| |
| |
| |
Sibe van der Meer en Jehannes Spyksma / Dou rêdst dy mar
- In harkspul -
De persoanen:
de mem |
de jonge |
de iene man |
de polysje |
de earste kostfrou |
de oare man |
de earste underdukster (frou 1) |
de twade underdukster (frou 2) |
de twade kostfrou |
de nachtsuster |
de kostbaes |
de lanwachter |
de sd-er |
|
herta, de iene houn |
de oare houn |
| |
(1)
(it soargeleaze boartsjen fan de jonge mei syn houn)
Hâld nou op mei dy houn, jonge.
(it boartsjen giet noch troch)
Hâld nou op, jonge. Wy ha nou wol hwat oars oan 'e holle!
(it boartsjen haldt op)
Gean der nou mar hinne. Oars ha 'k gjin ûre rêst mear. Aenst pakke se dy noch op.
Ik hoech hjir net to bliuwen.
En dan krije wv se hjir oan 'e doar.
| |
| |
Lit se komme! Dan bin 'k fuort. Mem nimme se net mei.
Dou moatst dy net forsette. Wy moatte ús hjir by dellizze. Dy jonge fan de bakker is ek by de arbeidstsjinst, dy komt om 'e fjirtsjin dagen thús. Wy moatte foarsichtich wêze. Ast ûnderdûkst en se krije dy to pakken, dan kinn' se dy wol deasjitte. Dou bist myn iennichste.
Mem hat alles al ynpakt? Dan sil 'k moarnier wol gean.
| |
(2)
(fuotstappen jonge oer strjitwei. blaffen fan houn dat tichterby komt. fuotstappen stop)
Forrek. Hwa hat 't loslitten? Né, dou meist net mei, Herta. Nei hûs ta, Herta. (houn is tichteby kommen) Dou kinst net mei. Moatst op 'e frou passe. Fuort! Toe nou, fuort!
(janken houn fierderof)
Fuort!
| |
(3)
(strjitluden ynregelje)
Bist net wiis, ast der hinnegiest!
Kinst wol in pear nachten by ús sliepe.
Us mem fynt, dat ik mar better gean kin.
Net dwaen, jonge. Dêr krijst letter spyt fan. Ik ha wol plak foar dy. Dêr fine sy dy noait.
Lit dat mar oan my oer.
(it lud fan harren fuortrinnen tagelyk mei de strjitteluden utregelje)
| |
(4)
Mar is er dêr dan net? Hy is moandeitomoarn op 'e tiid fuortgien.
Dan is er noch ûnderweis, tink. Der is fan 'e moarn op 't buro
| |
| |
birjocht kommen, dat er net fan de trein kommen is.
Mar dan moatt' jim om him sykje. Miskien hat er in ûngelok hâlden.
Ik wit it net. De houn is ek al trije dagen fuort.
Dy herder? Jo hearre der wol mear fan.
| |
(5)
Ja, mar dy houn moat werom!
Hwat tinkst wol? Dou bist al in wike ûnder wetter. Se hâlde jim hûs yn 'e gaten. Der wurdt al om dy socht!
Hwat sil mem ûngerêst wêze. Se moat dochs witte, dat my neat mankeart.
Se moat neat witte. As se neat wit, kin se har ek net forprate.
Oars krije wy in soad gedonder. Wachtsje ris. Is 't in polysjehoun?
Dan moat er mar by dy bliuwe. Hy kin ús noch fan pas komme.
Ja... hoe bidoel ik dat... dou soest my wol hwat helpe kinne.
Hjir yn 'e hûs? Dou hiest dochs plak foar my?
By de streek? Ik kin ommers net foar 't ljocht komme.
In stik fan 't hier ôf makket dy in hiel stik jonger. En dan in pofbroekje oan. Op dyn persoansbiwiis dy twa jier jonger meitsje, dat rêdde wy ek wol op.
| |
| |
Amsterdammers. 'k Moat foar in stik as fiif noch plak sykje. En dit binn' de lêsten net. Ast ien helpst, komme der tsien oaren op ôf. Famylje faek.
Ja. Dizze fiif fyn 'k noch wol plak foar. Dy ha my in goed stik jild bean. Ast wêze moat, wol 'k foar dizzen wol hwat kostjild bitelje.
