| |
| |
| |
Durk van der Ploeg / Ut it libben fan Victor Basil
Dy't foar Barak 6c stiet falt de dea ûngemurken yn 'e earmen. It plein is ien greate wachtkeamer dêr't hûnderten yn 'e rige stean en heul sykje yn in medyske bihanneling fan Hilfsarzt Henker dy't op sokke dagen as in dier troch de Barak tjirget. Hy is de greatste spesialist yn it kamp dy't al inkelde jierren tige yntensyf dwaende is de Medizinische Wissenschaft to tsjinjen yn talleaze ûndersikingen by de minske fan de harsen oan de fuotsoal ta. Elke ôfwiking yn it minsklik lichem is foar him fan bilang en wurdt mei it nedige biwiismateriael registrearre. Sa is der troch de tiid hinne gâns in bulte materiael sammele oer de ûntjowing fan it minskeras, dat troch Henker yn in pear stielen kasten biwarre wurdt. Hy hat altyd noch de hope om al dat materiael to forarbeidzjen yn in dissertaesje dy't er letter skriuwe wol, sadré't er in fredich libben kriget yn syn villa to Baden-Baden en de praktyk him net mear opjaget fan de iene dei yn 'e oare. Dy villa yn Baden-Baden bistiet al lang yn syn dreamen dy't him altyd fier yn it foar bliuwe. Mar oer inkelde jierren hopet er dochs de stielen kasten dêrhinne oerbringe to kinnen om him rêstich oan de stúdzje wije to kinnen en as yn in visioen sjocht er him dan al mei Erna en Käte to fiskjen by de rivier. Der binne noch tofolle dingen dy't dy takomstdream fan him ôfskouwe. It wurk hat him sa yn bislach nommen dat er him der net mear los fan meitsje kin, hoewol it as sadanich mei wittenskip net folle út to stean hat. Elke forpleger, in handige forpleger dan, soe it wurk ek dwaen kinne. It is yn him ek mear de lust ta it sammeljen fan materiael en dêrby it opfieren fan de produksje, hwant Henker is tige gefoelich foar sifermateriael. De bihannelingen moatte perfeksionearre wurde, it systeem doeltreffender, de ekspedysje ekonomysker en de administraesje moat forienfâldige wurde, sadat der in makliker oersjoch komt fan
it direkte sifermateriael. Dêrfoar moat er bitoefte en bitroubere assistinten hawwe. Dy ellindeling fan in Schmarotzer kin er neat mei, dy sêfte hielmaster hie doarpsdokter wurde moatten. Krempel en Schlamm, dy frekkelingen sitte hiele dagen
| |
| |
to tellen, hâlde oeral kontrôle op en jowe opdrachten om út de chaos rapporten gear to stallen foar de kampführer en Referat IV B 4. Henker bisiket tusken de stream fan patiënten troch hwat oarder to krijen yn de rotsoai dy't der op syn bureau omsleept. Bergen formulieren, tabellen, grafiken en tekeningen. Al dy rommel makket him gek, mar as de Oberstarzt Leichnam komt, dan glundert er en strykt senuweftich mei syn reade hannen de knûkers út de papieren, lêst de einsifers fan de Monatsausweis foar mei muzyk yn syn stim, deklamearret inkelde rapporten, wilens Leichnam glimket, syn snor oppuntet yn in optimistyske stân en dan stadich de glacé's wer oanlûkt en him op 'e bûsen slacht en seit: Kom, ik sil mar ris wer fierder sjen.
Keurich, keurich, dokter Henker, kraeit Leichnam.
As hy der út sil keart er him krekt foar de doar om en freget: En Basil? Basil, seit Henker neitinkend. Hy ropt yn syn papieren, sjocht flechtich de steapel tabellen, rapporten, katalogi troch, lûkt in pear laden iepen fan syn stielen kasten, bliuwt dan in momint mei de hân oan 'e holle stean en tinkt djip nei. Hy preuvelet hwat oer administratieve rompslomp, de hel foar boekhâlders, hy sjocht Leichnam oan en seit, as komt er út in dream werom, Ja, Basil...
It rapport kin my it measte net skele, seit Leichnam, ik wol graech witte hoe't it mei him is, is der groei yn it each waernimber en hoe stiet it mei it gesichtsformogen?
It each groeit bûten de eachslidden en moat fet hâlden wurde meidat de klieren fan Meiboom net mear normael wurkje. Henker lûkt it rapport fan Basil út ien fan de steapels wei en leit it Leichnam foar. Leichnam knipert mei de eagen, pakt syn bril en makket dy tige omslachtich skjin. Hy bisjocht de bril earst op in ôfstân en docht him dan tige mei sin op. Hy lêst en bliuwt dan in skoft mei it rapport yn 'e hannen stean. Alles stiet der net yn, seit er en sjocht Henker ûndersykjend oan. Henker knikt en tyspelt yn de papperassen. Leichnam lêst nou lûdop foar: Victor Basil. Ald 37 jier. Boekhâlder. Berne 6-7-1906. Sosiael Demokraet. Net troud. Jo hawwe him dochs ûnderfrege?
Henker knikt. It is de wierheit, seit er.
In heale wierheit, seit Leichnam. Ik bidoel eh... der soe ek noch sokssahwat yn stean moatte as: Erkent op in heilleaze wei to wêzen, of eh, nou ja, jo witte sels wol hoe't soks redigearre wurde moat, bygelyks: Basil, Victor forklearret tsjinoer dokter Henker, syn lichem en geast oan de bilangen fan it Dútske Ryk ûnderwerpe to wollen en by need
| |
| |
syn libben op to offerjen oan de frijheit fan it Dútske Folk. Of sa: Victor Basil hat tsjinoer dokter Henker forklearre, dat er sels net bilangryk is, mar allinne tsjinstber oan de meiminske wêze kin troch him alhiel oer to jaen oan de medyske wittenskip yn it bilang fan de ûntwikkeling fan de minske, yn it bysûnder de Germaense rassen. Inkelfâld of mearfâld, dat wit ik sa krekt net. Dit rapport is in deade, nutteleaze matearje sûnder in ideéle bitsjutting foar de takomst fan it Dútske Ryk. En bisykje ek Basil hwat produktyf to meitsjen. Dat sil psychysk fan greate bitsjutting wêze en him ynsicht jaen yn de werklike wearde fan syn medyske bihanneling, tominsten as er mei de fortuten fan dy medyske bihanneling ek in praktysk nut ta útfiering bringe kin, tominsten... eh...
