De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 290] [p. 290] R.R. van der Leest / Fersen Houlik doe't kuifje barbie troude waerd der in wiidweidige resepsje hâlden barbie wie yn mini mei djip dékolleté dat har harteskonken en puntboarsten stieken goed út kuifje wie yn syn sljocht blau kyltsje mei it sljochte swarte pofbroekje en hy die in bytsje hounich okkerdeis seagen wy barbie mei in wite poedel yn 'e stêd earme kuifje [pagina 291] [p. 291] Smertlape ik hie dy it earst mar ik sei net dyn sanen binne galunen dyn fjirk is in trau dyn boarter in lau dyn kanen binne sazunen doe kaem der in oar en dy sei wol dyn sanen binne galunen dyn fjirk is in trau dyn boarter in lau dyn kanen binne sazunen nea seach ik dy wer nou siz ik ek har sanen wiene galunen har fjirk wie in trau har boarter in lau har kanen wiene sazunen [pagina 292] [p. 292] Striidfers wer sil ús brede boarst de fûle fijân keare wer sil ús fryske frat de kneppels tsjen wer sil ús wraksen skaei it lân broekseare wer sil ús mapske trat de rimpen knysterfen eale deale fryske beale grokkelje it diggelfjûr rane baerne hyske fane brikkelje de lêste toer flean op flean op flean op mei rune trompen flean op oer sangen bjusterbosk en glysterpaed dan sil ús heitelân wer út de klaei forslompe rip tangelgoas if maze bjarre gnieden kiterfaed Vorige Volgende