De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 322]
| |
Anne Wadman / Mystica mei in fraagtekenGa naar voetnoot*)Ypk fan der Fear: Eilân fan de silligen. Laverman N.V., Drachten, 1966, 248 bls. Elk boek fan Ypk fan der Fear is bij alle beswieren dy't men der tsjin ynlizze kin, in geastlike prestaesje fan belang. Gjin kritikus kin der omhinne en stel de greate greep, de moed as men wol, fan har produkten foarop. Moed meskien net sasear om yn in stik skiednis te dûken, boarnen te bestudearjen, problematyk mei in religieuze ûndergroun har oan te eigenjen (dat is allegear mar foarwurk en persoanlike jefte of ynstelling), mar wol moed om in stoffe oan te gean dy't har net maklik priisjowt, dy't populair sein net yn de joeddeiske merk leit nòg psychologys nòg situasioneel, stoffe dêr't jo en ik elkoar net yn weromfyne. Mar dêr is mei-iens ek Ypk fan der Fear har ‘probleem’, lit ús sizze har auteurlike needsituaasje mei oantsjut: te wurkjen yn in spesialistys genre (in religieus beskaat frouwelibben yn histoarys ferbân), dat sa net yn diskredyt stiet dan dochs allerminst geskikt is foar wêzenlike fernijing. De histoaryse roman is yn wêzen de konserfatyve kant it neist. Wat ik de lêste jierren oan foarbylden yn it Nederlâns ander eagen hawn haw, wiist dat wol út. Mij komme, as ik ousjog fan Vestdijk, dy't in gefal apart is, twa auteurs yn it sin, tafallig beide frouwlju: de | |
[pagina 323]
| |
Flaamse Maria Rosseels en de Hollânse Helma Wolf-Catz. Fan de mooglikheden dy't it genre biedt, toane dy twa de útersten. Maria Rosseels nimt de rjochter flank yn trog in foaropset, mei histoaryse fata en data lardearre skiedferhaal mei idéologyse problematyk, dêr't de behannele persoanen, histoarys of net, har yn te skikken hawwe, beantwurdzjend oan in algemien as ‘histoarys’ beskôge stramyn; harren lotgefallen oan elkoar reauwn trog de regulearjende, skiedskriuwende hân fan de auteur. Helma Wolf fertsjintwurdigt de lofter flank trog har regelrjochte konsintraesje op in stik tiidssfear, op 'e dingen, de foarwerpen, de sjenbere en fielbere wrâd, mar ek it ûnsjenbere en ûnfielbere dat yn de dingen meivibrearret, en dêr't de minskefiguren heal-anonym en ûnwittend en dreauwn fan geheimen en riedsels yn rounwaarje, har ûnbewust fan it histoarys kader. Rosseels ûntraffelt en rasionalisearret in stik histoarje en yn dat proses binne de persoanen pionnen dy't hearrig wêze moatte oan en weet hawwe fan har histoaryse situaesje. Wolf skept in stik histoarje, fan binnen út en beskaat fan lûden en bylden en fisioenen en roken, dat plak jowt oan yn ûnwittendheid rountaastende minslike figuren. Rosseels stiet as fertelster en bijneed kommentatrise boppe har stof en diktearret, se wit alles en liedt alles nei in doel. Wolf sit mei har persoanen midden yn de stof, sjocht neat dat dêrbûten is, dat har haadpersoanen net sjen kinne, har wrâd is in sletten wrâd, dèr't skriuwster en lêzer yn finzen bliuwe. It lyket mij ta, dat Ypk fan der Fear tusken dizze beide útersten - myn persoanlike foarkar sil de lêzer dúdlik wêze - in soarte fan middenposysje ynnimt. Wij fyne bij har net in rjochtlynig útstippele skiedferhaal fan de boppe de stof steande, partijkiezende auteur, en ek net de sensuële, hast fisioenaire skiednisbelibbing fan Helma Wolf. It resultaat is, dat wij mei de persoan dêr't it jir om giet, Antoinette Bourignon, net goed klearkomme. Rosseels soe har ta har wiere proporsjes fan hysterica en - excusez du mot - rotwiif werombrocht hawwe. Wolf soe har ferdrinke litten hawwe yn har eigen eksaltaasje (wat implisyte krityk net a priori útslút). Ypk fan der Fear docht gjinien fan beiden. Is dit de trogtrape, fynynleine, ynklauwerige, slûchslimme, frustearre, pathologyse frouw dy't wij yn har fermoedzje (Ypk fan der Fear levert it materiaal, min of mear tsjin 't eigen sin leauw ik: earne moat de figuur fan Bourignon har wat teleursteld hawwe) of is se de súvere, nei in Godsryk op ierde stribjende, de idéale memfiguur útbyldzjende mystica, waans byld allinne ûntsierd wurdt trog inkelde lytsminsklike skeinplakjes, mar dy't rjochtfeardige wurdt trog | |
[pagina 324]
| |
har tsjinst oan God, koartom de figuur dy't sijsels wêze woe of miende te wêzen neffens har geskriften? Ferstean mij goed: Ypk fan der Fear skaft it materiaal foar beide skôgingen. Mar har besykjen om dy beide ta in ienheid op te laden, is mar foar in part slagge. De lêzer kin nei ourin sizze: no wit ik heel wat (subs. alles) oer Antoinette Bourignon, mar hij wit tagelyk dat it yn haadsaak bûtenkant bleauwn is en dat it alderneiste him frjemd bliuwt.
