De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 330] [p. 330] Sjoerd Spanninga / Aspekten It binne de reine herten dy't God sjogge, wol men ha. Dat rekkenje mar by josels ôf. Men rûkt wol ris hwat, as men gjin houten noas hat. Sommigen ha in troanjemint, oft hja altyd fan harselme wearzgje. Humanisten miene it goed mei it minskdom, mar ik bitwivelje oft hja tsjin de duvel opwoeksen binne. Je moatte om bar yn spegelskrift en spikerskrift skriuwe kinne, neffens de Kabbalisten. Nou, toe dan mar. De iene skildert it bidriuw fan sex en homofilen, de oare sit binaud syn deugden ôf to skilen. Mannichien hinget syn eigen smoargens leafst by in oar op 'e line. De wolkens sjogge hiel hwat fan 'e wrâld. Dêrom skrieme hja sa faek, tink. De measte psychologen ha mar ien tokoart: minskekennis. De teksten dy't de sinneskyn op gerzen en bledden brânt haw ik foar wizer as de wurden fan de learden. Party nammen binne as klokken dy't gounzje út de galmgatten fan de ieuwen. Der tippelje in soad smearlappen yn ús om, mar dizze angelike siel wit de fynste gefoelens sichtber to meitsjen oan de nachtkant fan ús wêzen. De skiednis hat skiere kontoeren, mar bloedreade slachfjilden. Wy hawwe noch it uterlik fan in mins, mar krije al it inerlik fan in robot, dat it wiist net sa min foar de takomst. Vorige Volgende