Leichnam makket de sin net ôf mar wachtet oant Henker him de doar iepen docht. Hy sjocht Henker yn it foarbygean ûndersykjend oan. Henker lûkt de doar efter him ticht en bliuwt foar syn bureau stean mei it rapport fan Basil yn 'e hannen. De spieren op syn foarholle wurde tsjûker. Dan fljocht er as in idioat nei it laboratorium en flokt himel en ierde byelkoar.
Basil stiet bûten yn de lange rige to blaubekjen foar Barak 6c en hipt fan de iene poat op 'e oare. Basil is mar in lyts mantsje dat alhiel wei wurdt yn de rige. Basil wol syn hân optille om nei it each to fielen, mar syn hannen sitte klam tusken de minsken. Hy makket in refleksbiweging nei it each, tominsten dat wol er dwaen. Sadré't der hwat romte yn de rige komt, meidat de doarren iepengean en de minsken opskouwe, skuord er de hân hastich omheech. As er it each oanrekket byt it as kriget hy der sjippe yn. Mei tûme en finger lûkt er de toppe watten fan it each ôf. Der hinget him suver in pûde op it wang alhiel trochweakke fan de salve. Mei syn fingers kin er wol fiele dat dy pûde alle dagen tsjûker wurdt. It fielt him krekt as hat er gjin each mear, mar sit der in sigerich gat yn syn holle. Basil wol syn hân wer nei ûnderen dwaen, mar de minsken kringe hieltyd mear op him oan; groeije boppe him út, bûge har as planten oer him hinne. Elkenien dy't ek mar hwat mei de kop boppe de mannichte út komme kin, hâldt it each stiif op 'e doar dy't regelmjittich iepengiet en de minsken linke tsienen ynlit. Basil wit der fan. Nou al fjirtsjin dagen efter elkoar giet er elke dei troch dy doar hwerefter Hilfsarzt Henker syn pasjinten ûntfangt as in heilân. Basil hâldt de hân biskermjend foar it each. Lokkich, tinkt Basil, dat ik de hân omheech haw, nou kin net ien mei syn bonkige earmtakken yn myn
| |
| |
each stompe. Samar ynienen bifljocht him wer de eangst foar Henker, mar noch it measte foar Krempel mei syn systematysk forhoar. Hy krimpt alhiel wei tusken de minsken as in ûnbitsjuttend stikje flesk, slacht beide hannen foar de holle. It binne eangstige bylden dy't wer op him takomme. Inkelde wiken lyn is dat al bigoun doe't er plat op 'e kont yn in wagon omdindere. Doe foar it earst tocht er dat ivich en tydlik, tydlik en ivich op dizze ierde bigripen binne dy't yn triplo formannichfâldige by de Lagerführer oer it bureau geane. As guon Rädelsführers de boel administratyf bidonderje, wurdt der op goed gelok in binde úttarde joaden yn in wagon dreaun dy't it tokoart oanfolje as giet it om in reiske nei Castelletto di Brenzone. De doar fan de wagon is greater as in mesk en de hel dêrefter is wer greater as de hel fan Dante, al mei it foar in joad in Louteringsberch wêze mei it each op it Paradys; alteast in orthodokse joad. Noch altyd tiezet Basil mei de fraech om oft er doe ûnder bidriging yn de wagon rekke, of dat er út solidariteit mei de groep joaden oer it plein gyng en de wagon yn roun. Woe hy doe de skuld meidrage? Mar it wol net yn him del. It bigryp skuld koe er doe noch net, dat skuldgefoel groeide letter pas doe't er each yn each stie mei Avraham Sobolewski. Meidat de trein yn biweging kaem groeide der nije hope. Manlju, hja wiene ûnderweis mei de frou en de bern. Krekt salang't der in wei wie, hwer dan ek, wie der reden om to tinken en to hoopjen. Doe't Avraham Sobolewski tsjin de ein fan de reis, steande yn de wagon mei in kleijende stim de genede fan de himel ôfsmeke, kaem der in hân út de skodzjende lichemen dy't Sobolewski de fuotten ûnder de kont weiskuorde. Nimmen soe yn dy romte bidde of protestearje. Mei útpûle eagen bleau er lizzen en seach wer foar him de ghettoos fan Warschau, Belgrado en Odessa. Miskien gyng
syn dream oant Jeruzalem. (Yn 1930 hat prof. Sobolewski in stúdzjereis makke nei it Hillige Lân om inkelde aspekten fan de immigraesje to bistudearjen. It politike en nasionale karakter fan it Zionisme hat him lykwols net oansprutsen en as in toloarsteld man is er werom gien; hat swalke fan Berlyn nei Belgrado, fan Belgrado nei Odessa, fan Odessa nei Warschau, mar nearne hat men him mei rêst litte kinnen). Basil wurdt lam yn 'e skonken en lit him hwat tusken de minsken hingje. It wurdt tsjuster oer it plein. It tsjuster komt fan de minsken, tinkt Basil. Oan de muorren hingje lampen dy't op 'e wyn hinne en wer skommelje en eangstige skaden smite tsjin de muorren. Der komme inkelde SSers oer it plein. Elkenien rekt him om har biwegingen en grillige skaden to folgjen. Flokkend en dústend gean se
| |
| |
de rige lâns, jowe hjir en dêr in Kapuzinerpredigt, geane blaffend om de kliber hinne en fordwine wer troch de doar. De rige rekt him út nei de doar ta, sa graech wolle se allegear nei Hilfsarzt Henker foar in Ärztlicher Behandlung. De kaertsystemen, de stielen kasten fan Henker sille har ûntfange. Basil skout hieltyd fierder nei de doar ta. Soms dûkt er út 'e rige omheech om to sjen hoe fier er noch fan 'e doar ôf is. Dan sjocht er ek de holle deadskoppen om him hinne, hweryn de dea op 'e tosken driget. Hy kin it net sjen. Hy kin net prate tsjin dy koppen.
Ynienen lûkt immen him oan 'e earm út 'e rige wei. De doarren swaeije iepen en ticht. Hy rint in lange wite gong troch, heart doarren efter him tichtklikken.
Nim in stoel, seit er.
Henker giet efter syn bureau sitten. Syn kalme moanjende stim kringt amper ta him troch.
Victor Basil, seit Henker.
Basil sjocht him oan. Noch nea hat Henker him sa freonlik ûntfongen. Hy wurdt bang, taest wer nei syn each en triuwt de trochweakke pûde omheech.
Mar Henker laket, biedt him in sigaret oan en freget: Hoe giet it mei dyn each?
It groeit, seit Basil en mei syn hân strykt er oer de pûde.
Prachtich, prachtich. En dan nou hjir mar even yn 'e stoel. Henker lûkt him oan it skouder nei in greate wite stoel dy't ûnder in steande lampe stiet.
