De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 261] [p. 261] [Nummer 7/8] Leo Popma / Fersen Agion oros (athos) Under it byntwurk fan har kreakjend binnenplein fuorje hilligen it lytsfé fan de ivichheit de oerjierske rammen en har list fan traechheit yn 'e dage kurven en dy't der lânnen ré ta it brânmerk fan de geswoarenen de neaken baeijers talmjend yn de stolp fan de simmertiid de fjûrstien yn har tredde hân en op 'en iepenst foar de kwartelslach hoe soene lykwols de steksjoggigen har de oerdeis bylâns it ezelpaed nei sé bijaen op hope yn it nutehout opnij de manlike founling oan to treffen - ? sêft brekt it nachtkoar út 'e holten fan de dea wjerpine oan it woedend dier myn freon syn ropnamme op myn hazzelippen [pagina 262] [p. 262] Wanbihear Lânskippen ûnder plústerrein - hellingen lûdroftich flakten evenredich - út elk folk de ienling dy't him wart en ûnneigeanber it foarhannen ark, dat is hwat bleau nei't ienris de brette fûgels har trek forlein blieken to hawwen de dagen tille langer fan it harguod fonkjend yn 'e skuorren forrint de kâns fan it seizoen, hoelang al sykje de spegelfjochters in proai yn har ûntrêdden goa - ? forwoast lade de dichters it ségryn yn har balgen kroanjend yn 'e kielklam en it harsenssnoer, of elk oar ek op it skerp fan it biwende wapen hokjend as de froulju yn har lotsforboun, eangjend de formoedens fan de pestingel en syn gerjocht oer it wanbihear Vorige Volgende