Dit probleem hinget op 'en nauwsten gear mei it prosédé dat de skriuwster keazen hat, en dat (mei rjocht) gjin romte jowt foar eksplisyte krityk op har haadpersoan, mar ek net de mooglikheid skept foar in mear implisyte krityske skôging. It prosédé bliuwt dat fan de ferteller, dy't boppe en bûten syn stof stiet, dy't om sa te sizzen alles wit en alle triedden yn 'e hannen hâdt, mar dy't dat sa min mooglik fernimme lit. Dat prosédé twingt har der ta, de geskriften en iepenbiere útlittingen fan juffer Bourignon te earbiedigjen en yn takt te litten. De mystica is foar de skriuwster yn wêzen ûnoantaastber. En de krityse skôging op har minsklik hâden en dragen fynt men allinne werom yn de fersprate en oan 'e ein min of mear kollektyf bondele réaksjes fan har bijpersoanen, dy't op in stuit oan har yntegriteit begjinne te twiveljen. Mei it keazen prosédé siet der ek neat oars op, al hie dizze groeiende wjeraksel om mij wol wat fernamer plak yn it boek ynnimme kinnen. En it resultaat is, dat wij oan 'e ein mei in fraagteken sitte, omdat wij twongen wurde in objektyve oplossing te sykjen. Oan 'e iene kant moat it respektearre wurde, dat Ypk fan der Fear net bûten har technys boekje gien is, trog it gefaar dêr't se foar bleat lei: de eksplisyte krityk, it oplein kommentaar, te mijen. Oan 'e oare kant is it spitig, dat se blykber de prachtige kâns op in oare, mear ynkringende wurkwize, dy't yn de stoffe dúdlik oanwêzig is, net sjoen of technyserwize net oandoarst hat.
De einliks foar de hân lizzende oplossing hie west, dat de skriuwster, bijneed mei opofferjen fan beskate dielen fan har materiaal, de figuur fan Antoinette Bourignon belibje litten hie trog ien fan har oanhingers (of tsjinstanders). Dat hie har de frijheid jown om oan 'e iene kant de histoaryse feitlikheden har gerak te jaan (ommers: dy lju praatten mei en oer har en liezen har skriften) en se oan 'e oare kant kritys te hifkjen, kommentaar te jaan, te subjektyvearjen en te relatyvearjen. Mei | |
[pagina 325]
| |
oare wurden: dat hie de kâns jown om it dûbelsinnig effekt dat de figuur fan Bourignon opwekket, in dúdlik en laden stal te jaan, de reliëfwurking te jaan dy't wij no misse. Hokker persoan dat wêze moatten hie, leit ek folslein foar de hân. It is de Frjentsjerter apotheker Gabe Reinders, dy't op bls 95 fan it boek yntrodusearre wurdt: in sykjende, goedwollende, nei mystyk belibjen ferlangjende man, dy't oanhinger fan Antoinette wurdt, frouw en bern om har ferlit, alhiel skeef komt te sitten, en letter ta better ynsjog komt en yn har teleursteld rekket. Fan dizze man út wei (as ik- of as hij-figuur, dat is yn wêzen fan ûndergeskikt belang) hie de hele figuur fan Antoinette Bourignon èn subjektyf èn objektyf oan har trekken komme kinnen, en de skriuwster hie, sa kiezende, net hyltydtrog de histoaryske wurklikheid, subs. de behoefte of de needsaak om it mystyke geskriuw fan dy dame au sérieux te nimmen, as in behindering fiele hoegd om har frije gong te gean: se hie de ferantwurdlikheit gewoan oerdrage kinnen. Want dit haw ik mij bij it lêzen heel sterk bewust west: de skriuwster fielt har yn it kader net frij, se doar de histoarje net loslitte en komt sadwaende amper ta in dramatyske ûntjowing. En in drama hie der grif ynsitten: dat fan in troep fan her en dêr bijienkommende manlju, dy't har magys ta it frjemde frouwmins oanlutsen fiele en foar it trog har fertsjintwurdige