Basil fielt de waerme azem dy't Henker him yn it gesicht blaest. Hy rûkt alkohol en sigaretten. Sels hat hy der in bitters smaek fan yn 'e mûle krigen. As men it smoken net mear wend is, smakket it net mear. De lampe is waerm en skerp oan syn goede each. Der fleane skaden trochhinne as fûgels foar de sinne lâns. Henker hellet de watten fan it each ôf en in momint wol er wol troch de groun. As er him ûnder út 'e stoel sakje lit jowt Henker him in opdonder tsjin 'e skonken dat er rjochtoerein yn 'e stoel sit to skokken. Mei ien each sjocht er yn it ljocht, mar mei it oare kin er neat sjen. Ik bin blyn, ropt Basil forwûndere út.
Henker steurt him der net oan mar bigjint mei it each út to waskjen sadat Basil alle eachspieren byelkoar krimpe, oant yn 'e nekke fielt it wol. Hy jowt Basil in greate spegel om sels it each to bisjen.
Basil wurdt kjel as er yn 'e spegel sjocht. It each is twakear sa great as it oare, seit er en sjocht Henker oan mei eangst yn syn iene each.
| |
| |
Dou kinst' aenst twaris safolle sjen mei dit each en miskien wurdt it wol sa sterk dat it mikroskopyske mooglikheden kriget, mar dat hinget ek fral ôf fan de meiwurking fan de pasjint.
Basil knikt dat it each him oer it wang skoddet. As Henker him in wat oer it soune each leit wurdt alles tsjuster. It makket him bang.
As dit each goed slagget moatte wy it ek mei it oare bisykje. Astou aenst twa sokke eagen hast binne der greate perspektiven foar dy iepenlein.
Basil leit ûnder de lampe to switten en de hannen kleve him oan de rânne fan 'e stoel.
Ik sil blyn wurde, raest er ynienen út. Henker hellet de toppe watten foar syn each wei en triuwt him nei de stoel foar it bureau. Hy skout Basil in stik papier foar mei kolommen sifers.
Tel op, seit er en sjocht Basil stiff oan.
Basil bigjint stadich to tellen mei de hân foar it seare each. Dan hat er de sifers ticht ûnder de noas en dan wer in ein fan him ôf.
Ik kin net ôfstân bipale, seit Basil.
Dou hoechst hjir ek gjin ôfstân to bipalen. Alles hat hjir syn ôfstân. Dou hoechst hjir ek net to tinken, inkeld mar to tellen. Sifers optelle. Basil telt. Soms fortrout er him net en telt de kolom nochris wer oer. It binne deade sifers, sûnder omskriuwing. It kin likegoed de administraesje fan medikaminten wêze as fan deade lichemen. It einsifer kin krekt yn de kolom stean. Henker sjocht nei de optelling dy't Basil him oerjowt. Hy knikt.
Hwat tinkt dy fan de oarloch?
Basil hellet de skouders omheech.
Hwa hat hjir de greatste macht, Basil?
Basil tinkt nei en seit dan: Jo.
Henker skoddet mei de holle, sjocht skean oer it skouder nei boppen en wiist nei it portret fan de Führer dat dêr libbensgreat hinget. Hy herinnert him dy kop noch út de kranten dy't yn it bigjin fan de oarloch de nazypropaganda stipe hawwe.
Hitler, seit Basil.
Basil heart de minsken op it plein roppen en gûlen. Sij sille hiel oare fragen krije, tinkt Basil, of in ynjeksje fan de Sanitäter.
Telle is hjir bilangryk, dy't net telle kin doocht net foar dit wurk. It giet hjir oer minsken, seit Henker, en dan moat der sekuer teld wurde. Elke telfout kin fatael wêze foar it hiele systeem. Dou likest my in goede
| |
| |
boekhâlder. Dou kinst hjir yn tsjinst komme. Schnecke en Rundholz sille dy dan wol ynwurkje. Krempel wurdt dyn chef, mar tink der om dat ik hjir de forantwurdlike figuer bin. As der hwat misgiet wurdstou it earst oansprutsen. Schlamm, dêr hoechst dy neat fan oan to lûken. Dy lullige Prús is to stom om foar de divel to dounsjen. Mar dou likest my in goede boekhâlder. Dou moatst der om tinke dat ik hjir net sa'n rotsoai op dit bureau krij, mar dat der in oersichtlike en foar elke leek lésbere administraesje komt.
Basil knikt, al wit er dan ek net wêrom. Ik kin net boekhâlde, seit er en lit de holle yn 'e hannen falle.
Du sollst es tun. Fordomme. Du sollst es tun. It resonearre Basil troch de kop. Du sollst es tun, Luder, blaft Henker. Mar ynienen is er stil as Leichnam efter him stiet.
Wy wiene ôfpraet om Victor Basil mei bikwame hân to oertsjûgjen fan syn bilangen dy't der op it spul steane. Wie dit léste yn it bilang fan jou observaesje tsjinoer Basil? freget Leichnam. Henker skodhollet. Leichnam bûgt him oer Basil hinne en sjocht nei it each dat nou as in heal fordroege prûm op Basils wang hinget.
Forbyn dit each en lit dan de man gean. Moarn kin er hjir oan 'e slach. Henker bringt Basil wer yn 'e wite stoel, smart in klodder salve op it each, dat Basil him wer oan de stoel fêsthâlde moat om net oerein to springen.
Dy't moai wêze wol moat pine útstean, seit Henker, wilens by in nije prop watten oer it each hinne plakt en de pleisters oer wang en foarholle fan Basil útstrykt.
De oare deis sit Basil by Krempel op it bureau mei Schnecke en Rundholz. Krempel leit him it materiael foar. Kolommen sifers om op to tellen en al dy totaeltellingen moatte yn de boekhâlding forarbeide wurde. Ut it kantoar wei kin er op it plein sjen. Dy earste deis moat it allegear noch hwat wenne, mar al ridlik gau kin er aerdich mei Rundholz oerwei. Krempel net, dat is in genipige rotsak, dy't rigelmjittich de tellingen fan Basil neigiet. Nei in pear dagen wit er al moai krekt hwa't er al en hwa net yn 'e gaten hat to hâlden. Schmarotzer hat hwat fan in dûmny, mar Basil mei him net. Hy slûpt him tofolle op syn sêfte skuon dy't er op it laboratorium draecht, hoewol hy ek wol yn de klinyk wurket foar de ekspedysje. Basil hie in keamer krigen yn Barak 6c en sit jouns mei Schmarotzer, Rundholz, Schnecke, Krempel en soms is Schlamm der ek
| |
| |
noch by, to kaerten by in goed glês bier. Nea hat Basil noch sa'n goed libben hawn, al wit er blikstienderse goed dat er hjir net op 'e teannen hoecht to stean en dat der hiel hwat eagen op him loere. Henker sjocht er dêr net faek, hoewol er him forantwurding skuldich is foar syn dwaen en litten. Allinne foar it each moat er elke dei by him komme, dêrfoar kriget er forlof fan syn bureau.