Ja. Underdûkers iten jaen hoecht dochs net om 'e vocht.
Dan geane se mar nei in oar ta.
Dou kinst dyn kostjild sels fortsjinje!
| |
(6)
Ik bin bliid, dat jo der binne. Dit kin fansels net. As it sa moat, giet hjoed noch de hiele saek ta de doar út.
Sjoch mar ris yn 'e skuorre. Fannacht stiene hjir noch twa foar de doar. Jo meije dy houn hjir wol litte. Dêr binu' se spookbinaud fan.
Hwer komme dizzen dan wei?
Famylje, sizze se. Steane hjir neaken en bleat op 'e stoepe.
Mar hoe binn' se dan oan dit adres kommen?
Dy't hjir al wiene ha skreaun.
| |
(7)
Moaije boel. Nou is dat adres forgoed forballe.
Ja. Tinkst, dat wy by dy widdou ea wer ien ûnderbringe kinne? Dy is fansels deabinaud, dat heal Mokum aenst wit, dat sy ûnderdûkers hat. Ik sil dy in oar adres jaen. Dy twa fan ús moatte dêr hjoed noch wei.
Gjin neil om it gat to klauwen, tink?
Se gean' mar werom, nei dêr't se weikommen binne.
Mar dy moatte dochs ek holpen wurde.
Hwa nimt nou sokke minsken, dêr't oer alle boegen jild by moat?
En dit binn' ek noch froulju. Oars neat as lijen.
| |
| |
Se moatte dochs holpen wurde!?
| |
(8)
Ik kin foar dy beide froulju gjin ûnderdak fine.
Tinkst, dat wy dy hjir ha kinne?
Dy skoftkeet dêr by de graverij?
Dêr is ommers net to kommen.
Dêr is 't better om. Ik roei se der wol hinne. In pak strie en tekkens soargje ik wol foar.
Hoe âld binn' dy froulju?
De iene in jier as tritich. De oare fyftich.
Jonkje, hwat hellest dy op 'e hals? Silst der alle dagen hinne moatte. Dêr komt praet fan.
Ik gean by tsjuster. En se hoege dêr net to bliuwen. As ik earst mar plak ha.
Tink der om, hin! Ik wit fan neat.
| |
(9)
(it lud fan roeijen ynregelje. efkes steanlitte. dan stadich ut)
| |
(10)
(doar keet iepen. keetakkoestyk. de houn granzget)
Die hond doet niets.
(doar keet ticht)
Waar is de andere?
| |
| |
Begrijp je 't niet? Die heeft altijd honger. Die is manziek.
Maar hoe is ze dan weggegaan?
Op d'r eigen benen. Die staat voor niks.
Die komt wel terug. M'n hoofd. Ik wil hier vandaan.
Weet ik het? Ik wil hier vandaan. Ik ga hier dood. Heb je aspirine?
Al weken lang. Breng morgen aspirine mee. Drie buisjes.
Goed. Als de andere terugkomt, loopt ze dan morgen weer weg?
Die? Die moet je opsluiten.
Mar dit kin sa net. Dit kan zo niet. Als ik morgen weerkom, moet ze der wezen!
| |
(11)
Dou hast dy beide froulju hjir yn 'e buert hâlden, hin?
Dêr haw ik my mei rêdden.
Hast noch mear fan sokken?
Dêr praet ik leaver net oer.
Dan sil ik der oer prate: dy grouwe fint, dy'st dêr op 't Efterom sitten hast, dy is 'm smeard. Gjinien wit, hwer't er sit. Witstou it?
Dus dou witst it net iens. Meist wol oppasse, jonkje!
| |
(12)
(it soargeleas laitsjen fan de twade frou. keetakkoestyk)
Waarom lacht u? U moet niet weer weglopen. Dit kan zo niet.
Begrijp dan toch, dat ze ons zo nog zullen snappen.
Voor u heb ik plaats, u kunt nu mee.
Kom jij dan hier bij mij?
Nee. Ik kom hier morgenavond weer. Maar als u nog een keer
| |
| |
buiten de deur komt, laat ik u stikken. - Bent u klaar?
(doar keet iepen)
Je komt toch morgenavond, hè?
Als u binnenblijft.
