De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 194] [p. 194] Jan J. Bylsma / Gedichten Bea (oan oare dichters) ik fiel wol jonges dat myn ferskes net botte jim wurdearring ha mar ik wit neat fan dichtsjen mei de hûd en weromkrûpe yn 'e memmeskoat de poëzij fan jim troch ienfâld forljochte wetter ha 'k hieltyd sahwat roaid myn fantasij is sa biheind en lit dat nou mar sa flean út eigen fearren fan fjûr nei himelsfearen en yt jim fûlbigearde manna mar lit de kromkes foar de mosken [pagina 195] [p. 195] Melle populair ta de bûsen útskuord sa hie 't west melle wie wer op syn bêst fannacht wie 't folle minder wjirmen kroepen út syn earen slangen hied er om syn kiel tweintich tritich gnomen mei helske knyften woenen him lobje by it moarnsbrea in grau en in snau foar de bern foar it wiif sels dat net iens in healûre letter skuorden de jan-pytknors alwer ta de bûsen út by melles earste bak yn 'e koken thús rôlle in trein súntsjes yn 't ôfwaskbakje [pagina 196] [p. 196] Swier hja hie 't dy sawnde kear net wold mar hawar har man wie oars net to brûken en tankber priizget se de hear dy't it al regeart [pagina 197] [p. 197] Unmacht ik woe dat ek om my in greate stilte hinne woeks en dat de stjerren en de moanne my ek yn in great forbân bihellen mar ja ik moat noch al myn giro's skriuwe branje helje foar de kachel en fan gryp bin 'k ek net frij jim moat mar tinke minsken dat ik it o sa goed mien [pagina 198] [p. 198] Huorrebuorren yn dit greate akwarium sitte kilo's fleis klear om nei 't bal to gean in modieus forsierde slachterswinkel hwer't mannen mei de kraech omheech lâns rinne oft se de lêste trein nei 't noarden noch helje moatte hwa't hjir nei fiif à tsien minuten wer bûten stiet in lege mitrailleur efterlitten op it slachtfjild - hat dy it sa by jo forballe hear dat him dit oerkomme moast [pagina 199] [p. 199] Ald man ik moat der net oan tinke: in stokje triljend yn 'e hannen op 'e jierdei de bern en bernsbern mei sigaren in heale en ast lije kin in hiele mingel foar elke dei ien sûpke wylst der krapoan fiif en tweintich út ien mingel gean it geslacht in hantsjefol skronfels en fortroud mei de dea [pagina 200] [p. 200] Komediant mei myn taske útstrutsen smoel myn kreaze jaske en eltse dei skjinne sokken spylje ik myn rol net sa min de wylde hierren is er kwyt seit jan-pyt knor as ik mar gjin hite jazz hear gjin hearlike skilderijen en moaije frouljusskonken sjoch Vorige Volgende