| |
| |
| |
Tr. Riemersma / De skriuwer foar it Doarpsbilang
De gearkomst fan 'e Foriening foar Doarpsbilang to Wrâldsein loek dy hjerstjoune yn novimber mear publyk as trochstrings. Dat wie, stelde de foarsitter, notaris Hollema, tofreden fêst, grif mei it gefolch fan syn lumineus idé om de twaëntweintichjierrige Gerben Turkstra, oankommend boekhâlder by it pleatslik fouraezjebidriuw en kostwinner foar syn mem dy't widdou wie, út to noegjen om foar to lêzen út eigen literair wurk. Hwant Turkstra, dat hie notaris sels ûntdutsen, skreau forhalen, of leaver: hy woe forhalen skriuwe en hy wie mei syn earste oan 'e gong.
Nei it skoft - mar foar it skoft waerd der oars neat dien as notulen lêze - krige Turkstra it wurd. It wie him, sei er, in eare yn dit formidden syn earste pinnefrucht dellizze te meijen, en hy hope dat elkenien krityk leverje woe op syn forhael, hwant hy wie noch mar in bigjinneling en woe graech leare. Nei in oanmoedigjend knikje fan notaris bigoun er:
‘Ik ried op 'e fyts de buorren út. Sneontojoun, de moaiste joun fan 'e wike. Ik hie de dagen teld en wie elke joun tinkend oan har yn 'e sliep fallen. En nou wie it safier: sneon, nei Gealtsje. Och, hwat wie 't in moai famke - lang ljocht hier en in mûle om yn to biten. Doe't ik it kafé foarby wie, boldere de noardwestewyn lyk op my ta. Fordoarje, hwat waeide it fûl. Ik skeakele oer nei de lytse forsnelling en gyng plat op it stjûr lizzen. De wyn sloech galen yn 'e jonge weet en roppe oan 'e reiden yn 'e ûnderwâl. It waerd in hele traep, men moast hwat foar de froulju oer ha! Mar dat hie ik foar Gealtsje wol, och heden ja. Al soe 't ek noch bigjinne to spielen, al soe 'k as in forsûpte kat oankomme, dat koe my neat skele. Foar Gealtsje hie ik alles oer. Ien út tûzen wie it, in lot út 'e lotterij! Jûkema kaem my mei in weinfol molkbussen efter de trekker foarby. Dy hie fansels wer nei 't fabryk moatten om't er de bussen to let oan 'e dyk hie. Ik ried yn 'e berm en stapte ôf. De dyk wie sa smel en mei in wynpûst siet men samar foar de tsjillen. Doe sette ik wer fierder. Stoarm of gjin stoarm, it wie sneon, ik gyng nei Gealtsje.
| |
| |
Moarn útsliepe en noch in hele frije dei op 'e keap ta!’
Turkstra brimde even en seach syn gehoar oer. Se wiene moai stil. Doe riisde ynienen Blokhuis oerein. ‘Foarsitter!’
‘Blokhuis?’
‘Wy mochten ús miening sizze oer dit forhael en dêr woe 'k dan fuort wol gebrûk fan meitsje. It is fansels allegear moai en prachtich, mar ik lit my hjir net in stek ûnder wetter jaen. It is mar ienkear foarkommen dat ik de bussen to let by de dyk hie. Dat is nou al acht jier lyn. Moat ik dat nou nochris opfrette?’
‘Ja, Blokhuis,’ bigoun Turkstra fornuvere, ‘hoe komme jo derby dat ik jo bidoeld haw? Ik wist dat net iens, ik wenje hjir noch mar trije jier.’
‘Né, dat ha jo fansels útfiske.’
‘Ha jo wol goed harke? Ik ha sein dat de ik-figuer it noardwesten ynfytste. It fabryk leit ommers de oare kant út. En hwa seit dat dit forhael yn Wrâldsein spilet? Ik ha gjin plaknamme neamd.’
‘Né, mar dat is wol dúdlik. Jo woene my in snear jaen.’
‘Dames en hearen,’ hammere notaris. ‘As wy oannimme dat Turkstra gjin kwetsende bidoeling mei dizze passaezje hawn hat, dan steane wy noch likegoed foar it feit dat Blokhuis him kwetst fielt. Binne jo dat mei my iens, Turkstra?’
‘Ja, mar dat is myn skuld net!’
