Meidielingen
Op de harkspulpriisfraech dy't de redaksje forline jier útskreaun hie, binne trije ynstjûringen ynkommen. De jury, bisteande út dr. L.W. Nauta, Jo Smit en Pyt van der Zee, hat it wurk bioardiele, mar koe spitigernôch gjin priis takenne. Wol hat de jury ús oanret om it harkspul Dou rêdst dy mar, dat op biswieren fan útfierberens stuite, mar fierders wol kwaliteiten hie, yn De Tsjerne to publisearjen. Hwat wy by dizzen dogge yn oerliz mei de skriuwers Sibe van der Meer en Jehannes Spyksma.
DE ADMINISTRAESJE
Altyd noch binne der in mannich oerhearrige Tsjerne-lêzers dy't har abonnemintsjild oer 1967, nettsjinsteande alle sommaesjes, net bitelle hawwe. Wy forsykje dyselden oan har forplichtingen to foldwaen foar 1 july 1967. Abonnemintsjild f 20,-; giro 1028440 fan Administraesje De Tsjerne, Rengerswei 48, Oentsjerk.
DE REDAKSJE