op my ta. Ik draefde foar myn libben, in stadige forlamming sakke yn myn fuotten del, mar ik wist yn 'e hûs, op 'e sliepkeamer to kommen. Bûten wie it lûd fan 'e slaende hoefizers tsjin 'e dyk, it kreakjen fan it stek om myn foartún, de foardoar waerd fyn rammeid en doe bolderen eangstwekkende poaten de treppens op.
Skreauwend fan eangstme en mei in hert dat op barsten stie, waerd ik wekker, biswit oer al myn lea.
Us mem hat ús op in kristlike skoalle dien, allinne om it feit dat wy dêr, yn 'e loop wei, de bibelforhalen meinimme koene, dy't hja foar ús algemiene ûntjowing ûnmisber achte.
En sa ha ik ek de forhalen heard oer de dreamen fan de Farao en fan Nebukadnezar. Dreamen mei in bitsjutting foar de takomst. Ut 'e psychology wist ik dat der ek dreamen wiene dy't ûntstiene út swierrichheden yn it forline.
Fansels koe ik nei in psychiater gean, hjir yn 'e stêd, mar dat lake my net ta, hwant wy forkearden beide yn itselde rountsje en hoewol't ik fuort oannaem dat de man him gjin wurd ûntfalle litte soe oer syn pasjinten, wie allinne it feit dat men op in ûngewoane ûre by sa'n dokter op 'e stoepe stie, al fortocht.
Praetsjes binne gauwer yn 'e wrâld as der út en der wurdt gjin kou bûnt neamd of der sit wol in wyt hier oan. Sadwaende hie 'k in bisite kear op kear útsteld. Wol ha 'k ús húsdokter ris opskille en him om hwat slieptabletten frege, - de drokte fan 'e saek nou, - né, gjin swierrichheden, mar dochs efterfolgje jin de problemen fan it wurk oant op bêd. - Ja, as 't my sa ris útkaem, soe 'k ris skilje foar in yngeand ûndersyk.
Ik moast foarsichtich wêze mei ús dokter, hy wist mear fan my as goed foar my wie. Us heit hie my nei him tastjûrd, doe't er my ris trapearre by eat hwat alle jonges diene, mar hwer't neffens heit de slimste gefolgen oan fêst sieten - forlammingen, blyn wurde, dwylsinnigens. Dokter hiet dat ûnwier, hy koe it witte, heit hie op 't lêst net foar dokter leard, mar dochs bleau der in twivel bistean en alle kearen dat ik it wer die, knage de eangst.
De dreamen folgen hyltiten flugger opinoar, it kaem safier dat der hast gjin nacht mear wie dat ik soargeleas sliepe koe. Hyltiten ek naem ik mear tabletten; yn 't einsluten hast dûbeld safolle as it foarskreaune maksimum. It die my neat mear.