‘Hwa sines dan?’ rôp Blokhuis. ‘Jo ha 't skreaun, net?’
Hy krige de lakers op 'e hân.
‘Skrasse, wier,’ sei notaris. ‘Men kin net to foarsichtich wêze.’
Turkstra skroefde noartsk de dop fan 'e folpin en skraste de rigels troch. ‘Jo aenst, Dekker, dames gean foar. It wurd is oan juffer Wielinga.’
‘Menear Turkstra, jo prate op in denigrearjende manier oer froulju, hwat ik fan jo alhiel net forwachte hie. Dat woe ik jo even sizze.’
‘Ik bin my der net fan biwust...’
‘Ik wol wol dúdliker wêze: As jo it net foar in frou oerhawwe om in ein om har to fytsen, dan bin jo gjin frou wurdich. Jo moatte net miene dat wy op jo sitte to wachtsjen.’
Earne yn 'e seal bigoun immen to gnizen en dat wie foar juffer Wielinga it sein om it taske ûnder de earm to knipen en mei in heechreade kleur de gearkomet to forlitten.
‘Né, minsken,’ sei notaris, ‘wy moatte juffer Wielinga net útlaitsje. Se is hwat eigenaerdich, mar se mient it net forkeard. En eh... ik kin my wol bigripe dat sy dat forhael fan jo pynlik fynt. Sy hat yn har jonge
| |
| |
jierren lang siik lein, yn it sanatoarium omtoarke, dêr ek noch hwat forkearing hawn mei in dokter, mar dy hat har biduvele... Yn koarten, it is har net foar de wyn gien. En, nou ja, hwat se sei dat wie miskien in bytsje fier socht, mar, ja, moat sa'n minske dy't in swier libben efter de rêch hat nou nochris in ekstra reis ha troch jou forhael? Ik leau: né, dit moat jo skrasse. Kinne wy it dêr mei iens wêze?’
‘Foarsitter.’
‘Dekker hat it wurd.’
‘Ik freegje my ôf hwerom't der yn dit forhael sa ôfgryslik flokt wurde moat. Wurden as fordomme hearre net skreaun to wurden.’
‘Haw ik ek net dien. Der stiet fordoarje.’
‘Dat is hast itselde.’
‘Jo kinne dy wurden wol útinoar, hoopje ik?’
‘Ikke wol, ikke wol! Mar kin in bern fan in jier of seis, sawn dat ek? Sa'n bern bigjint to staverjen fan ford... ford... fordò... en dan tinkt it dat der fordomme stiet!’
‘Myn forhael is net foar bern ornearre.’
‘Né, mar se lêze it likegoed. Je kinne net alles efter slot en grindel dwaen.’
‘Dat leit dan bûten myn forantwurding.’
‘Om 'e donder net! Jo hawwe dat flokwurd skreaun!’
‘Ik haw gjin flokwurd skreaun!’
‘Né, mar dat tinkt in bern wol. Jo struije op dy manier forgif yn in bernesiel!’
‘Just, Teake!’ rôp ien efter út 'e seal.
‘Nou, hwat ha jo dêrop to sizzen?’
It bleau in skoft stil.
‘As Turkstra neat to sizzen hat, dan woe ik noch wol hwat sizze.’
‘Boonstra.’
‘Turkstra seit dat fordoarje net in flok is, mar dat is fansels net hielendal wier, it is in basterdflok. En sanent sit der noch ien yn. Och heden, skriuwt Turkstra, mar dat bitsjut eigentlik: och Heare. Fynt Turkstra dat soks skreaun wurde moat?’
‘It binne heel gewoane wurden dy't elkenien brûkt.’
‘Wit ik wol! Mar jo sette se op papier en dat is heel hwat oars.’
‘As ik in forhael skriuw dan moat ik dy wurden kieze dy't elkenien brûkt, oars wurdt it forhael net echt. Ik kin bygelyks net skriuwe fan: hè, hwat waeide it fûl, hwant dat seit in jonge fan in jier of tweintich
| |
| |
net, dat is famkespraet. Literatuer moat sa echt mooglik wêze.’
‘Ek as dat giet to'n koste fan Gods ear?’
‘Ach, dat is gjin tsjinstelling.’
‘Jawis al!’