Op in dei as er by Henker foar it bureau sit, seit Henker: Dou moatst my alle kearen ast hjir komst forslach dwaen fan hwat der op it kantoar bart. Elkenien dy't myn namme neamt wurdt troch dy notearre en oan my trochjown. Net dat ik de saek net fortrou, mar ik bin forantwurdlik foar hwat der by Krempel en konsorten bart. En tink der om dat ik my net fan dy bidonderje lit, hwant ik kom altyd efter de wierheit. En om Basil fan de bilangrykheit fan it wurk to oertsjûgjen lûkt er de stielen kasten iepen en lit Basil de resultaten sjen fan syn ûndersikingen fan de lêste jierren. Hy bitrout him it geheim fan syn plannen ta, om meidetiid nochris in dissertaesje skriuwe to sillen oer dizze stoffe.
Dou bist yn dit wurk in wichtige skeakel en dou silst noch fan folle greater bitsjutting wurde as it eksperimint mei dyn each slagget.
It hinget ûnderwilens al wer tsjûker oer it wang en Henker hat opdracht jown in apparaet to konstruearjen hweryn it each op syn normale stand sitten bliuwt en hweryn de klieren fan Meiboom transplantearre wurde kinne om it each wer normael fet to hâlden. Slagget dat allegear dan geane wy meikoarten ek oer om it oare each in selde bihanneling to jaen. Basil lêst op de kaerten dy't yn lange bakken op alfabet yn de stielen kasten steane. Mar hy kin der gjin wiis út wurde. Henker slút de kasten wer en seit bliid to wêzen as er meidetiid de kasten oerbringe kin nei syn villa, mar de praktyk, seit er, en wiist mei syn finger nei it plein. Alle dagen stiet it wer fol fan minsken dy't har oerjowe en mei great fortrouwen de nije takomst fan in lokkiger libben tomjitte geane.
As Henker de pôlle watten fan it each ôf nimt, ropt Basil fol forwûndering út: Ik kin wer sjen. Hy hâldt de hân foar it normale each en sjocht mei it oare de keamer yn it roun. De holle alhiel efteroer omdat it each yn in forkearde stand stiet.
Henker laket. Dit eksperimint sil yn de takomst fan geweldige bitsjutting wêze, ropt er en slacht Basil op it skouder. Henker wasket it each noch ienkear út en dan hoecht it net mear forboun to wurden, mar wol moat Basil der sa nou en dan mei in watsje oerhinne mei salve. Basil
| |
| |
kin lykwols net mei beide eagen tagelyk sjen, hwant it iene each sjocht skerper en greater as it oare.
Wy sille sa gau mooglik mei it twade each bigjinne, seit Henker. Basil leit der tsjinyn. Ik sil mei dizze nije eagen neat mear yn normale forhâldingen ûnderskiede kinne. In tafel liket in ûs en myn potlead in stôk. De minsken binne allegear reuzen as ik se mei it nije each sjoch. Mar as ik mei beide eagen sjoch, sjoch ik in lyts en in great minske troch elkoar hinne. It liket krekt as stiet de lytse yn de greate, sa is it mei de tafel, it bureau, de lampe. Alles is yn elkoar opsletten.
Dêrom is it goed dat wy ek sa gau mooglik mei it oare each bigjinne, seit Henker. Sa kinst' mei dyn normale each ek neat bigjinne en mei it nije likemin. Wy sille dêrom de beide eagen gelyk meitsje moatte, der sit net oars op.
Basil knikt. Net omdat er it mei Henker iens is, mar om't er dy syn logika bigrypt.
It giet der nou mar krekt om, seit Henker, om beide eagen yn de nije forhâlding krekt gelyk to krijen.
Basil wit dat er forlern hat. Syn oare each giet der ek oan. Noch in pear dagen dan sil syn nije each yn in buiske skoud wurde en bigjint it eksperimint op 'e nij.
As Basil de oare deis op it kantoar sit bisiket er it mei it nije each. Yn it earstoan komt it him wol maklik foar, de sifers binne great en hy kin sels elk trilderke yn de sifers dúdlik ûnderskiede, as sit by der mei in loupe boppe. Elkenien is fansels nijsgjirrich nei it each. Krempel en Rundholz binne de earsten dy't by him oer it bureau hingje. Lang hâldt Basil it net út. Dy greate sifers meitsje him wurch. It sil earst ek hwat wenne moatte is er sels fan tinken. Mar fral as er skriuwt hat er gjin kontrôle mear oer de sifers. Of se wurde to lyts of to great.
Henker lit der gjin gers oer groeije, mar bigjint mei it oare each. Basil hat oan de linkerkant nou in apparaet hweryn syn each op 'e goede stân stiet. It rjochtereach sit nou yn de watten mei salve en Basil sit alle dagen wer by Henker yn 'e stoel om it each útwaskje to litten. De earste dagen bart der neat, mar dan bigjinne de watten al hwat strakker to wurden. Hy wurdt der soms bang fan. Midden yn 'e nacht fielt er soms oer de watten hinne en leit ûnder de tekkens to switten fan eangst. Hy moat him nou alhiel rêdde mei it nije each. Sjocht alles folle greater as dat it yn werklikheit is. It bigjint mei de sifers al hwat to wennen, al kin er lang sa hurd net mear. Henker stelt him lykwols op syn gemak. Hy
| |
| |
mei sa stadich dwaen as er mar wol. Hwat Basil wol bang makket is dat it nije each noch altyd groeit. It is krekt in ierdbei. Sa sille de beide eagen nea gelyk wurde en kin er de eagen net tagelyk brûke. It each kin al net iens mear yn it apparaet dat Henker der troch in joadsk yngenieur foar meitsje litten hat. De groei fan it nije each giet lykwols wol folle stadiger, mar it each is nou al sa great dat it him tsjin de noas oanhinget. Fan de plannen fan Henker om Basil to brûken foar in forienfâldiging fan de boekhâlding komt net folle toflechte, hwant Basil follet faek de sifers hielendal forkeard yn. It systeem komt altyd hjir of dêr tokoart, tinkt Basil. Krempel fortrout him alhiel, Schlamm is útsprutsen in ûngelok en fan de oaren hat er gjin lêst. Bihalven as Leichnam komt, dy freget goed op alles yn, hoewol, by makket it Basil net lêstich. Ynformearret altyd folle mear nei it each as nei de sifers. Doe Leichnam lykwols de earste kear foar him stie waerd Basil al kjel, hwant dat gesicht fan Leichnam yn sok in forgreating wie om jin dea to skrikken. It like krekt in greate globe, mei pokdobbige kraters en in noas as in berch.