Keninkryk Gods alles op it spul sette. Of it mear yndividuele drama fan dy iene man, Gabe Reinders, dy't om syn mystyk ferlangen wiif en bern achterlit en mei syn minslik gewisse yn tsjokwaar rekket. En it drama yn dat drama, dat no ferlern giet yn de omballingen, dêr't eins mar hwat nonchalant, alteast sydtings oan ferbijgien wurdt, ik bedoel de yn wêzen sa groteske passaazje werbij't de apotheker trog tafallige omstannigheden bij syn Masteresse op bêd rekket (bls. 190). En ik tink sels nog oan de mooglikheid fan in dûbelferhaal: sawol de nayve pater De Cort mei syn nettsjinsteande alle iver fan de skriuwster op dat punt frijwat tsjuster bleauwne eilân-masinaasjes, as de Frjentsjerter apotheker jowe har útienrinnende visy op Antoinette en har oergemeente. It ferbaast mij earlik sein in bytsje, dat Ypk fan der Fear, dy't as dichteres dochs oanslúting foun bij de Quatrebras-jongerein, yn har proaza har ta in greater konserfatisme yn romantechnys opsicht bekeard hat as wij nei har foarige wurk ferwachtsje mochten. Dizze apotheker hie boppedat de kâns hawn in saak nei foaren te heljen, dy't no, trog allinne úterlike gegevens, yn it tsjuster bleauwn is: de seksuële frustaasje dêr't de figuur fan Antoinette Bourignon dúdlik oan | |
[pagina 326]
| |
lijende is. Ik hoeg gjin bewizen oan te heljen fan it gearhingjen fan mystyke ferskynsels mei it seksuële. De hiele mystyke literatuur út alle ieuwen is der fol fan. Ypk fan der Fear, bijgelyks Antoinette har jeugderfarings behanneljend, is der net alheel omhinne gien, mar it prosédé lit gjin skerper beljochting ta as dy't fan Antoinette sels jown is. Allinne de apotheker Gabe Reinders hie dy skerper beljochting fan it aspekt jaan kinnen. Benammen yn dit opsicht bliuwt it boek, dat globaal sjoen in treflik byld jown fan de libbensrin fan in twivelige mystica, ûnbefredigjend. Net sasear om wat it is as om wat it wêze kind (wêze wold) hie. It bliuwt te folle oan 'e bûtenkant, dêr kinne alle al of net authentyke sitaten út wurk en brieven fan de haadpersoan neat oan feroarje. Dit boek is te folle in biografy bleaun, in pseudo-roman.
Ek yn in oar opsicht is it spitig, dat Gabe Reinders syn kânsen net earlik krigen hat. In Gabe Reinders dy't syn mémoires skriuwt (b.g. as ferantwurding oan syn nog libjende of al ferstoarne frouw; en syn meditatyve natuur sawol as syn wittenskiplike foarming meitsje him foar dy prosedure bij útstek geskikt) hie meskien ek nog ferantwurdlikheid drage kind foar de smyte taal- en waarnimmingsfouten yn dit boek. Dy't de wearde fan dit monumentaal opsette geskrift fêststelle wol, moat - en it jildt foar Ypk fan der Fear har wurk yn it algemien - earst oer allerhande argewaasjes en irritaasjes hinnegroeie. Dêr is wol wat geduld foar noadig. Ypk fan der Fear, it moat earlik sein wurde, skriuwt en ratst der soms mar wat hinne. Se hat de hymjende staccato-styl fan Ta him dyn bigearte en it al te blomryke, blibberige en barokke fan Ek in minske achter har litten, en stribbet, wat ek wol yn 'e reden lei, nei in mear klassyke foarmbehearsking, nei in evenredige en elemintaire soberheid en súverheid fan styl. Faak is dat slagge, want der stiet yn dit boek mannig masterstikje fan geve waarnimming. Mar gauwris ferfalt de skriuwster ta in ûndaaibere stoatteligheid en knoffeligheid. Dan sakket ynienen de inspiraasje ûnder it nulpunt en driuwt se fierder op in plichtmjittig ynfuljen of se lit it alheel sitte. Ik tink oan de faak abrupte en min fersoarge ouslútingen fan haadstikjes. Bls. 100: ‘mar doe't Jezus' libben op ierde har yn 't sin kaem, wist hja it ek wer net’; bls. 83: ‘Hja fielden har rekke, mar hie hja gjin gelyk?’; bls. 63: ‘Tige ûnder de yndruk en bifêstige yn har leauwe, diene hja hearrich, hwat har frege waerd.’; bls. 30: ‘“Amen,” sei De Cort nei it lêzen fan dit epistel’; bls. 166: ‘Doe bigoun Gauke Hylkes oer it heitelân, sa stil as mûzen | |