‘Mei ik der even tusken komme?’ frege notaris. ‘Ik leau dat Turkstra gelyk hat as er seit dat literatuer echt wêze moat en dat men skriuwe moat hwat de minsken sizze. Mar ik leau dat Boonstra ek gelyk hat. As wy it prinsipe fan Turkstra trochfiere dan sille wy ek allegear flokken en godslesteringen skriuwe moatte, hwant dy rôlje ús ek wolris ta de mûle út. En nou giet it der mar om hwat it swierste waecht: moaije literatuer mei de konsekwinsje dat Gods namme idel brûkt wurdt, of in lyts bytsje mindere literatuer hwerby't Gods namme net lastere wurdt. Ik leau dat Turkstra kieze moat tusken God en de literatuer.’
‘Ik fyn 't ûnsin, mar ik wol 't wol skrasse.’
‘Né, dan moat jo it net skrasse, mar dan moat jo notaris syn wurden wjerlizze!’ rôp immen.
‘Ik soe sizze: Turkstra moat der noch mar ris oer neitinke.’
Turkstra skraste op 'e nij in pear rigels troch.
‘Foarsitter.’
‘Kuipers.’
‘Hwerom neame jo it wurd kafé yn jou forhael? Tinkt jo dat wy hjir in kafé ha moatte? It kin der neffens my wol sûnder. Dêr soe ik jou miening wolris oer fornimme wolle.’
‘It liket my ta dat ik earst yn 't algemien inkele dingen oer literatuer sizze moat.’
‘Né, jo hoege net yn 't algemien to praten. Wy hawwe it hjiroer!’
‘Turkstra hat it wurd,’ rôp notaris.
‘Inkele oanwêzigen forûnderstelle dat dit forhael spilet yn Wrâldsein. Wel, dat is helendal net it gefal. In skriuwer dy stelt him hwat foar, dy bitinkt hwat, samar in doarp, samar in pear minsken. En dêr fortelt er dan oer.’
‘Mar dat doarp liket dan wol krekt op Wrâldsein!’
‘Hwer sjogge jo dat oan? Ik skriuw oer in doarp mei in kafé. Hawwe wy hjir in kafé?’
‘Né, dat siz ik ommers! Wy hawwe hjir gjin kafé, en dat hoecht om my ek net.’
‘It hoecht om my ek net!’
‘Skras it der dan út!’
| |
| |
‘Goed, dan skras ik it derút!’
‘Hearen!’ hammere notaris. ‘Ik forsykje jimme op in biskaefde manier to diskussiëarjen. Turkstra hat it wurd.’
‘Ik siz nochris dat dit forhael nèt yn Wrâldsein spilet. Ik sil ien rigel foarlêze: De wyn sloech galen yn 'e jonge weet en roppe oan 'e reiden yn 'e ûnderwâl. Dit forhael kìn net yn Wrâldsein spylje. Yn 'e fiere omkriten is hjir gjin weet to bikennen!’
‘Ja, dat ha jo fansels meisin foroare. Nou lit jo jo raer yn 'e kaert sjen, Turkstra!’
‘Ik lit my helendal net yn 'e kaert sjen. Dat meitsje jo derfan.’
‘Hearen,’ formoanne notaris.
‘Ik fyn dit gjin manier, Turkstra, dat jo yn dit forhael krityk útoefenje op ús doarp. Hwa hat jo ta rjochter oer ús steld!’
Turkstra seach wanhopich nei notaris Hollema. ‘Mei ik it wurd?’
‘Jo hawwe it wurd.’
‘Ik moat der foar de safolste kear op wize dat ik yn dit forhael net op Wrâldsein doeld haw en dat ik net deselde bin as de ik út it forhael.’
‘Nou, hwa binne jo dan? Ha-ha-ha.’
‘Mei ik fierdergean, miskien? In skriuwer bitinkt in persoan en dêr kin er oer fortelle: Klaes die dit en hy tocht dat. Mar de skriuwer kin dy persoan ek sels oan it wurd litte, dan krijt men in forhael yn 'e earste persoan, in ik-forhael: ik die dit en ik tocht dat. Mar dat bitsjut net dat de ik fan 'e skriuwer deselde is as de ik út it forhael.’
‘Kletskoek, Turkstra, jo wolle jo derút wine!’
Notaris hammere.
