Krityk yn 't koart:
A-wyt, in fariant op a-syl?
A-WYT. tweetalig literair tijdschrift in samenwerking met de New Left. meinummer 1. redaksje F.S. Sixma van Heemstra, kontaktadres foar Fryslân 05100 - 22824. Foto's fan Piter Doele. Opmeitsjen fan Piter Doele, Pormannen ensfh. Utjower: Singel 319 Amsterdam-C.
Soms - al is it tige inkeld - wurd je yn Fryslân op je winken bitsjinne. Net sadré haw ik wiisd op it forlet fan in nije fryskliteraire periodyk foar jongerein om de 20 hinne (Tsjerne, maertnr. '67) of in pear wike letter leit ynienen dit A-WYT op 'e tafel, in ûndernimmen fan 'e Amsterdamske útjowerij Brinkman, deselde by hwa't (nou wilen?) quatrebras forskynde.
Is A-WYT in jongereinorgaen? Neffens de uterlike presintaesje (langwizich formaet à la barbarber, pop-art-achtige yllustraesjes, de teksten trochskeard mei oerwâldgjalpen as wok!, thwip!, thump!, thunk! en throp!) hat it der yndied wol hwat fan. Ek it feit dat de ‘ABN-talige’ Ljouwerter jongereingroep New Left mandélich is oan dizze ‘eksperimentele manifestatie’ wiist dy kant wol hwat út. Fierders tsjutte de fjouwer anonime fersen dy't yn dit 12 pagina's tellende nûmer yn facsimile opnommen binne der dúdlikerwize op dat men hjir to rêdden hat mei poëzij fan in jongere dichter. Mar fierders kin al min sein wurde dat hjir in nij tydskrift fan wâl stekt dat driuwt op in inisiatyf fan 20- à 25-jierrigen. De skipper dy't de redaksjekloet hantearret, baron F.S. Sixma van Heemstra, is in man fan boppe de 50, hat dus Abraham al sjoen, wit alteast hwer't dy de moster hellet. De Fryske kontaktman dy't as lichtmatroas efter de mêst fart, neffens it telefoannûmer de hear G. Abma fan Ljouwert, is ek it jongste al ôf. Bliuwt oer (as kajútsjonge sa to sizzen) de yndied jeuchlike newlefter Tom S. Hageman, dy't as tydskriftrunner ABN skriuwt, of tominsten soms wol eat dat dêrop liket.
Dit ‘konfrontaesjenûmer’ wurdt iepene mei in ‘disposysje’ fan redaksjewegen dêr't ik net al to folle ljocht oer krije kin, mar dat sil lizze oan myn tokoart oan training op it stik fan close-reading. As Van Heemstra dêr de auteur fan is dan hat er aerdich oanleard hwat troebelheit fan formulearring oangiet. Syn barokke wurdbrij (‘faer dwersoptrochôfbrek en stjêr elke dei tûzen deaden, lit dy sjen iepen en bleat en neaken op it FKK-strân to Söl’ ensfh. ensfh.) is bihalven in opwekking ta (geastlik?) nudisme in stael fan taelgrienmank dat mar min strykt mei hwat A-WYT neffens de neistlizzende pagina wol, ntl. nijsgjirrich en bigryplik wêze, ynsjoch en bigryp jaen, plak fan útgong wêze foar in nij bistean. Ien ding is klear: A-WYT wol it artistike klimaet yn Fryslân forbetterje Akkoart. Prima. En al wurde dy foarnimmens dan werjown yn kreupeljende sinnen as: ‘En dit terwijl de Friezen, naar mijn Niet-Frieze oordeel, over het algemeen, kwa karakter, een gemiddeld grote kreatieve en artistieke mogelijkheden beschikken’, - in kniesear dy't der langer oer falt.
Ta de literaire registraesje op in mear nochteren basis heart in fraechpetear dat G. Jelles (neffens de Ljouwerter krante deselde G. Abma) hawn hat mei Fedde Schurer. Dêr komme oer Tsjerne-saken in pear ûnoarme pûsters yn foar, mar ek aparte útspraken lyk as dat de dichter net bang is fan de dea en net folle jowt foar forwachtingen oer it hjirneimels.
Hat in tydskrift as dit takomstkânsen? It is ôfwachtsjen. In handicap foar it lizzen fan in hwat steviger basis, liket my ta, is dat men jin net abonnearje kin. Dochs sil ek sa'n periodyk saeklik op sokke fêste ynkomsten driuwe moatte. Hwa't lyk as de útjower blykber docht yn Fryslân gokt op losse kiosk- en strjitteforkeap hat in forkeard idé oer de posysje fan it Frysk yn ús stêdden. Mar dit wjerhâldt my net en jow dit nije bisykjen myn patriarchale seine mei. Better hwat as neat.
D.A.T.