Op it harspit
Slach om Ane
Yn it lêst útkommen nûmer fan Lyts Frisia, moanneskrift fan de Jongfryske Mienskip, forwolkomje de redakteurs G.N. Visser en H.S. de Brún as nij lid fan de redaksje de skriuwer Ane Jousma dy't tonearsten it plak fan de mei oar wurk bistelde Teake Hoekema ynnimme sil. Yn itselde nûmer hâldt de nije redakteur syn maiden speech ûnder de titel Moat L.F. fan koerts foroarje? Jousma tinkt fan al. Hy wol de literaire kant op mei it blêd, farrend yn it sok fan it eardere Frisia fan Douwe Kalma.
In stap fan Lyts Frisia nei de literatuer soe in ding fan bilang wêze. as it net tagelyk in stap tobek wêze soe. Ane Jousma syn driuwfearren wize dêr frijhwat op. Hy skriuwt:
‘In koertsforoaring fan Lyts Frisia kin just hjirom fan bitsjutting wêze, dat de bisteande oare tydskriften net sa bjustere slij mear binne nei kopij, dy't men wend is “konvinsjoneel” to neamen en dêr't dochs grif noch wol ien en oar fan wearde tusken sit. It liket der bygelyks by De Tsjerne wolris op, dat de redaksje oan it “moderne wurk” en it “eksperimintele” gâns leger easken stelt as oan de produksje fan de skriuwers, dy't harren oan de biwende noarmen hâlde en de “tovertrommen” fan Hendrik de Vries, nammentlik rym en metrum, net oan 'e kant set hawwe.’
Nei in ynsizzing oan it adres fan ‘folle biwegingslju’ dy't it in oar amper noch gunne om Frysk-nasionalist to wêzen, bislút Jousma: ‘Omtinken jaen oan biskate fasetten fan 'e Biweging, dy't nou faeks forspuid binne by de pommeranten, plak biede oan literatuer-uterings, dy't wol wierliken op peil steane, mar net perfoarst oan de hjoeddeiske easken en foarskriften hoege to offerjen, soe dat nochris weilein wêze kinne foar it orgaen fan de Jongfryske Mienskip, Lyts Frisia?’
Nuvere bokkesprong fan it lot! Hwat yn '15 ûnder de namme Jongfries opbotste tsjin literaire konvinsje en tradysje iveret yn '67 ûnder deselde namme foar bihâld fan sokke wearden. Wearden dy't doe nij wiene, mar nou forâldere. It sil my ris luste, hoe't dizze slach om Ane útlottet.
To sjen oan hwat Jousma sels yn dat nûmer fan Lyts Frisia oan poëzij priis jowt oan de publisiteit haw ik swak moed. Der is yn dy fersen in dúdlik tokoart oan dynamyk en inerlike spankrêft. It is to folle bitocht, maekwurk. Mei ‘tradisioneel’ kontra ‘eksperiminteel’ hat dat neat to meitsjen.