‘Dames en Hearen. Wy hawwe de miening fan Blokhuis en Kuipers en oaren heard en wy witte hwat Turkstra dêrtsjinoer stelt. Ik soe dêr graech inkele dingen fan sizze wolle yn myn kwaliteit fan foarsitter. Wy kinne hjir tinkt my wol oer prate sûnder ús lilk to meitsjen. Ik moat sizze ik fiel wol oan hwat Turkstra bidoelt, mar myn krityk is dat hy fiersto literair tinkt. Literatuer is prachtich, dêr wol ik neat fan sizze, mar wy binne hjir gewoane minsken. Wy hoege it net sa djip to sykjen en de saek sa prinsipieel to stellen. Turkstra hat net opsetlik oer Wrâldsein skreaun, goed, en hwat er skriuwt is net foar ús persoanlik bidoeld, seit er...’
‘Dat seit er net allinne, dat ìs sa!’
‘Né, Turkstra, lit my útprate. Jo moatte net eigenwiis wêze. Elkenien fielt him persoanlik by jou forhael bitrutsen. Dat merke jo dochs oan 'e
| |
| |
réaksjes út 'e seal? Dan moatte jo net folhâlde dat dat net sa is. Sjochris, as wy in boek lêze fan in frjemd, dat is hwat oars. Mar jo libje mei ús yn dizze mienskip. Wy libje by elkoar en foar elkoar. Jo kinne net dwaen of bisteane wy net. Hwat jo skriuwe is yn 't foarste plak foar ús.’
‘Ik skriuw foar elkenien, foar nimmen yn 't bysûnder.’
‘Né, dat is fiersto literair tocht.’
‘Foarsitter.’
‘Oandacht foar De Bruin.’
‘Ik haw my oant nou ta stilholden om't ik net de namme hawwe wol dat ik altyd de mûle yn beide hannen haw, mar ik wol nou net langer swije. Turkstra skriuwt sokssahwat as soe de sneontojoun de moaiste joun fan 'e wike wêze, en dêr fiel ik my troch kwetst. Doe't ús mem noch libbe sei se altyd dat de sneintojoun de moaiste joun fan 'e wike wie, hwant dan hie men twaris yn tsjerke it wurd fan God heard. Ik kin net oars sizze as mei hwat Turkstra skriuwt wurdt de neitins fan ús mem troch it slyk helle.’
‘Mei ik my even fordigenje? Ik kin mei itselde rjocht biweare dat de sneontojoun de moaiste is, hwant dan stiet men noch foar de snein. De forwachting is faek moaijer as de forfolling.’
‘Dat giet yn 't algemien wol op,’ sei Veenstra, ‘mar hjir grif net! Jo skriuwe dat jo de sneontojoun de moaiste fine om't jo de oare moarns útsliepe kinne!’
‘Krekt! Moai sein!’ waerd der roppen.
‘Ik wol 't skrasse hear, as it sa krekt komt.’
‘Né, Turkstra,’ sei notaris, ‘jo moatte net lilk wurde. Ik kin my bigripe dat De Bruin it net aerdich fynt dat jo syn forstoarne mem nochris in skop efternei jowe. En fierders bin ik it mei Veenstra iens dat jo de jongerein in forkeard foarbyld jowe mei oer dat útsliepen to skriuwen. Jo moatte in goed foarbyld jaen.’
‘Ik skriuw hwat wier is. Ik skriuw net om hwat to learen.’
‘Né, mar dat moat àl. Jo moatte de minsken it goede foarhâlde.’
‘Oké, ik skras it. Is der noch hwat?’
‘Ja, ikke. Ik freegje my ôf hwerom't jo de bibel bispotlik meitsje.’
‘Doch ik dat?’
‘Jawis. Jo skriuwe oer it tellen fan 'e dagen. Dêr spotte jo mei psalm 90. Jo dogge krekt as telde Mozes ek de dagen doe't er nei syn faem ta soe. Soks is der fier by troch. En fierder ha jo it oer ien út tûzen. Dat stiet yn Prediker. De Prediker koe ûnder tûzen minsken net ien frou fine,
| |
| |
mar jo grif wol. Tinke jo dat jo mear kinne as de Prediker?’
‘Ik prakkesearje der net oer.’
‘Skras it der dan út.’
‘Ik wol ek alles wol skrasse!’
‘Né-né-né, Turkstra, dat is gjin praet,’ sei notaris. ‘Jo moatte net dwars wêze. Wy jowe jo út goederbêstens ried. Wol noch immen it wurd?’