[pagina 327]
| |
harken hja’ (mar de lêzer soe graag witte wolle wàt G.H. oer it heitelân fertelde, want dat is om de bliksem net irrelevant!). Oer 't algemien mis ik ek de beslissende, op 'e gong fan saken ynwurkjende sfearoantsjutting. Op bls. 69 begjint in haadstikje sa: ‘Op in moarn bitiid kaem De Cort yn Amsterdam oan’, d.ws. nei in besiik oan it eilân Noardstrân. Hoe kàmt in mins op in iere moarn anno 1668 yn Amsterdam oan? Hoe sjocht er it Amsterdam fan doe, fan IJ en Amstel, fan Rembrandt en Vondel? Gjin wurd dêroer. Allinne in summiere oantsjutting, súver plichtmjittich en net yntegrearre, fan hoe't de skriuwster it har min of mear foarstelt, fantasijloas, ûnpersoanlik en sa droeg as hoppe: ‘Mânlju gyngen nei it wurk, froulju wiene op wei nei de merk mei kuorren en amers oan it jok. De ambachtslju hiene har wurkstikken al bûtendoar helle en op 'e stoepe útstald.’ Wat jir mist is dúdlik: it evokatyve, it fisioenair oproppen fan de dingen, it oanpart fan de dingen, de partisipaasje. In fakmjittig oanbrocht grisseltsje lokale kleur, mar it libbet net, it hat mei de siel fan pater De Cort neat to meitsjen, en de lêzer sjocht meskien wol wat, mar hij belibbet neat. Nog minder (mar no ferfal ik yn details) kin ik oer de wei mei wat in pear rigels fierder folget: ‘De Cort stroffele yn de steech oer losse stiennen en molwrotten’. Dy stiennen lit ik dêr, mar dy molwrotten? (Bedoeld sil wêze molsheappen of mollebulten en net wat myn yntuysje plus myn wurdboeken ienriedig ûnder molwrotten fersteane).
Details dus. Ypk fan der Fear hat der moeite mei it gewicht fan in wurd te hifkjen. Minsken glimkje of laitsje yn 't wylde wei en ien rigel fierder hawwe se fertriet, sûnder psychyske needsaek. Se roppe ek te folle, dingen dêr't net in mins bij roppende bliuwe kin. Op bls. 222 ropt Antoinette twa lange, steatlike folsinnen fan resp. 20 en 16 wurden. Op bls. 60 bliuwt pater De Cort sels mear as 9 rigels roppende, mei as tajefte dit moais: ‘Doe't er dat sein (!) hie, draeide er him hurd om, oars soe er bigjinne to gûlen en fleach ta de doar út.’ Dat ‘fleanen’ sjog ik net, en lykemin it ‘hippeljen’ fan freugde, dat de skriuwster de langliddige pater sa no en dan dwaan lit. Irritant (en yn striid mei al myn wurdboeken, al lit ik de mooglikheid fan pleatslik dialekt iepen) is yn myn ear it gebrûk fan it wurd ‘earmelytse(n)’ as adverbium: ‘Hy seach hwat earmelytsen, as spiet it him’ (bls. 9). Nogris 2 kear op bls. 179 en 2 kear op bls. 217. Foar klisjé's is Ypk fan der Fear likemin bang, en dan faak mei in Hollâns kleurke: ‘Hja hie blykber bûtengewoan oan- | |
[pagina 328]
| |
