De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 281] [p. 281] Durk van der Ploeg / Gedichten Gjin triennen fan oandwaning 1 It bin de deade soldaten Dy't op 'e skouders fan de maten De wrâld útrinne Mei blommen op it liif Hwer gean dy soldaten hinne? Dat stiet noch yn 'e kiif De earste wol nei de sinne De twade nei syn wiif De tredde wol de wrâld útrinne Samar op syn bleate liif De fjirde wol marsjeare Yn 't frjemdlinglegioen De fyfte wol krepeare Mei eare en fatsoen De sechste kriget ivich fjûr Dêr wol er graech op wachtsje De sawnde wie der altyd oer Wol yn syn grêf oernachtsje De achtste wie in kommandant Dy't yn 'e himel wennet De njoggende in pommerant Dy't him dêr bitsjinnet De tsiende is in fint fan neat Dy hat de boel biskiten De alfte dy wie skeel en read Mar is nou út 'e niten De tolfte wol noch hegerop En sil aenst noch to learen De trettsjinde dy hie gjin kop En wachtet op kremearen [pagina 282] [p. 282] De fjirtsjinde wie kommunist It fleis leaver as de bonken De fyftsjinde dy't alles wist Dy wie der neist of njonken 2 Dyn rottehals Dy't út it unifoarm stekt Sjocht oer de bieren hinne Kommando Salút Salút Lead en krûd binne it earbiwiis Oan de hilligen Lit se mar hwat slomje Op 'e skouders fan de maten It bloed krûpt wol dêr't it net gean kin. [pagina 283] [p. 283] Monolooch Mefrou sit mei har huodtsje op Yn 'e blikke. Oan wjerskanten romte op 'e bank Ik wol wol efkes opskikke As jo dat graech wolle skik mar oan Stean wurdt men ek sa wurch fan yn 'e skonken En dat mei dat gleone waer Mefrou sit mei har huodtsje op Yn 'e blikke. Dêr yn 'e beibeammen koe 't wol hwat biwege Ik wol wol efkes opskikke Jo kin der noch wol by De bank is greaternôch en och Ik bin ek mar allinne en Yn myn seisensawntichst dat Hwat ha ik noch to wachtsjen Mar ik woe sa graech efkes mei jo Prate. Jawis liz jo de bûsdoek mar oer 't hier Mefrou sit mei har huodtsje op Yn 'e blikke. Ik skou de âlde skonken dan mar wer hwat yn 'e sinne Ik wol wol efkes opskikke Dan kinne jo der fleurich by Ien is ek mar allinne. En och dan kinne wy nochris prate Jo bin yn 't Hûs tink just jawol Gesellige boel tink mar fol Al dy âlde minsken ik jow my Mar hwat del yn 'e blikke Jo en ikke [pagina 284] [p. 284] Mefrou sit mei har huodtsje op Yn 'e blikke. Jawis jo nimme it der fan Ik kin noch wol in eintsje opskikke Mar net to fier dan trûzelje ik der hjir wer ôf Men moat langer sa foarsichtich wêze Ja dy beam ha 'k fan in krútsje set Ik hie net tocht dat ik fan myn eigen fruchten Nochris safolle skaed ha soe Mar sa rint it mar wer frjemd yn 'e wrâld Dus jo hawwe it breidzjen mar mei Nou ik nim efkes lins hear Ik ha optheden neat mear op priemmen Mar dêr mei 'k net oer Ja jo ha gelyk jo geane der mar wer fan troch Nou de groetenis oan de oaren hear Mefrou sit mei har huodtsje op Yn 'e blikke. Oan wjerskanten romte op 'e bank Ik wol wol efkes opskikke As jo dat graech wolle skik mar oan Stean wurdt men ek sa wurch fan yn 'e skonken En dat mei dat gleone waer Vorige Volgende