(doar keet ticht)
| |
(13)
Hjir toarket sa'n donker frommes allegedurigen op 'e buorren om. Is dat ien fan dy beide froulju út myn keet?
Justermiddei. Mar ek al earder.
Dat is de jongste. Nou is se al wer útnaeid. De iene ha 'k to plak, mar dizze bin 'k glêd mei oan.
Hwerom jowt dat frommes har dêr net del?
Is 't sok spul. Dan moat se dêr sa gau mooglik wei.
Dou moatst in plak foar har sykje, dêr't se gjin kant út kin.
Se is net foar ien gat to fangen.
Noch fierder it wetterlân yn. Stil ris. Us omke op 'e Lange Pälle. Dy wennet midden yn 'e poel.
Dêr kin se arbeidzje. Dan bikomt se wol. 'k Sil 't mei him biprate. Ast neat mear fan my hearst, bist freedtojoun om acht ûre mei har by de Bargebrêge. As ús omke har ha wol, dan is er dêr wol.
| |
(14)
As ik dit fan to foaren witten hie. Dit wurdt fiersto biswierlik. Dat stumper hâldt ús alle nachten út 'e sliep. Altyd pine yn 'e holle. Ik wit wol, sokken moatte holpen wurde, mar 't wurdt my ek fiersto nuodlik. It komt wol foar, dat se alles byinoar raest. Dan is se dûm fan pine. Dit is ûngewoan spul, hear! Se hoecht ek hast neat. Myn
| |
| |
man hat nei dokter west. Dy tinkt, dat it net goed komt. Foardat it op 'e ein rint, moat se hjir wei. Ik soe my gjin ried witte, as se hjir stjerre soe. As der hwat komt, kinne wy jo dan wer by jou maet birikke?
Dy stiet hjir eins bûten. Dit binne myn saken. Ik haw gjin fêst adres. Goed, smyt dêr dan mar in briefke troch de doar.
| |
(15)
Se sizze, dat se ús jonge hjir by jo sjoen hawwe. Is dat sa?
Jou jonge, hjir by my sjoen? Dat hat in oarenien west.
Witte jo wier net hwer't er is?
Ik soe 't jo net sizze kinne.
| |
(16)
Sjoch, har bonkaert. Hat se by ús omke lizze litten.
Is se dêr net mear? Hoe is se dêr weirekke?
Mei de molkfarder. Se lei tusken de bussen. Doe't er by him thús foar de wâl lei, kaem se foar 't ljocht.
O né. Twa dagen letter is se wer ôfset. Juster stie se wer by dy molkfarder foar de doar. Se wie krekt op 'e tiid fuort, oars hie dy man de polysje helle.
Se moatte har net to pakken krije. Mei hoefolle minsken hat se al net praet!
Ja. Se woe har weijaen oan 'e bakker foar in koeke. Juster wie se wer op 'e buorren. Meist wolris yn 'e keet sjen.
'k Ha mei dizze mear lêst, as mei al dy oaren.
'k Wit mar amper hwer't se allegear sitte.
Dou moatst dy der mar mei rêdde, jonge. Ik wit it ek net.
| |
(17)
(lud fan roeijen ynregelje. efkes op folle sterkte. dan halde de riemen yn)
Hwat moat 'k nou? Hwat moat 'k nou!
(hy roeit wer. de stim fan de man in bytsje filtere. romtelik meitsje)
| |
| |
Se woe har weijaen oan 'e bakker foar in koeke.
(it roeijen haldt wer op)
Dat frommes makket my noch gek!
Meist wolris yn 'e keet sjen.
Wy moatte der hinne, Herta. Moatst my helpe!
(it roeijen bigjint wer, stiet efkes, dan utregelje)
| |
(18)
(keetakkoestyk)
(sy gappet):
O, ben jij het.
Waarom bent u niet gebleven?
Dat snap je bliksems goed.
Dit gaat zo niet. Je speelt met ons leven.
Dat blijft zo niet. En dan ben ik er ook bij.
Je hebt gelijk. Ik moet binnen blijven. Ik loop niet meer weg. Dat beloof ik je.
Ja, ik beloof het. Waar is die hond?
Moet je een sigaret van me?
Heb je lucifers? (hy jowt har fjûr) Zeg, blijf nog even. Kom hier gezellig bij me zitten.