‘Ikke!’
‘Van Tuinen hat it wurd. Stilte.’
‘Ja, hoe sil 'k it sizze... Doe't Turkstra it niis hie oer dy forsûpte kat, doe kaem my yn 't sin dat hjir yn Wrâldsein, nou al wer fjirtich jier lyn, in famke fordronken is. Jimme witte it allegear noch wol, it wie ien fan Van der Molen. Jildert Blijstra dy foun har, stom tafallich. En ik hear it Jildert noch sizzen. Hy sei: Bouke, sei er, ik tocht oars neat as dêr leit in forsûpte kat, mar doe't ik better seach, doe wie 't in bern. Ik woe mar sizze, Turkstra, mei dêroer to skriuwen roppe jo alles wer op. Dat is foar ús allegear pynlik.’
‘Harkris, Van Tuinen. Ik haw net oer in fordronken bern skreaun, mar oer in forsûpte kat, en dêr bidoel ik oars neat mei as dweiltrochwiet.’
‘Hwat jo bidoeld hawwe, dat docht der net ta. Der stiet: in forsûpte kat. Dat stiet der. En dat slacht by my dúdlik op dat bern fan Van der Molen.’
‘Hwat is dat nou foar praet? Ik haw helendal net oan dat bern tocht, it wie ommers fier foar myn tiid. Jo tinke der sels oan.’
‘Ja, ik tink der oan, mar dat is jou skuld. Jo hawwe it skreaun. Jo binne deroer bigoun.’
‘Dat is myn skuld hielendal net. Dat jo oan dat fordronken bern tinke, dat is jou eigen skuld. Elk moat sels witte hwat er tinke wol. Dêr bin ik net forantwurdlik foar.’
‘Bin jo nou hielendal gek, kearel!’
‘Stilte!’ rôp notaris. ‘Lit my it wurd dwaen, minsken. Turkstra, dit is de safolste kear dat jo jo derút bisykje to praten. Jo wolle hieltyd ús de skuld jaen. Jo moatte in bytsje ruterliker wêze yn it erkennen fan jou fouten. Dy passaezje oer dy forsûpte kat is misledigjend en kwetsend. Dy moatte jo skrasse.’
‘Foarsitter.’
‘Dekker nochris.’
‘Ik woe Turkstra freegje oft hy net tofreden is oer it bistjûr fan God. Hy klaget oer de hurde wyn en letter seit er: Heare, lit it mar reine, dat kin my...’
| |
| |
‘Dat haw ik net skreaun. It wurd Heare haw ik net neamd!’
‘Né, mar dat bidoelden jo wol! Jo wiene allinne op 'e dyk, der wie gjinien by jo. Dan koene jo ommers allinne mar tsjin God prate. Dat moatte jo tajaen.’
‘Né, jo bigripe it net. Dy ik fytste op 'e dyk en tocht: al...’
‘Dus jo jowe nou wol to dat jo it sels binne yn dat forhael!’ rôp Pruis triomfantlik.
‘Né, dat sei ik net, ik sei: dy ik. Jimme moatte better harkje. Jimme bigripe net...’
‘Né, fansels, wy binne to stom, nou? Kom dêr nou mar earlik foar út. Jo woene sizze dat wy to stom binne!’
‘Dat woe ik hielendal...’
‘Ach, jo binne in skijtkearel. Jo doare it net to sizzen.’
Notaris sloech de tafel omtrint oan spuonnen.
‘Stilte! Hearen! Ien foar ien en net allegear tagelyk. Dekker hat it wurd.’
‘Turkstra hat der al hwat op om praet, mar in rjochtút antwurd haw ik noch net krige. Binne jo fan miening dat God de wrâld net goed bistjûrt? Hwat wolle jo eigentlik? Jo skriuwe ek dat jo bang binne om foar de tsjillen fan in trekker to waeijen. Tinke jo dat God jo net bihoedzje kin?’
‘Foar't ik dêr op antwurdzje moat ik earst inkele dingen sizze oer it bigryp Godsbistjûr.’
‘Né, antwurdzje! Net swamme!’
‘Turkstra, ik moat jo wer ta de oarder roppe. Der is jo net frege om in referaet to hâlden, mar om in dúdlik antwurd to jaen op in dúdlike fraech.’
‘Krekt!’ rôp Dekker.
