De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 181] [p. 181] [Nummer 5] Tsjits Peanstra / Twa fersen Auschwitz Der gyngen njoggen trimen del der gyng gjin trym tobek hwant kaem men yn 'e waskerssel dan kaem it blausûr ek en men hie ûren skrieme wold mar hie gjin triennen mear de grêven wiene lang al dold de boalen stiene klear. En hwa't nei Auschwitz reizget, hjoed, - nijsgjirrich om to sjen - dy priúwt de jiske, priúwt it bloed dy héárt de lytse bern. Der falt in sunich reinen del yn monotoane sang - o, triennen dy't ik nea net tel - faeks reint it ieuwen lang. [pagina 182] [p. 182] Soms... Soms rûzje jouns de beammen sa oerstjûr; hear ik dy by de klink fan d' efterdoar, - kom yn, kom yn en skik gau om it fjûr - dou bist deselde en dochs bist in oar, dan leit in skaed dyn hannen om myn lea dyn rook, dyn wêzen is sa tichteby sa taestber, leafste, wiestou suver nea kom, toevje jit en gean net by my wei. dou bist deselde en dochs bist in oar wy skikke skruten om it waerme fjûr de wyn hoart rimpen oan 'e efterdoar; hwat rûzje jouns de beammen soms oerstjûr. Vorige Volgende