Heb je de pest aan me? (op ôfstân) Kom 's?! (nou tichterby) Nee, laat die hond maar buiten. (tichteby) Kus me!
| |
| |
(de houn batst blaffend de keet yn. skreau fan de frou)
Af, Herta!
(de houn granzget noch)
Af! Af!!
(hy rint nei de doar en smyt dy iepen)
Kom!
(hy draeft nei 't wetter ta, stapt yn 'e boat en roeit mei gystene slaggen fuort)
| |
(19)
Sa rêdstou dy dus! Dat deasike frommes hjir by my yn 'e hûs tôgje litte. Hoe komme dy minsken oan myn adres?
Dat mins mei dy tumor. Dêr ha se my mei opskipe. Hoe komme dy minsken oan myn adres: Ik soe der bûten bliuwe, net? Hast al dy minne gefallen fan dy myn adres jown?
Né. 'k Sil 't dy útlizze. Dou bigrypst it net.
Hwat moat ik bigripe?! Ik sit der mar mei. Mar dou silst der mei rêdde! 'k Ha der in dokter by hawn. Dy hat har in spuitsje jown. Foardat se bykomt, moatst har yn 't sikehûs ha.
Ja. Dy dokter hat it sa regele, dat se dêr joun forwachte wurdt.
By de weinmakker stiet sa'n tichte bakfyts. En dou moatst hjir net mear komme! Dou rêdst dy mar!
| |
(20)
(it moedsum traepjen op in bakfyts ynregelje)
Oan 'e foet, Herta! By my bliuwe...!
(it lud fan 't traepjen efkes stean litte, dan stadich utregelje)
| |
(21)
In frou mei in tumor, sizze jo, dan wisten wy it hjir wol.
| |
| |
(stilte) Hokker dokter hat jo hjirhinne stjûrd? (stilte) As jo gjin papieren hawwe, kinne wy oars net opnimme as akute gefallen, menhear!
| |
(22)
(traepjen op in bakfyts ynregelje. tidens it traepjen de stim fan de iene man filtere en direkt trochkomme litte)
Dou rêdst dy mar.
Foardat se bykomt moatst har yn 't sikehûs ha.
Dou rêdst dy mar!
(it ratteljen fan in wynmotor wurdt sterker. stadiger traepjen. traepjen stop. de jonge stapt fan 'e bakfyts, skuort it remhansel omheech en docht de bakfytsfoarke del)
Op har passe, Herta. Ik kom daelk wer. Op har passe!
(de houn jankt. hy rint fuort. it lud fan de wynmotor utregelje)
| |
(23)
Noch yn 'e bakfyts. Oan 'e polderdyk, by de wynmotor. Ik kin mar gjin plak foar har fine, jo binne de fjirde al fannacht. Se moat dêr wei. As se bykomt, is 't net bêst!
Se hat lêst fan 'e holle.
Helje har mar op. Se moat mar yn 't skûlplak.
| |
(24)
(lud wynmotor ynregelje. it janken fan de houn)
(bakfytsdeksel omheech)
Se sliept noch?! Hielendal kâld!
(it deksel ploft del)
Hjirwei, Herta. Hjirwei! Se is dea.
(lud wynmotor tagelyk mei syn fuotstappen utregelje)
| |
| |
| |
(25)
Je hebt me lang laten wachten.
Kom mee. Ik heb onderdak voor je.
Ik wil hier best blijven.
Né. Je moet hier vandaan. Ik heb tegen die mensen gezegd, dat je ziek bent.
Je hebt last van je hoofd.
Die mensen rekenen er daar op. Je moet daar in je schuilplaats blijven. Je blijft daar, hè?
| |
(26)
Dou seist, dat se lêst fan 'e holle hat? Dy hat de kolder yn 'e kop. Fan 'e moarn is se útnaeid. Ik haw har mei in mof út in berm kommen sjoen.
Ik ha 't mei myn eigen eagen sjoen. Dit is deagefaerlik. Ik wol har net langer ha.
Jow my de kaei mar. Ik bring har wol fuort.
| |
(27)
(it lud fan 't roeijen ynregelje. de houn granzget)
Doe die hond weg! Wat ben je van plan?!
(houn granzget)
| |
| |
Doe die hond weg! Hij vermoordt me!!