‘Mar foarsitter, dy fraech fan Dekker sit in heel théologysk probleem efter.’
‘Dat kin ús neat skele. Dat moatte de théologen mar útplúzje.’
‘Dat bin ik mei notaris iens. Hwat de théologen derfan sizze, dêr ha wy neat mei to meitsjen. Wy moatte ús basearje op Gods wurd. En dêr stiet dúdlik yn dat God de wrâld skoep, de zee en al wat daarin is. En ek it waer en ek de wyn! Wol Turkstra dat ûntstride?’
‘Né, wis net, mar...’
‘Mar man, hwat jo skriuwe, giet streekrjocht tsjin 'e bibel yn! Jo taeste de almacht Gods oan. Jo daegje God út om it mar ris spiele to litten. Dat is provosearjend en Godslesterjend!’
‘Allright,’ sei Turkstra wurch, ‘ik sil it wol skrasse. Mar ik freegje my ôf oft ik net better alles skrasse kin as jim it sa fier sykje wolle.’
| |
| |
‘Dat is ûnsinnich praet, Turkstra,’ sei notaris. ‘In skriuwer is folslein frij om to skriuwen hwat er wol.’
‘Mar ik net!’
‘Jawis, jo ek. Mar jo ûntnimme de minsken it leauwe yn God, en dat is dúdlik fout. Jo meije nimmen oan it twiveljen bringe. En godslesteringen en kwetsende opmerkingen kinne jo better foar jo hâlde. Dat bigripe jo sels ek wol.’
‘Der stiet neat yn dat kwetsend of godslesterjend is. Dat meitsje jo derfan!’
‘It biwiis is levere, Turkstra. Wy tinke der allegear gelyk oer. Of wolle jo dochs biweare dat wy to dom binne?’
Turkstra suchte djip en stiek mei triljende hannen in sigaret oan.
‘Noch immen dy't hwat sizze wol?’ frege notaris.
‘Foarsitter, ik woe graech dat Turkstra it forhael nochris foarlies, hwant ik wit nou allang net mear hwat der yn stiet.’
‘Soene jo sa freonlik wêze wolle, Turkstra?’
‘Ja. Nou, hwat ûndertusken skrast is, sil ik dan mar weilitte: Ik ried op 'e fyts de buorren út. Elke joun wie ik tinkend oan har yn 'e sliep fallen. En nou wie it safier: sneon, nei Gealtsje. Och, hwat wie 't in moai famke, lang ljocht hier en in mûle om yn to biten. Ik skeakele oer nei de lytse forsnelling en gyng plat op it stjûr lizzen. Foar Gealtsje hie ik alles oer. In lot út 'e lotterij. Doe sette ik wer fierder. Stoarm of gjin...’
‘Dat moat derút!’
‘Hwatte?’
‘Dat oer de stoarm. Alles oer it waer soe derút. En dat jo wer fierder setten kin der ek wol út, jo ha ommers noait stilstien?’
‘Ja, dat is ek sa. Dan doch ik de lêste rigel nochris: Foar Gealtsje hie ik alles oer. In lot út 'e lotterij. It wie sneon, ik gyng nei Gealtsje.’
‘Moai, tankewol. Wol noch immen it wurd hjiroer ha?’
‘Ik, foarsitter.’
‘Brandenburg.’
‘Turkstra skriuwt dat hy in faem biskôget as in lot út 'e lotterij. Ik miende oars dat der yn 'e bibel stie dat houliken yn 'e himel sletten waerden en net op in lotterij. Ik leau dat wy in frou biskôgje moatte as in jefte fan God. Wol Turkstra dêr tsjin op komme?’
‘Ik skras it wol.’
‘Tankewol, foarsitter, dat wie it.’
‘Mei ik hjirop ynheakje? Ik haw der biswier tsjin dat de lichamelik- | |
| |
heden fan 'e frou hjir sa breed skildere wurde en dat dêr jouns op bêd oer prakkeseard wurdt. My tinkt dat moatte wy de jongerein net foarhâlde. Of mient Turkstra fan wol?’
‘Ik mien neat. Ik biskriuw allinne de werklikheit.’
‘Mar as dy werklikheit forkeard is?’
‘Dat kin ik net helpe.’
