nen, en 't is geweldich dat hy syn krantsje heechst persoanlik útsutelt, mar al muoit it my dit to sizzen: A-wyt is flut.
Hawar: nou dat petear mei Schurer. Hwat seit ús Nestor oer de ‘tritigers’ tsjin syn ynterviewer, de hear G. Jelles?
‘In ljochtpunt is Rink van der Velde. Trinus Riemersma hat to min soarch foar de tael. Hy hat ek gjin kwaliteiten foar redakteur. Tamminga hat him ynhelle.’
‘It is even stil’, skriuwt Abma, dy't útfanhûzet ûnder de skûlnamme G. Jelles; ek al sa lullich, krekt oft pseudonimen yn Fryslân rjocht fan bistean hawwe.
Ja, ja, it is even stil. Wol de hear Schurer eefkes sizze, hwerom Van der Velde in ljochtpunt is dy't syn tael wol forsoarget en hwerom Trinus Riemersma dat net docht? Riemersma hat Frysk studeacre: as dy gjin Frysk skriuwe kin, dan hâld ik fuortendaliks mar op.
Hokfoar kwaliteiten moat in redakteur fan in literair tydskrift hawwe, en hwerom hat Riemersma dy dan net? As der gjin demokratyske forkiezing fan Tsjerne-redakteuren is, hwerom mei Tamminga dan net ynhelje hwa't er wol? Riemersma krijt in moai skopke mei, mar hy sil der wol ta wend wêze sa njonkenlytsen, al hat er yn dizze tiid hjir gjin forlet fan, tinkt my sa.
Dat binne fragen dy't by my opkomme, as ik sokke orakelspreuken hear fan ús forneamde Fryske dichter, bikend fan radio en t.v.!
Op dit stuit wurd ik wier lulk, hwant hwat komt nou? It bikende gejeuzel oer al of net geef Frysk en dat by Wadman, in skriuwer dy't wier hwat to sizzen hat en by hwa't ik heech opsjoch. Ik ken de hear Wadman allinnich út syn wurk, mar foar Kritysk Konfoai bygelyks kinne se fan my in hiel rychje Fryske romans kado krije. Hwat seit de hear Schurer? ‘It liket wol as tinkt er yn it Hollânsk’.
Is dat wol sa? Is dat forbean? Sels tink ik wol yn it Hollânsk en ik haw it wurdboek der hieltyd by. Ast net mei fan Schurer, liz ik de pinne wer del. Yn it foarste plak liket my wichtich ta, hwat men to sizzen hat en dat geve Frysk roait gauris nei hollandofoby. Hawar, miskien moat elke Fryske skriuwer l.û. of m.û. frysk ha, om it idéael fan it idiomatyske taelmuseum to réalisearjen. Dan is it Frysk noch gauwer to'n ein.
De frustrearre Jelles is noch rankuneuzer: ‘As skriuwer docht er net echt oan. Hy docht it derop ta en wit syn reklameburo, de Leeuwarder Courant, achter him.’
Nou mei foar my Wadman in aep fan in keardel wêze, mar dit is ûnsin, stront. Tamminga giet op dizze saken net yn. Hy wol dúdlik elegant bliuwe ûnder it motto: ‘Better hwat as neat.’ As it sa moat siz ik: ‘Better neat as dit.’
Wy meije oannimme dat Schurer syn ynterview lêzen hat en dan bigryp ik net dat er akkoart giet mei dit ynfame bisykjen ta literair non-konformisme. Foar de prachtige ferstechnyk fan Schurer haw ik great respekt, mar hy moat nou net tinke dat alles der mar op troch kin as er hwat seit.
It is modieus om de ‘âlde sekken’ oan to fallen en dêrom stiet it my tsjin om Schurer forwitingen to dwaen, mar as the grand old man útspraken docht, moat er dy ek wiermeitsje.
Ik ha noch in pear eksimpels fan Schurer syn mûlripens: sahwat fiif jier forlyn bispriek hy Barakkekamp foar de radio, it sil de N.C.R.V. wol west ha. ‘Poëzie op Europees niveau’, sei Schurer. Jan Wybenga is in bêste dichter, akkoart, mar hwerom Europeesk niveau? Schurer jowt gjin forklearring.
Likernôch trije of twa jier forlyn skreau Schurer yn de Friese Koerier oer Rients Gratama's boekekabaret: ‘Kabaret fan Europeesk nivo’. Alwer. Doe moast ik eefkes gnize, hwat net weinimt dat ik foar de orakeljende Schurer op myn iepenst bin. Op in gearkomste fan 'e peeveedeeaah kin er it prachtich sizze mei great akteurtalint mids in oandachtich harkjende mannichte, mar swart-op-wyt, of a-wyt, hat it der faek in soad fan dat Schurer der mar hwat hinne swamt.
Hwa't net wiermeitsje kin hwat er seit, moat him de snút hâlde, foaral op it literaire mêd (hwat ik in moai Frysk wurd