(houn granzget)
God, die hond!
Fêst, Herta!
(in skreau fan de frou. se falt yn 't wetter. it slaen mei earmen en skonken giet oer yn in twade skreau. dan wurdt it stil)
| |
(28)
(de kommende tekst yn in greate stilte)
| |
(29)
(de jonge graeft in gref. deroerhinne: it lange janken fan de houn yn in wide romte)
| |
(30)
(it tikjen fan in wekker ynregelje. de jonge leit op bed en dreamt unrestich. dan filtere:)
Dou rêdst dy mar - dou rêdst dy mar - dou rêdst dy mar...
(oergeand yn: in skreau fan de twade frou. se falt yn 't wetter. har slaen mei earmen en skonken giet oer yn in twade skreau. de jonge sjit mei in skreau oerein)
(stilte)
Reitsj' ik dit nou noait wer kwyt?!
(it tikjen fan de wekker utregelje)
| |
(31)
Ik hear dy net mear oer dy beide froulju. Hast se to plak?
Dy ha dy hiel hwat tiid koste.
| |
| |
Jow dy ris efkes del, jonge. Hast noch gjin minút stil sitten.
Ik ha noch lang net dien.
Dou hellest ek fiersten to folle oan.
Dat 's gjin wurk foar dy. Ut en troch in putsje en dan wer dagen oanien yn 'e hûs sitte. En hoe komt it dan mei dyn ûnderdûkers? Al dy reizgerij mei bonkaerten, kinst dat oan oaren oerlitte?
Dat komt wol klear. Kom, Herta!
Gjin kluchten, jonge. Pas nou mar goed op dyn ûnderdûkers. Gjin mins, dy't it better docht.
| |
(32)
Ik miende, datst hjir net werkomme soest!
Dit 's de lêste kear. Ik hâld der mei op.
Hast dy beide froulju to plak?
Dêr ha 'k mei rêdden. Ik wol by in knokploech.
Kinstou my in adres jaen?
Hwerom net? Ik wol helpe.
Dou bist to jong. Dou hast noch neat presteard. (stilte)
Hjir hast dy papiertroep.
(it pakje wurdt iepenteard)
Bonkaerten. Persoansbiwizen? Hwat foar nammen binne dit?
'k Ha opskreaun hwer't se oeral sitte.
Bist nou hielendal gek!
(hy skuort de list stikken)
Moatst dy adressen yn 'e kop ha. Nou, dan moat ien it mar fan dy oernimme. Bring dizze bonkaerten mar nei 't Ald Tolhús. Seist mar, dat ik dy stjûrd ha. Neam dy man al dyn adressen. Mar skriuw se net wer op!
| |
(33)
(fuotstappen klompen jonge op strjitwei. in kloft marsjerende en sjongende dutskers komt tichterby. houn jowt lud. lud fuotstappen stop)
| |
| |
Stil, Herta. Kom mei!
(biweech fan strewelleguod)
Hâld dy koest!
(soldaten komme tichterby. houn granzget)
Stil, hâld dy stil!
(soldaten marsjeare foarby. efkes letter it lud fan klompen dat utregele wurdt)
| |
(34)
Hwer silst sa let noch hinne?
'k Moat hwat fuortbringe.
Jonkje, wês docks foarsichtich!
| |
(35)
(stappen klompen komme tichterby)
Dêr komt ien oan. Hâldst it locht klear?
(fuotstappen komme tichterby)
Ljocht!
(houn blaffend op lanwachter yn. in skot. de jonge draeft fuort)
Stean bliuwe! Oars giest itselde paed as dy houn.
(fuotstappen stop)
Hjir komme!
(fuotstappen tichterby)
Hâld him beet en sjoch hwat er by him hat. Hjir dat pakje!
(iepentearen pakje)
| |
| |
Bonkaerten! Donderje 'm yn 'e wein.
(se smite him yn 'e wein, springe der by yn, it tichtslaen fan in portier, de auto riidt fuort)
(in sel = kelderakkoestyk)
| |
(36)
(de tekst fan de sd-er en alle oare lûden moatte filtere wurde)
Hwat bin 'k kâld. Alles is wiet. Hoe lang liz ik hjir al? Alles docht my sear. Aenst skynt er my wer mei dat ljocht yn 'e eagen. As ik se ticht doch, skoppe se my.
