De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 278] [p. 278] Tr. Riemersma / Fersen Fers 2 Hy lei dêr mar sútrich tocht my yn syn streekje-pyama (it wurdt wer it âlde liet ja) de mûle iepen nettsjinsteande de klosetrôlle dy't ûnder syn kin sitten hie (gjin yllúzjes boppe de fyftich kom je net moai yn 'e kiste) Ik seach dus wer dy frekkeling om hwa't ik in ûre net smoke mei lyk yn syn tût de healiepen bek fan 'e dea dou dus ek fordomme hy hat dy krigen it lid der mar op jonges 'k ha 't wol wer sjoen En dan in gjalp fan 'e widdou om to bistjerren godnochta dit is it dit seit my mear as hwat dy fantast stiet to smouzen (God kent uw verdriet moeder) Mar oan 'e thé letter wy hiene him toplak tocht ik faeks wie it dochs net echt dy gjalp niis ach né jong yn in gedicht dan bylket soks wol mar fierder ach né jong sy skreaut en dou flokst mar it forwaeit men spielt it wei mei thé ach kitsch jong sjoch se glimket al wer [pagina 279] [p. 279] Fers 3 Net om it ien of oar God - of eins wol fansels hwant ek dizze monolooch is in oratio pro domo - ik haw der bihoefte oan to sizzen dat ik tsjin Jo neat haw. Dat is in forklearring dêr't nimmen hwat oan hat fansels se sizze grif dat it kwetst hwant ik leau ommers neat hwat ek al wer wier is ach dy fordommelingen. Sa meije wy net mar sa moatte wy Jo witte derfan gean efter my fordomde kristenen Jo dy't net bisteane God ik haw langst nei Jo frou en bern sliepe mar ik haw langst nei Jo ik bin leech God ik haw myn krûd forsketten en ik haw forlern mar ik biklei my net ik bidoel allinne mar ik haw langst nei Jo. Ik wit wol it is ynkonsekwint hwant ik leau net oan Jou bistean mar it is dochs minsklik dat ik langst nei Jo haw? [pagina 280] [p. 280] It is stil en leech och hwat moast ik ien tsjin tsien myn wurden binne wapens yn har hannen mar dêr net mear oer. It komt allinne mar dat it hjir sa stil is in buike oan it rút en sa leech. Ik woe graech sizze God ik wit net oft it lije kin hwant it is dochs wer kwetsend yn myn mûle God mar ik bin nou 28 ik haw it lang foar my holden mar ien kear woe ik dochs sizze sa graech ienris sizze och godfordomme dat ik Jo sa leaf ha. Vorige Volgende