‘Om 'e donder wol! Jo werke der oan mei op dizze manier. As der aensent guodden trouwe moatte troch jou forhael, dan is dat jou skuld. Ja, net wetlik, mar moreel!’
‘Just, moreel! Morele skuld!’ waerd der fan forskillende kanten roppen.
‘Ik soe hjir ek noch wol hwat fan sizze wolle.’
‘It wurd is oan Lekkerkerk.’
‘Ik wol der fierder gjin praet fan ha, mar myn âldste soan syn forkearing is foar in pear wike útskuord, en as dy jonge nou yn jou forhael wer oer forkearing en sa lêze moat, ik wit net. Ik leau dat jo dan ûnnoadich âlde wounen iepenhelje.’
‘Jou soan hòecht myn forhael net to lêzen.’
‘Né, dy is goed!’ rôp Wynstra. ‘Hy skriuwt in forhael dat gjinien lêze mei!
‘Noch hwat oars: As jou soan hjir sneins yn 't doarp steltsjes kuijerjen sjocht, dat sil him ek wol sear dwaen.’
‘Jawis, dat is ek sa!’
‘Nou, hwerom mei ik der dan net oer skriuwe?’
‘Gekkepraet, Turkstra!’ rôp Van Zevenen. ‘Jo kinne de minsken net forbiede om forkearing to hawwen.’
‘Mar jo kinne my wol forbiede om oer forkearing to skriuwen?’
‘Ik forbied jo neat. It is in kwestje fan fatsoen. Jo hòege dit op 't lêst net to skriuwen.’
‘Foarsitter!’
‘Bouma.’
‘Ik soe Turkstra in fraech foarlizze wolle dy't my de hiele joun al op 'e lippen lein hat: Fielde hy ropping om dit forhael to skriuwen?’
‘Ropping? Né, hielendal net.’
‘Nou man, dan bin jo ommers fan 'e kaert!’
‘Hwer skriuwe jo dan om?’ raesde in oar. ‘Om 'e sinten?’
‘Ik skriuw foar de aerdichheit.’
‘It is my de aerdichheit wol!’
Notaris hammere oant it gnizen ophold.
‘Ik woe graech de mieningen gearfetsje. Wy binne it deroer iens dat
| |
| |
Turkstra syn skriuwerij oer de omgong tusken de seksen net troch de mesken kin. Jo moatte dit skrasse, Turkstra, dit jowt dalje yn 't doarp en jo kwetse de minsken ûnnoadich.’
‘Nou, dan hâld ik ek suver neat oer.’
‘Wolle jo it nochris lêze?’
‘Ik ried op 'e fyts de buorren út. Ik skeakele oer nei de lytste forsnelling en gyng plat op it stjûr lizzen.’
‘Tankewol. Nou, ik leau net dat hjir noch hwat op oan to merken is, of... De Graaf?’
‘Ja, foarsitter, it giet der net om dat ik hwat tsjin Teitsma ha. Mar hwerom moat der yn dit forhael reklame makke wurde foar Teitsma syn forsnellingsfytsen en net foar myn tabaksbidriuw? Dat is net earlik, tinkt my. Tankewol.’
‘Turkstra.’
‘Ik freegje my ôf, De Graaf, hwerom't jo tinke dat dy fyts by Teitsma kocht is. Dit forhael kin oeral spylje en dy fyts kin oeral kocht wêze.’
‘Nou, dat soe hielendal fraei wêze!’ spatte Teitsma op. ‘Jo fortsjinje hjir jou brea en dan soene jo jou fyts hjir net keapje. Dat soe fraei wêze!’
‘Just!’ rôp De Graaf. ‘Sa is 't krekt. En dêrom moat dy fyts derút!’
‘Ik soe 't mar skrasse, Turkstra. Jo moatte gjin ûnderskied meitsje tusken de minsken. Hwat hâlde jo dan oer?’
‘Alinne ditte: Ik de buorren út.’
‘Nou, it muoit my dat ik it sizze moat, mar dat kinne jo it bêste mar sa gau mooglik dwaen. Kearels as jo dy passe hjir net.’
Turkstra raemde nei syn bloknota en roun mei sawn hasten de doar út.
‘Ik groetsje jimme!’
Mar doe't er de strjitte oer batste sloech syn argewaesje om yn ynspiraesje. Wachtsje mar, smearlappen, jim sille jim sin ha. Ik skriuw in kaeiforhael oer jimme!
|
|