Hoe let is 't? Hwatfoar dei is 't hjoed? Kinst net prate? Hoe let is 't? Sjoch my oan! Hwat soest mei dy bonkaerten. Hwer soest hinne? My oansjen! Hwer kaemst wei? Hwer soest hinne? Kinst net prate?
Hast oars neat to sizzen? Oars neat?
Hast oars neat to sizzen? Bitink dy mar ris. Wy prate wol ris wer!
(stilte)
It stjonkt hjir. Hoe lang liz ik hjir al? 'k Ha toarst. Dy drippen oan 'e muorre binne sâlt. Hwat dogge myn eagen sear. Lei ik mar yn 't wetter.
(in skreau fan de twade frou. se falt yn 't wetter. it slaen mei earmen en skonken giet oer yn in twade skreau. deroerhinne:)
Dou stjonkst. Se moasten dy ôfspuitsje. Dy yn 'e weak sette. Dou moatst yn 'e tobbe. Sjochst my net? 'k Sil mear ljocht meitsje. Sjoch my oan. Hjir, in glês wetter. Sjochst my net? 'k Sil mear ljocht meitsje. Sjochst my nou? In glês wetter. Né, eefkes wachtsje. Siz it mar! Gjin toarst? Gjin toarst?
(hy leget it gles)
Wy prate wol ris wer! (stilte)
Ik sjoch neat mear. Se forniele myn eagen. Ik héár allinne mar.
| |
| |
Hwer kaemst wei? Eagen iepen! Hwer soest hinne? Hjirhinne sjen! Hwer soest hinne? Sjoch my oan! Eagen iepen! Hwer kaemst wei? Hast neat to sizzen? Wy prate wol ris wer!
(filtere):
Se kinne dy wol deasjitte, jonge!
(it laitsjen fan de twade frou)
(it lud fan it traepjen op 'e bakfyts. it janken fan 'e houn. it lud fan de wynmotor. in skreau fan de twade frou, dy't yn 't wetter falt. it slaen mei earmen en skonken giet oer yn in twade skreau. it lange janken fan in houn yn in wide romte. it graven fan it gref. deroerhinne:)
Hwer kaemst wei? Hwer soest hinne? Hwer kaemst wei? Eagen iepen. Hwer soest hinne? Hjir hinne sjen! Hwer kaemst wei? Sjoch my oan!
Hwerom libje 'k noch? Ik haw ien formoarde!
(de boppeneamde luden binne weromkommen, net mear yn folchoarder, mar trochelkoar hinne. it forhoar giet troch. it hiele kompleks fan stimmen en luden wurdt hieltyd sterker. it wurdt in binearjende dream)
(in stilte)
| |
(37)
Bist net bliid, datst wer thús bist? Hast it hjir by my dochs goed, jonge.
Ik ha myn spullen ynpakt. Ik gean moarnier.
Moatst net sa ûngeduerich wêze. Oars komt it net klear. Hast noch safolle om tankber foar to wêzen. Ast mar meiwurkest, dan wurdst wol better. Dou bist myn iennichste.
(hy stekt in sigaret op)
Moatst net safolle roke, jonge. Dou stekst de iene mei de oare oan!
Wy sille hoopje, dat it moarn moai waer is.
Silst foarsichtich wêze? Moatst al om dyn sinnebril tinke.
| |
| |
| |
(38)
Hast noch wol ris hwat fan dyn ûnderdûkers heard? Hast safolle holpen.
Né. Ik hoech neat to hearren. Ik woe, dat 'k der nea oan bigoun wie.
It hie folle better kinnen.
Hoe komst der by? Dat makkest dysels mar wiis.
Ik sil myn spullen ynpakke.
Hast it hjir net nei 't sin?
| |
(39)
Moatst ek wer ris nei de eacharts ta.
Dou moatst sa net, jonge. Soest net wer in houn ha wolle? Dat forset de sinnen hwat. Fynst ek net? Hwat is der oan, jonge? Hwerom seist neat?
(de jonge reaget syn stoel oan kant en rint fuort)
Hwer silst hinne?
| |
(40)
Hjir wie 'k dan wer ris. Se ha mar in knappe houn foar dy opskarrele. Krekt sa'n ien. Kom hjir ris, Herta!