Einlings brekt dan de dei oan dat Basil ek mei it oare each sjen kin. Hy dounset troch de keamer fan Henker dy't daliks it útstel docht om it heuchlike feit de jouns to fieren. Basil sit der by mei in kop as in kikkert. Mei syn greate eagen sit er altyd to loeren, hwant by kin de eagen ek net mear ticht dwaen. Hy sliept nachts ek mei de eagen iepen. Alteast de earste pear nachten. Doe krige er in blynkape, dêr't de eagen krekt yn passe. De eagen binne noch net gelyk, mar Basil seit dat se elkoar wol ynhelje sille. De wrâld is nou foar him wol fiif kear sa great wurden. Alles kin er ûnderskiede. As der in mich by him op it bureau sit wurdt by der suver kjel fan, hwant it liket wol in reuzemier lykas er froeger al ris yn 'e dieretún sjoen hat. De greatste ynspanning is fral om goed en sekuer to skriuwen, hwant elke skamper mei de pinne hindert him nou. It binne foar syn gefoel ûnbidige kouweletters dy't er skriuwt.
It skriuwen fan sifers foldocht Basil lykwols hoe langer hoe minder. Hwerfoar tsjinje al dy sifers, freget er op in kear oan Henker, as dy wer oer syn each gear is. Mar Henker docht earst krekt as heart er him wer net.
Binne it eagen, hûden, tosken, bonken, ringen, kralen?
Dou bist in goede boekhâlder, seit Henker. Dou tinkst tominsten noch nei by dyn wurk, dat hawwe de oaren noch nea dien. As dy mar sûpe
| |
| |
en frette kinne, dan is it harren fierders allegearre wol goed. Dyselde deis nimt Henker him mei nei de klinyk en it laboratorium. Dou wurdst myn assistint, seit er. Ik haw folle better wurk foar dy. It soe skande wêze astou dy hjir as in boekhâlder bigrave soest yn dy deade sifers.
It kring fan in Schmarotzer slacht dêr ek om en seit: kom, dêr hawwe wy de kikkert ek. Mar dat hyt net sa bêst, hwant hy kriget fan Henker op syn donder dat er bisketen ôfdript. Yn dy klinyk krijt Basil wol in antwurd op syn fraech. Hy sjocht dêr hoe't forplegers oan de pasjinten in ynjeksje jowe en in pear minuten letter dea yn 'e stoel lizze. Dan wurde se oan hannen en fuotten op 'e rinnende bân smiten om yn it laboratorium ûndersocht en fouillearre to wurden. Tominsten Henker neamt it fouillearjen. Alle goud en sulver en oare kostberheden wurde de liken ûntnadere en dêrnei wurdt it sortearre. De klean wurde op in bult smiten en foar de ruten lizze sokke hege bergen skuon dat Basil der eangstich fan wurdt.
Ut it laboratorium wei geane de liken mei it lokaelspoar nei de forbrânningsounen, leit Henker út, as is er direkteur fan in moalkonsern. Basil tinkt oan Henker syn villa yn Baden-Baden en de stielen kasten. De eagen dogge him sear fan it sjen en hy slacht soms de hannen foar de eagen. Yn it laboratorium lit Henker him noch in mikroskoop sjen. Basil sjocht der troch.
Siz my hwat ast' sjochst, seit Henker.
Kerltsjes, it liket wol sûker en dêryn stjerkes en alfegear wite puntsjes. Dyn eagen hawwe in geweldige kapasiteit. Dou kinst hjir wurkje op 'e ûndersykôfdieling. Schmarotzer hat hjir de lieding, hy sil dy hjir wol ynwurkje yn de biologyske bysûnderheden. It komt der net sa bot op oan, mar it wurk moat dien wurde foar it fêststellen fan bipaelde kwaliteiten. It sil skande wêze astou hiele dagen mei dy deade sifers omtôgest. Hjir kinst dyn eagen produktyf meitsje en hwa wit kinst yn de takomst sûnder mikroskoop sjen. Uteinlik is dat ús bidoeling om oan de minske kwaliteiten to jaen dy't fier út gean boppe de tsjintwurdige. Wy moatte wurkje oan de forbettering fan de minske, oan in soarte fan Uebermensch, net deselde fan Nietzsche, dy is to glêd, tofolle karikatuer, to kultureel. Né, in Uebermensch lykas wy nou al sjogge yn de gestalte fan Hitler, in man mei boppenatuerlike jeften.
Henker wurdt hwat sentiminteel, mar dat is er altyd as er drank op hat. As se werom gean nei it bureau fan Henker freget er Basil hûndert út
| |
| |
oer Krempel, Schlamm, en oer Leichnam. Basil wol hwat sizze, mar hâldt de wurden op it lêste momint yn. Hy soe normael mei de eagen knippere hawwe, as er mar normale eagen hawn hie.
Dou kinst dy hjir alhiel frij útsprekke, seit Henker en biedt Basil in sigaret oan.
Hwat sei Krempel oer my, en Schlamm. Se hawwe dy bang praet mei dyn each?
Basil knikt. Ik bin bang, seit er.
Henker bliuwt in momint djip neitinkend sitten. Dan giet er oerein nei de stielen kasten, docht ien fan de doarren iepen en hellet der in krús út. Dizze ûnderskieding krigestou fan my. Hy is my útrikt as frontoffisier. Dizze ûnderskieding hastou fan my fortsjinne. Henker spjeldet him it eareteken op it boarst. Basil stekt it boarst foarút. Hy kin net sjen hoe't it krús der útsjocht, mar wol sjocht er sa heal en heal in greate lape brûns skitterjen op syn forsliten jaske. Basil giet yn 'e hâlding stean en saluearret foar Henker.
Dou bist in militair, ropt Henker forwûndere. Hy hat yn Basil oars noch net sjoen as in stomme houn, in liger, in forrieder, in sujet. Dêrom hat er him ek útkeazen foar syn eksperiminten. Mar nou't se slagge binne is er wiis op dizze man. En dat stekt er net ûnder stuollen en banken. Der komme hiel hwat offisieren by Basil om it each to sjen. Soms komme der ek transportführers, Gauleiters, Obersturmführers, en hwa net. Allegear ûnleauwige Thomassen dy't har fan it wurk fan Henker oertsjûgje litte. Henker leit dan in loep op 'e eagen, sadat de ûnleauwigen ek yn de eagen sjen kinne dêr't greate stjerren yn lizze, libjende stjerren as binne it séstjerren. De loupe liket wol in spegelrút yn Basils eagen en de hierkes yn Henker syn kin ken er dan sa dúdlik ûnderskiede dat er ek de gatsjes yn de hierkes sjen kin. Yn syn fel sitte djippe poriën as groeden. It like wol in berchmasyf. Guon fan de offisieren sjogge ek nei de ûnderskieding dy't Basil oan de rever fan syn jaske hat to bongeljen en saluearje foar Basil. It is hieltyd wer in aerdige ûnderbrekking foar Basil, tominsten dat fynt er sels.
