Tr. Riemersma / Ofskied fan 'e literatuer
Geart Jonkman: De kastleinsdochter en oare froulju, Drachten, 1966; Tusken dream en dea, Boalsert, 1967.
De beide forhalebondels fan Geart Jonkman leverje togearre in frjemde brol op. Earnstige, koldereftige en mystearjeforhalen steane trochinoar; fan in kronologyske folchoarder is neat to merkbiten; guon forhalen binne al earder yn boekfoarm forskynd, oaren dy't noch nea bondele wiene ûntbrekke ek hjir.
De gearstaller fan De kastleinsdochter hat dy forhalen útsocht dêr't in frommis yn foarkaem, hwat ik, op groun fan dizze selde bondel, in ûnnoazel kritearium neam. De karmasters fan 'e KFFB hawwe yn Tusken dream en dea ‘in sa breed mooglike kar dien’, mar net sa breed dat De trijehoek, Jonkmans bêste forhael, der by koe.
It hie better west dat allinne de net earder bondele forhalen, mar dan ek allegear, nou útjown wiene, en dan leafst yn trije dielen forskaet: gewoane forhalen, mystearjeforhalen en lichtfuottige forhalen. Net dat ik sa wiis bin mei dy lêsten; krekt dêrom hie ik se leaver hwat apart ha wollen.
It gehiel oersjende moat it my fan it hert dat de beide samlingen my slim ôffallen binne. Frjemde epistels en Li Fu en oare forhalen joegen hoop dat Jonkman, dy't it noch tofolle yn it útwrydske socht en dy't ek noch mei de technyk tangele siet, kriich genôch hie om ien fan 'e foaroansteande skriuwers to wurden. Dat ûnthjit is net ynlost. Jonkman hat ôfskied nommen fan 'e literatuer.
Fansels, it feit dat Jonkman in ‘voorkeur voor pathologische gevallen’ hie (J.H. Brouwer) en alles spylje liet ‘op 'e wiffe grins fan normael en abnormael’ (W. Kok) sei op himsels neat posityfs oer de wearde fan 'e forhalen dêr't er mei debutearre. Mar dat nimt net wei dat immen dy't start mei forhalen as Li Fu mear kâns hat in goed skriuwer to wurden as ien dy't it bisiket mei flauwe dingen as Wês wiis mei wetter.
De fraech hwerom't Jonkman him fan it serieuze forlein hat nei it grappige hat Marten Sikkema op andere dat de bikroaningen fan it Rely