De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 301] [p. 301] [Nummer 9] Durk van der Ploeg / Gedichten Oan de lezer Poézij de bistjurre blydskip wémoed eangst meitsje it floeiber mei dyn triennen mar wês net oandien fan myn tael de poézij is ûnlêsber. As ik skriuw der fortakje har fingers troch myn keamer der kleeft in plantaerdich portret op it glês God wol him sichtber meitsje yn de minske Poézij is leafde leafde is died. Park De skaden forpleatse har stadich yn it park krûpe ûnder de beammen troch de sinne triuwt in swan yn 'e fiver in skaed klimt op in bank. [pagina 302] [p. 302] Observaesje De leafde groeit yn it tsjuster de muorren slagge fan grienens út eagen tine iút ta wetters net to bidjipjen fan swartens Dyn lichem slacht út fan wille flammen sisterje yn dyn eagen It toskfleis wurdt my bitter it reint yn it gers en de nacht as bloed leafde is in died mei forstannelike bigrinzing Ofskie Tusken de sniefjilden rivieren swart en glêd dou farst ôf mei in skip nei de fierte in sniefjild is ymponearjend yn opperfiakte. [pagina 303] [p. 303] Leafde yn beton Leafste hâld it lok yn foarrie yn 'e skûlkelders soldaten stappe oer ús hollen oer ús lok hâld it lok yn foarrie yn 'e atoomfrije skûlkelders neffens foarskrift leafste jouns dounset der in mich om 'e lampe in spin lûkt him op nei it hielal it binne de warskôgings foar in hjirneimels en bid bid [pagina 304] [p. 304] Gjin realiteit De minsken binne to lyts om to fleanen Se leauwe yn de eangst om to fallen Leau net yn de eangst ik bin de minske net de minske mar flean as in fûgel oer de bosk de paden binne leech der krûpe geasten troch it moas der wenje kabouters yn de poddestuollen hwant de minsken meitsje harsels sa lyts de wrâld is har paradyske se leauwe noch yn de wetten fan swiertekrêft mar net as leauwigen De dood is een heelal De dood is een heelal maar als ik sterven zal wees dan niet bang weet dat ik in de eenzaamheid naar jou verlang dus wees bereid [pagina 305] [p. 305] Atmosferysk perspektyf De himel is blau fan it Atmosferysk Perspektyf God is ierde wetter wyn De himel wjerspegelt yn de sé swart as inket God is yn de minsken lykas de himel birint en de sé swart wurdt As ik oan God tinke wol stap ik yn in gat. Fries Ik bin dyn kjeld dyn djipferzen hert rottet net by my wei wy bliuwe ivich deselden. Leafde is slytsk wy moatte de barm hâlde. Miniatuer Ik leau yn de atomen mei in leauwe as in mostersied. Vorige Volgende