Dat al dy hege offisieren sa'n bilangstelling hawwe foar in lúsangel as Basil kinne de oaren net forneare. Tominsten Schmarotzer kin Basil wol sjitte. Basil tocht earst dat dy Schmarotzer in blikken dûmny wie, in jaknikker, in bleke skiter, mar dat wurdt er wol oars gewaer. Op in moarn, Basil stiet efter de mikroskoop foar it ûndersyk fan geslachtsdielen fan manlju. Hy hoecht oars net to dwaen as bipaelde fasetten to ûnderskie- | |
| |
den yn de spieren. Dit wurk jowt Basil altyd hwat fan opwining. Hiel oars as hwannear't er earen, forgroeide teannen, neilen en kaken ûndersocht. Of lykas wol in spesialiteit fan Basil wurden is, de hierstúdzje. Hy hat oer de ûndersikingen dy't er oer it hier dien hat gâns materiael sammele dêr't sels Henker al bilangstelling foar krigen hat. Basil hinget mei de noas op 'e mikroskoop as Schmarotzer him by it skouder kriget. Basil sjocht him mei syn greate, suver fosforesearjende eagen oan. De kop fan Schmarotzer wurdt sa read as bloed en Basil kin de ieren yn syn gesicht lizzen sjen. It bloed streamt der troch as troch in rivier. Schmarotzer kriget syn greate brûnzen plaet op it boarst en freget: Bistou offisier?
Basil skodhollet. Yn ien hael skuort Schmarotzer it eareteken fan Basils boarst en raest: ellindige parasyt, ûnderkrûper, ik sil it dy wol ris ôfleare...
Schmarotzer makket de sin net ôf mar ûnderhellet de hân en wol Basil foar de kop slaen. Basil dûkt mei syn greate eagen ûnder Schmarotzer op en lûkt him oan de poaten dat er oer de flier tûmelt. Mar Basil kin net fjochtsje. Hy sjocht Schmarotzer net, mar ien greate massa, dy't foar him op 'e groun leit. Dêr stoart er him boppe op en stekt Schmarotzer de finger sa fier yn 'e kiel dat er driget to smoaren. De wûnderlikste en binaudste lûden komme út syn kiel, dat alle oaren út de klinyk en it laboratorium komme to sjen. Rundholz is der it earst by en smyt him boppe op Schmarotzer. Schnecke lûkt Basil oerein. Dan stiet Henker dêr mei it skûm op 'e bek. Hy wol op Schmarotzer oanfalle mar wurdt tsjinhâlden fan de oaren. It iene each fan Basil blet en triljend stiet er wer efter de mikroskoop yn in geslachtsdiel to stoarjen. En dêr bifoardert Henker him ta haed fan 'e ôfdieling. Basil kriget der triennen fan yn 'e eagen, triennen dy't op de lins fan de mikroskoop drippe. Henker hâldt syn holle tusken syn beide hannen en tutet Basil.
Dou hast it fortsjinne, seit er.
Mar Basil skoddet de holle en gûlt dat it hwat ôfdocht.
Ik kin it net mear, seit er en wiist nei de mikroskoop. Ik sjoch hiele dagen bloed en synwetter, forgroeijingen, forrottingen, ellinde, blauwe spieren, skedels en harsens.
Dêr moatst even trochhinne, dat went aenst samar, treastget Henker him. Mar Basil hâldt oan, gûlt as in bern en lit him by Henker yn 'e earms falle. Basil kriget inkelde dagen fakânsje. Hy moat lykwols yn it skaed bliuwe, hwant hy kin de sinne net oan 'e eagen forneare. It is foar it earst dat er
| |
| |
sûnt wiken de sinne wer sjocht en it docht him tinken oan de frijheit, oan it skuldgefoel, dat er al inkelde wiken net mear field hat, meidat it libben yn Barak 6c him alhiel yn bislach nommen hat. Hy kuijeret hwat yn de bergen, sliept nachts yn in hutte, dat froeger in tsjerkje west hat. Alle moarnen wasket er him de eagen út yn it wetter dat by de doar yn it wijwetterbakje sit. It hat der boppe lekt en God sil him dat wetter biskikt hawwe. En dêr foar it earst tinkt er wer oan God. As er dan de eagen útwosken hat sjocht er oer de blauwe rêgen fan de bergen, dy't altyd heger bliuwe as hysels mar in bysûndere helderens hawwe lykas er froeger wol sjoen hat op ansichten. Soms stiet er hiel lang foar dat bakje mei wijwetter en slacht oanienwei krusen oer it boarst.
Forjow my, forjow my God, ropt er en bûcht him by de doar nei de groun dy't him eangstich makket. Der sitte kraters yn, der lizze stiennen mei poriën. De wrâld is in wûnder, seit Basil en hy tanket God dat er sokke eagen krigen hat, om him dochs noch ienkear to forwûnderjen.
As de trije dagen om binne, it binne dagen west fan meditaesje en gebet, komt Henker op in middei en fynt him op 'e knibbels yn de yngong fan de tsjerke. Basil leit ûnforwege mei de holle nei de groun. It ljocht falt troch de yngong op syn holle, mar as Henker yn 'e doar stean bliuwt falt der in great skaed oer Basil. Stadich lûkt Basil de holle omheech en sjocht Henker oan. Tominsten by sjocht in greate massive gestalte stean, sûnder ûnderskiede to kinnen hwa't it is. Syn lippen preuvelje noch en syn eagen binne read biroun. Henker stekt him in hân ta en wol him oerein lûke. Mar Basil wol net, bliuwt op 'e knibbels lizzen en bûcht de holle wer.
Ik moat dy helje, seit Henker, grypt him by de skouder en set him oerein. Oan 'e hân lukt er him mei de tsjerke út. Basil sjocht oan ien tried wei om en as se in eintsje fan 'e tsjerke ôf binne, seit Basil: Ik moat myn eagen noch waskje.
Henker bliuwt stean.
Dêrre, seit Basil, en hy wiist nei de tsjerke.