trekkingskrêft foar manlju hawn’ (44), ‘Doe't hja balling wie, krong it pas goed ta Antoinette Bourignon troch’ (47), ‘Ynienen waerd syn each troffen troch...’ (130), ‘...klom de jonkfrou yn de pinne om...’ (140), ‘De eagen fan har bern (= oanhingers) blonken har tomjitte (156). Kontaminaasje: ‘Sommigen, dy't it swurk in forkearde kant út driuwen seagen’ (27), hyperkorreksy: ‘syn nijbakte mem’ y.p.f. nijbakken; ‘Nou hite hja my leagen’ y.p.f. ligen; in ‘sûndich libben lije’, in ‘rein libben to lijen’. En it is mij in riedsel hoe't neffens bls. 139 ‘bangmakkerij mei skulden en lêsten’ doekjes foar it blieden wêze kinne om fan immen ou te kommen. Oan 'e iene kant it brûken fan in ûnnatuurlik en âldfrinzig wurd as ‘forrifelderije’ (227), oan 'e oare kant yn 'e histoaryse sfear ûnpleatsbere modernismen of popularismen as ‘der net fluitsje kinne’, ‘jild efteroerdrukke’, ‘útnaeije’, ‘groeije' yn 'e bestutting: greatsk wurde. Jirsa in aardige oefening yn bijsinnen en persoanlike foarnamwurden, mar ek staal fan belangeloaze lullefikaasje op bls. 169: ‘Henning seach toloarsteld en warskôge nochris, dat hja (= syn frouw) dochs neat tsjin har mem sizze soe. Dat hold hja inkelde dagen fol, mar doe't har mem har ris ferge op dy persoan (= Antoinette B.), dy't grif net samar immen wie, en hja krekt argewaesje hie fan it feit, dat hja Nicolaes (= Henning) alhiel opeaske en hy dêr foislein yn meigie, liet hja it har ûntfalle’. Dat is keutelproaza fan niks, boppedat in passaazje dy't net fan belang is en bêst mist wurde koe. Slimmer is it tekoartsjitten op hichtepunten. Ik neamde al de ‘bêdscène’ tusken Antoinette en Gabe dy't as hichtepunt de mist yn giet. Op bls. 67 kryget pater De Cort Gods stim te hearren, ta trije kear ta. Ypk fan der Fear skynt dêr yn te leauwen, dat is har saak. Mar de réaksje fan pater De Cort is op gjin stikken net yn 't lyk mei de greatheid fan it barren: ‘Bliid harke er ta’; en as God útpraat is folget dit gestumper: ‘Hwat drok ûnthiet er lûdop, dat er dwaen soe, hwat him hiten wie’, en efkes fierder: ‘Hy makke, dat er thúskaem’. Ik bin gjin pater en myn religiositeit en myn earbied foar it opperwêzen binne povere saken, mar ik soe dochs op Gods stim justjes oars réagearje as dit mystyke bern Gods docht.
Myn konklúzje moat wêze, dat der yn dit boek fan Ypk fan der Fear faak in wanferhâlding is tusken har grypt wêzen yn it abstrakte (de idé Antoinette Bourignon, de mystyk, de frouwlike Jezus-figuur) en de represintaesje dêrfan yn it konkrete ynspiratyve momint. It earste jowt, nettsjinsteande it kiezen fan in ‘ferkeard’ útgongspunt, dochs in greate | |
[pagina 329]
| |
epyse lijn oan har ferhael (dy't oan 'e ein wat fersnippert: haadstikken fan 12, 13 en 8 bledsiden kin men dochs net mear fjirde, fyfde en seisde ‘BOEK’ neame!), in beskate allure en boppedat it net te ûntstriden feit fan gâns meinimmende en floeiend skreauwne passaazjes. It twadde is oanspraaklik foar folle blyken fan detaillistys ûnfermogen, sloarderigheden yn taal en tinken, ûnadekwaatheid tusken situaasje en foarmjowing. Ypk fan der Fear is jir presiis it spegelbyld fan Vestdijk yn syn (net-histoaryse) roman Het spook en de schaduw: in gegeven fan niks fongen yn in detaillistys perfeksionisme. Bij har: in greate idé, op gâns plakken oanfretten en bedoarn trog detaillistys ûnfermogen. Men kin der oer stride wat fan dy beide mooglikheden de foarkar fertsjinnet. Mar in ferbyning fan beide fakulteiten moat ek mooglik wêze. Boppe-al hoopje ik, dat it Ypk fan der Fear slagje mei yn in folgjend boek har histoarys narrativisme befruchtsje te litten trog in mear fisioenair yntensivisme lykas dat foun wurdt yn it wurk fan in dochs tyge oan har besibbe auteur as Helma Wolf. |
|