De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 293] [p. 293] Tiny Mulder / Fersen Dame mei hoed plechtsteatlik ûnder in hoed fan dick holthaus lavearret de dronken dame de kade del en alle hearehuzen mei har mahoany bekken en glimmende foarhollen mompelje styl hát dy dame kinst sizze hwatst wolst o dat wy ek ienkear sa'n lange neimiddei lavearje mochten as dy dronken dame dy't ien is fan uzes fan party nei party hwant wodka wurdt skonken en kinst ek noch kieze út fiif etiketten plechtsteatlik ûnder in hoed fan dick holthaus lavearret de dame de greft yn o heden de hoed driuwt frij boppe en de hearehuzen wjerkeatse de hoed yn syn nij en lichtsinnich bistean op it wetter se mompelje sunich wy woene net graech dat ús dat oerkaem [pagina 294] [p. 294] de ex. test. bifreget de pinne hjoed forstoar né forsûpte né seit de pinne forstoar de hearehuzen spuije fiis út glêdstrutsen bekken menearen en mefrouwen yn 't swart dy't har forskriklik geneare se wie ien fan harren kinst sizze hwatst wolst efter de suvere fronten bliuwe yn 't swart mei wyt piqué de fammen allinne by thé sûkelade en gâns to forbekjen sa wiis is alles hjir bioardere [pagina 295] [p. 295] wy wiene in bjirk en in bjirk wy wiene in fûgel en in fûgel wy binne minsken dou skriemst tominsten de brieven út myn jeugd binn' better se hâldden ien eachje ticht dy fan letter binn' echter de dea kontroleart se op wierheit de skiep yn 't lân sjogge út nei dy mar de kou ûnforskillige fretter wit wol better de bjirken rabje hwat langer hwat rêdder hwat rêdder hwat rêdder dan reint it Vorige Volgende