Henker lit him los, Basil rint werom nei de yngong fan de tsjerke. Hy taest even oer de muorre hinne oant syn hân it wijwetterbakje fynt. Basil dipt de hannen wer forsichtich yn it bakje en makket de eagen wiet. Forjow my al myn sûnden o Heare, Forjow my al myn sûnden Hillige Faem, Forjow my al myn sûnden Heit, Forjow my al myn sûnden Soan, Forjow my al myn sûnden Hillige Geast, Forjow my al myn sûnden
| |
| |
Himel, Forjow my al myn sùnden Ierde. It liket in ûneindige Litany to wurden.
Hâld op mei dat gebliksum, raest Henker, sadat Basil fan dy wurden yn elkoar krimpt.
O Heare forjow it him, bidt Basil hastich en sjocht Henker mei eangstige eagen oan.
Henker kriget him by de earm en skuort him de tsjerke út. Bûten triuwt er him in ein foar him út dat Basil yn in kûle falt. Henker fljocht op him to en seit:
Sa bidoel ik it net, Basil. Hy bûcht oer him hinne en tutet him. Hy sjocht him djip yn de greate bellige eagen. Ik hâld fan dy, Basil. Wy binne freonen. Hy ropt it út dat it tusken de bergen wjerkeatst.
Basil sjocht út de kûle omheech nei Henker dy't mei de holle yn 'e hannen sit to gûlen.
Net sentiminteel wurde, seit Basil, wy moatte net sentiminteel wurde; God hat my al myn skuld forjown, ik haw myn eagen wosken yn it hillige wetter fan de tsjerke, trije dagen efter elkoar haw ik myn eagen wosken. Ik bin klear om wer oan it wurk. Dan kriget er Henker by it skouder en beide rinne it berchpaed del, Basil foarop. Hy sjocht yn it dal del mei in hillige forwûndering. It dal is foar syn eagen sa great dat er him yn de himel waent. Hiel fier ûnder him is de ierde grien en read. Op eachhichte driuwe wite skieppewolkjes. Skippen op in ûnsichtbere sé. De wrâld is sa moai, seit Basil tsjin Henker en hy bliuwt stean, lûkt Henker nei him ta. De sentimintaliteit is lykwols alwer yn Henker bistoarn en hy slacht Basil op 'e klauwen en graut: Donderje op, sjoch datst ûnder komst. Hy lûkt de revolver en bidriget Basil, dy't de hannen yn 'e hichte stekt.
Greate skiter, kollobarateur, senile stjonker, daliks stiest mei de hannen yn 'e loft. Nei ûnderen siz ik, en Henker jaget him it berchpaed del nei de auto dêr't Krempel efter it stjûr sit to sliepen mei de pet oer de noas.
Basil kriget nije kammeraden. Henker hat him nei syn weromtocht út de bergen in nije baen tatocht. Basil stiet nou oan de wurkbank yn de klinyk, dêr't er de lichemsûnderdielen, dy't foar fierder ûndersyk fan bilang binne, ynpakke moat foar forstjûring nei de ûndersykôfdieling fan de Reichszentrale für jüdische Auswanderung. Basil stiet hjir ûnder it direkte bifel fan Leichnam. Basil neamde him op in kear by forsin Eichmann. Basil kin it lykwols net sa gau by Leichnam bidjerre. Hy kriget nije
| |
| |
kammeraten. Ien dêrfan is Frühsommer, in fint mei in kop as in tomaet en dan hinke-pinket der ek noch ien om dy't se Afterarzt neame. Hoe't er krekt hyt wit Basil ek net en de measten lykje dat net to witten. Afterarzt hat yn Ruslân fochten en is mei ien foet werom kommen. Hy hat de SS-praktiken noch net ôfleard. Basil kin er net luchtsje, mar Basil stiet sterk, hwant Leichnam hâldt alles goed yn 'e gaten. De frjemdste dingen moat Basil ynpakke. Magen, terms, herten, longen, knibbels, koppen, eagen, tosken. Oeral komt in label oan mei formelding fan de bysûnderheit. Basil follet altyd folle mear op de label yn as dat werklik nedich is, hwant hy sjocht yn al dy proefmunsters folle mear as Frühsommer en Afterarzt. Frühsommer set bygelyks op in label: Kop mei ôfwikende skedelbasis. Basil skriuwt der suver medyske brieven by hweryn hy de tastân fan de tosken, de lippen, earen, noas en alles hwat der fierder mar oansit, biskriuwt oant yn de finesses. Hy kin mei syn geweldige gesichtsformogens sels de kwaliteit fan it hier bioardielje, hat ynsjoch yn de poriën, de eagen. Fierder nimt er proeven troch gatten yn de skedel to boarjen en de harsens to ûndersykjen op tumor en harsenbliedingen. Herten bioardielet er op atak, trombose, spierfornauwing, hertspier, en alle fierder foarkommende kwalen. As soan fan in dokter fielt er him altyd oan it fak forboun, al is syn heit der dan ek troch yn it grêf rekke. Leichnam is tige oer syn wurk to sprekken. Al ridlik gau kriget er ek hjir wer de lieding. De oaren kinne dat lykwols net forneare en sa kriget er al gau rûzje mei Afterarzt, dy't him hiele dagen stiet to treiterjen as er op syn iene poat by de wurkbank omhipt. Basil jowt him op in kear in wâd tsjin it bilstomke dat Afterarzt ynelkoar krimpt fan pine en oer de wurkbank driget to kommen om Basil de eagen út to skuorren en dy nei Berlyn to
stjûren. Mar as Basil him dan nochris in lel tsjin it stomke poat oanjowt, hâldt er him stil. Hy kin de praktiken noch út syn opliedingstiid en wit wol dat er net mei klachten by Leichnam hoecht to kommen. Ek Henker komt noch regelmjittich by Basil to sjen. Basil is optlêst in pupil fan him. De eagen groeije ek noch hieltyd, al giet dat dan ek hiel stadich. Basil seit sels dat it kommen is dat de eagen doe trije dagen efter elkoar regelmjittich yn Hillich Wetter wosken binne, mar Henker seit dat dat Hillige Wetter flauwekul is, Ingeltsjepys, seit Henker. As Henker sokke grapkes makket slacht Basil hastich in krús oer syn forinnewearre unifoarm dêr't in to great krús op bongelt. Se krije op in dei ek noch strideraesje oer dat krús dat Basil fan Henker krigen hat. Basil seit dat it it krús fan Kristus is, mar
| |
| |
Henker skuort it him fan it boarst, bisjocht it mei stúdzje en seit: Dou smoarge gemene deabidder. Dit is in offisierskrús. Is it in offisierskrús ja of né? En hy triuwt it him ûnder de noas.
Né, seit Basil.
Dan krigest it net werom. Henker stekt it krús yn 'e bûs.
