De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 221] [p. 221] [Nummer 6] Oene Spoelstra / Trije oantinkens oan it gesticht I Wy sieten oan deselde tafel hy en ik en diene hop hop trynke yn amearika jantsje yn australia wy hiene swéslach hwant hy wie de keizer fan china nammentlik in broer yn amearika hie in fabryk. Wy sieten oan deselde tafel hy en ik en seine oars net as dach mynhear nacht mynhear hwant hy wie de keizer fan china. [pagina 222] [p. 222] II It famke wreau trijeris deis de doarren mei in doekje waenwiis by elke doar trijeris in heas lûd sûnder triennen hja hie in opdracht hwant hja wie in bern fan god. III Yn it therapeutyske lokael dounsen kleurde famkes op in rychje oan in toutsje in wike in libben lang. Hja wiene de bern fan de mynhearen mei tearen as oars wol tremoaren oan hannen en fuotten hongen hja en wachten oant mynhear foarbyried dan waerd har plak oan in oar forsein. Vorige Volgende