Op it harspit
KFFB gaedlike pleechheit foar De Strikel
E.S. de Jong hat op 'e jiergearkomste fan 'e Fryske Bibleteek op 10 juny in wichtige fraech steld: hokker kant wol de FB út, de mear literaire of mear folksaerdige? Hwatfoar greate bitsjutting de FB eartiids ek hawn hawwe mei, tsjintwurdich is dy bitsjutting nihil. It wurk dat de lêste jierren yn it founs opnommen is hie der oars likegoed kommen.
Wol de FB wer rjocht fan bistean hawwe as útjower fan weardefol literair wurk dat de útjowers net oandoare, dan sil er him fan 'e romans, gedichten en forhalen forlizze moatte nei it krityske en bigeliedende wurk. It soe in ding fan bilang wêze dat der in nije bondel mei kritiken fan Wadman útkaem, en fierders lizze der steapels kritiken fan Sikkema en Mulder en in lyts steapeltsje essays fan Smit. Ik wit wol, dit soarte skôgjende lektuer is der net by streamen, mar de fraech dernei, de útjeftemooglikheit derfan, soe it oanbod grif gunstich biynfloedzje.
Miskien forliest de FB troch sa'n koertswiziging de helte fan syn leden, mar dat is net slim. De minsken dy't by de FB bliuwe om't se safolle fan Fryske boeken hâlde, kinne dyselde boeken foar trije stûren mear yn 'e boekhannel keapje.
Mar dy earme Strikel dy't net op eigen fuotten stean kin en dy't grif de dupe wurdt as it ledetal fan 'e FB noch mear kelderet! De Strikel soe in nije pleechheit sykje moatte, en ik tink dêrby oan 'e KFFB. Dy organisaesje bisiket de lêste jierren troch in ekstra abonnemint op ‘bettere’ boeken it sljocht-en-rjocht folksaerdige to trochbrekken, en dy is grif net fiis fan in moanneblêd dat op 'e nij de KFFB-swetten útleit, ek al smyt dat net daliks jild op, likemin as it ekstra-abonnemint.
Biswieren genôch fansels, fan 'e kant fan 'e Strikel-redaksje likegoed as fan 'e kant fan it KFFB-bistjûr. In bern kin se bitinke. Mar it is foar it bihâld fan De Strikel better om ris om 'e tafel sitten to gean ynsté fan jin to biroppen op ûnderstelde foaroardielen by de oare partij. De stânpunten koene wolris minder fier faninoar lizze as it oerflakkich liket. As ik myn sin sizze mei dan is De Strikel in tige kristlik blêd, en as ik myn sin jitris sizze mei dan waeit by de KFFB de wyn net langer stiif út 'e stiifkristlike hoeke.