Om gjin gedonder mei Leichnam to krijen hellet er in oar krús út syn kast, in soarte fan hounepenning liket it wol en spjeldet dy Basil op. As er de oare deis wer oan de wurkbank stiet bigjint Afterarzt tsjin him oer it krús.
Hwat foar krús hast nou? freget er Basil.
Dat is it krús fan Kristus!
Dat is it krús fan Kristus net. Trouwens, dat is ek al twatûzen jier lyn. Dy hat de slach al lang forlern. Hwatstou dêr hast is in divelskrús. Dat hat dyn freon Henker dy seker jown?
Basil knikt, en seit: ik meitsje fan in divelskrús in Kristuskrús en hy slacht him in krús op it boarst, tutet it krús en giet ûnder de wurkbank lizzen to bidden: Oarder fan Ingelen, Hillige Faem, Krêftige Faem, Leave Jezus, Greate God, erbarmje jo oer my, oer Henker, oer Allegear. Dêrnei jowt er him wer oan syn wurk, follet mei greate sekuerens de labels yn en set de pakjes foar Berlyn op de rinnende bân. Mar elke kear as er even lins hat slacht er de bluodderige hannen ynelkoar en bidt, oant er it yl op 'e knibbels hat.
Afterarzt wol him it yl fan de knibbels skraebje en it opstjûre nei Berlyn as teken fan syn frommens.
Op in kear komt Leichnam troch de doar, bliuwt njonken Basil stean en freget hwat er fan de oarloch tinkt. Basil hellet de skouders omheech en sjocht mei syn greate eagen de sirkelfoarmige klinyk yn. Leichnam leit Basil in hân op it skouder en seit: Dou moatst folle foar ús bidde. It giet net goed. Mar dou kinst der folle oan ôf en to dwaen.
It komt Basil foar dat de oarloch ek fan ynfloed is op Henker. Dy hat gjin ûre mear dat er nochteren is en bigjint guon minsken to bidriigjen. Krempel, Schlamm, Rundholz, Schnecke, allegear wurde se bang fan him. Afterarzt hat Leichnam frege om in houten poat. Ik fortrou my hjir net mear. As Henker efter my oankomt dan moat ik út 'e wei komme kinne.
Leichnam lit in houten poat opspeure. Der sil hjir altyd wolris in joad mei in houten poat west hawwe, seit er.
| |
| |
Afterarzt protestearret lykwols. Ik wol net mei in houten poat fan in joad rinne, ropt er Leichnam efternei. Leaver ien fan in Poal mei trije teannen. Leichnam jowt gjin azem. In pear dagen letter hat Afterarzt syn houten poat. Henker kriget opdracht om de poat der oan to setten. Afterarzt komt op 'e rêch op 'e wurkbank yn de klinyk en raest as in baerch dy't ringe wurde moat.
Ast' dyn greate freet net hâldst jow ik dy in spuit. Allegear stean se der om hinne to gnuven. Basil leit op 'e knibbels ûnder de wurkbank to bidden, in lyts forskronfele mantsje mei in pear eagen in kikkert en de hannen smeekjend oer de noas.
As de operaesje slagge is, kriget Basil opdracht om Afterarzt it rinnen to learen. Basil bigjint mei ienfâldige biwegingsoefeningen. Dan moat er leare de poat op in stelling to lizzen. Earst de ûnderste planke, dan de twade, de tredde, krekt sa fier oant er de foet boppe de holle hat. Afterarzt raest it soms út fan 'e pine, mar dat is gjin tel. Dy't moai wêze wol, moat pine útstean, seit Basil, dat hat er fan Henker.
Basil kriget noch raerder putsje. Hy wurdt oansteld as oppasser by in man hwerby kunstmjittige animaliteit opwekke wurdt. Hiele dagen sit Basil foar de tralys en moat alle gedragingen fan de man notearje en dêrfan rapport útbringe sawol oan Leichnam as oan Henker. Henker dy't him ienkear in administratyf hyena neamde om't er de sifers allegear mei tsien formannichfâldige en Henker suver gek makke oer sokke einsifers, achtet hìm allinne geskikt foar dit wurk. Aroth, neamt Basil syn pasjint, blaft hiele dagen yn de koai om. Soms ropt Basil oan him, tikket mei de skoech tsjin de traeljes. Dan sjocht de kop even om, blaft, of springt op 'e skoech ta. Al dy dingen skriuwt Basil op. En hy skriuwt noch folle mear op, hoe't er him skobbet en lobbet. Koartom, hy makket der in ynteressant forhael fan. Sa krekt nimt er it net mear mei de wierheit.
De hân fan Aroth giet stadich omheech, taestend, fielend, foarsichtich as de teisters fan in ynsekt. Soms lûkt er de hân mei hastige biwegingen werom. Hy is it dier dat in minske siket, tinkt Basil. Dan giet de hân wer stadich omheech. Krûpt as in spin nei it hert fan de webbe. Oer syn gesicht komt in glim fan forwûndering. Hy liket in aep dy't in kunstke dien hat foar it publyk.
It opwekken fan animaliteit kin in tige wichtige funksje hawwe foar de wittenskip, seit Henker as er in kear by Basil komt to sjen hoe't syn pasjint it makket.
| |
| |
Hark hoe't syn neilen oer it beton skrasse. Hy falt werom op 'e flier, klimt wer omheech, stekt de holle yn in skreef sinneljocht, dat troch it hege rút falt. De dea is yn it skaed fan elke biweging. Syn hannen rikke. Dan falt er werom yn it strie as hat de sinne him stutsen.
Elke middei moat er rapport útbringe. It binne nijsgjirrige biskriuwingen, dy't Henker yn syn stielen kast opberget.
Myn dissertaesje. Ik haw nou sa njonkelytsen genôch materiael. Der sille noch jierren mei hinnegean om dit to forarbeidzjen, mar dan sil de wrâld ek forsteld stean fan dizze wittenskip.
Hy pakt Basil by it skouder. Gean noch even sitten, seit er en triuwt Basil yn de wite kâlde stoel. Hy leit mei de mûle yn 'e sinne. De sinne wurdt him waerm op 'e tonge. Basil wol happe, yn de sinne bite. Troch it ljocht sjocht er in momint tûzen kristallen, sêfte glimmende blommen. En boppe him falle sêfte dûnkere flokken as hierlokken by de kapper. Basil kin syn gesicht net mear biwege. Hy sjocht noch in pear kear in skaed dat as in fûgel foar de sinne lâns fljocht. Henker, seit Basil sêft. Henker... ik kin gjin ôfstân mear bipale.
Hiel yn 'e fierte heart er in stim en it blaffen. Basil leit mei de tonge út 'e bek. In tonge sa blau as fan in Chineeske Sniehoun.
|
|