momint fan twivel of ûnachtsumens, en it is safier. En wylst men noch bisiket safolle mooglik to rêdden, hat men de kop net by itjinge dat him al wer oankundige hat, en fuort bigiet men in twade misset. Hwa't dan de hannen net oeral fan ôf hâldt en foar in momint út it rampgebiet flechtet, rekket der yn bitize en kin him mar klearmeitsje op in wisse ûndergong.
It kampioenskip hie Floris Osten al forbruid, dy snein, doe't wy mei mannemacht, op in aerdige distânsje, op 'e weau stiene om de Floor op it hok delfallen to sjen. Geweldich kaem de fûgel oan. Wy hearden it fluitsjen, even mar, sa hurd moast er it hok yn sketten wêze. Mar al hoe lang wy wachten, Floris Osten kaem net.
Hy forspile syn kâns. Hwat koe him oerkommen wêze? Moasten wy dêr net ris hinne?
Noch stiene wy yn birie foar de steechsdoar - soene wy al, soene wy net? - doe't er ynienen foar ús stie. Forwezen, sûnder to ergerjen dat wy him einliks yn 'e wei stiene, seach er ús oan.
- Dyn douwen binne dy leaver as my, stammere er.
Hy biseach syn hannen, dêr't er de rubberring noch yn hie en in strookje papier, like breed hast as de ring, lykas dêr't wy him sa faek mei dwaende sjoen hiene.
Forbjustere liet er it ús sjen. Alles like er forwachte to hawwen, útsein dit. En fan de oare kant birêstte er der hielendal yn, as hied er it wol witten, as wie him nou bifestige hwat er himsels salang al foarhâlden hie.
- De Floor hat it my oerbrocht, baze er, dyn douwen binne dy leaver as my.
| |
| |
Gjinien dy't sizze doarst dat er de ring noch klokke moast. It wie ek al to let, hy soe gjin kâns mear meitsje.
Wy lieten him gewurde. Hy wie net flechte, hy soe de gefolgen oer him kommen sjen. Of better, oer him wâljen fiele. Hy soe meisleept wurde en machteleas fierder driuwe en earne oanspiele sûnder de wei werom noch ea wer fine to kinnen.
De oarder wie der út fuortoan. Dagenlang seach men gjin dou fan it hok kommen. Oare kearen fleagen se forwyldere út en yn.
It widnerskip fan de sterken miste syn doel. De widdouwen fortoarren of seagen fan har deugden ôf. En dy't syn ein slûpe litten hat en it opnij fêsthâlde wol, sil fan baren ein ôf bigjinne moatte.
Yn de neisimmer sette Floris Osten him nochris wer yn, de Floor, dy't syn douke ûntwend wêze moast en syn krêften al forspile hie.
Hy rêdde it der net ôf, hy kaem net werom. En it wie as die it Floris Osten gjin nij.
- Pas op myn fûgels, sei er. Tink om Nada, it wie myn bêste widdou. Hy hie de doar achter him talutsen. Mei it kofferke yn 'e hân sei er ús goendei. Hy glimke ûntskuldigjend.
- De Floor, jonges, ik moat de Floor weromfine. Ik tocht dat er de sterkste wie. Hy hat forlern. Ik moat him kenne. Ik moat it witte, ik moat witte hwerom.
|
|