Ha se dy net deasketten? Dou hast mear gelok hawn. Dêr moatst fan profiteare. Hwer sitst oer to stinnen? Kinst noch alle kanten út! Hwerom seist nou neat? Ik haw ek genôch meimakke, mar dêr rin ik nou net mear mei om. Dat ha 'k fan my ôf smiten. Op 'e nij bigjinne. Dat haw ik ek dien. Kinst oer alle boegen holpen wurde. Lit dy opereare. Dy eagen kinne wol better. 't Wurdt oan 'e lêste sint ta bitelle. Oer jild hoechstou dy noait gjin soargen mear to meitsjen. Ik soe my der wol my rêdde!
| |
| |
| |
(41)
(fuotstappen fan twa manlju ynregelje)
Sa by skimerjoun sjoch 'k noch it bêste. Ik kin gjin ljocht forneare.
(yn de fierte it lud fan in auto)
Helpt dy sinnebril net mear?
(auto ynienen tichterby)
Tink om dy auto!
(de auto raest mei piipjende bannen troch de bocht)
Idioaten! Toe mar, riid mar troch! Dou hiest wol dea wêze kind! Hwat is der oan? Bist sa skrokken?
Hoe hellest it dy yn 'e holle?
Help my. Ik sjoch neat mear.
| |
(42)
Ik tocht, ik moat mar wer ris by him sjen. Hwerom komst noait by my?
Dou hast it oars wol oan tiid, jonge. De houn bringt dy der wol.
Hwat dochst sa'n hiele lange dei?
Hy sit de heale dei mei in boek yn 'e hannen. As er ien bledside lêzen hat, dogge him de eagen al sear.
Hy soe 'm dochs operearje litte?
Ja. Dou moatst ris nei dy dokter ta.
Hearst noch wol ris hwat fan dyn ûnderdûkers?
Hy wit net iens hwer't se bidarre binne.
| |
| |
| |
(43)
Hwerom praetst dy net út, jonge? Dou sitst dêr mar. De wrâld giet sa oan dy foarby. Dou moatst it loslitte.
Dou seist, wy bigripe dy net, siz dou it dan!
Ha jo der wol ris by west, as der guon deagyngen?
Jawol. Dat makket elts mei.
It iene gefal is it oare net.
Ha se dêrre guon foar dyn eagen ôfmakke?
Ik ha guon stjerren sjoen.
Nou bigryp ik it. Mar dou moatst it kwyt, jonge. Hoefolle oaren ha soks ek net meimakke. Dou bist de iennichste net.
't Wie oarloch, jonge. Wy ha allegearre skuld.
| |
(44)
'k Hie tocht, dat 'k der ris in kear ôfwêze soe. Mar ik haw noch hieltyd fan dy kearels oan myn doar. Fan de resjerzje. Se ha hieltyd wer hwat nijs. Ik wit ek net, hwer't al dy minne gefallen bidarre binne. 't Measte koe 'k wol yn 't lyk bringe, mar nou bigounen se ek noch oer dy beide froulju. Witst wol, dyst yn dy keet hawn hast. Is dy âldste, dy sike, is dy stoarn? As dy sike stoarn is, moatstou harren mar fortelle hoe en hwat.
En dy jongste, hat dy de ein helle?
Hearst my net? Dy jongste, libbet dy noch?
'k Soe mar iepen kaert spylje! Se komme wol by dy. Ast it dàn mar witst!
| |
(45)
Hjir hast in pakje sigaretten.
Ik smook net mear. Ik gean op hûs oan. Kom!
Dy houn helpt dy mar moai, hen?
Hy bringt my moai to plak.
| |
| |
| |
(46)
(fuotstappen jonge ynregelje. fuotstappen stop)
Gean nou mar nei hûs, houn. Ik rêd it nou allinne wol.
(hy knoffelet yn in skou en roeit fuort. efkes stean litte, dan utregelje)
| |
(47)
(it lieden fan in tsjerkeklok ynregelje. efkes steanlitte. dan utregelje)
| |
(48)
(kluten ierde falle op in kiste. efkes stean litte. dan dertrochhinne: it lud fan it graven fan it gref, it ratteljen en piipjen fan de wynmotor en it lange janken fan de houn yn in wide romte)
|
|