kommen fan taelswierrichheden tusken Hengist en de Britten, en de foarstelling as wie it hillichdom Stonehenge noch yn gebrûk. De karakterswakkens fan Hengist, dy't him syn heitelân forriede lit oan de Romeinen, ûntskuldiget Kloosterman mei op Hengists forealens to wizen. Leafde makket blyn.
Ek neffens Theun de Vries binne Hengist en Horsa Friezen, hy neamt ek harren heit Udolf, mar fierder hâldt hy him trou oan 'e Ingelske boarnen. Wol hat hy it rjocht nommen, en dat moat men him ynskikke, om al to bjusterbaerlike bitinksels fan 'e kronikeurs (Stonehenge as oantinken oan Hengists moardpartij, it foarkommen fan hilligen, draken en profeten) wei to litten, en sa goed as to swijen oer persoanen en foarfallen dy't net yn syn forhael to pas to meitsjen wiene (Ambrosius Aurelianus).
Op de oerbleaune feiten hat De Vries bisocht in oannimlik forhael to bouwen en dat is him, op 'e lêste tritich bledsiden nei, goed slagge. Hy lit it forhael troch in trouwe tsjinner fan Hengist, Liafbarn (een heel erg grote beer die toch heel lief was), fortelle, en dat jowt it forhael in greate libbenens.
Foar de komst fan 'e Friezen nei Brittanje jowt De Vries twa redenen op. Foarst sieten de Friezen tangele mei oerbifolking en twad wie troch Vortigern har help ynroppen tsjin bûtenlânske, en miskien ek binnenlânske fijannen. Keningsboaden liede de Friezen nei it eilân Thanet, dêr't al Jutten tahâlde. De Jutten fortelle dat oan heger kusten Angelen en Saksen oanlânne binne. Friezen, Jutten, Angelen en Saksen hâlde kriichsried oan it hôf fan Vortigern. De keningssoanen easkje it bifel oer de sammele troepen, mar de kening sels skikt de kriichslju it rjocht yn om ûnder eigen hartoggen to fjochtsjen. De Vries skept hjir daliks, en op in oannimlike wize, in tsjinstelling tusken de kening en de prinsen, en tusken de prinsen en de Friezen c.s. De Pieten wurde forslein en oer de muorre (dy noardlik fan Northumberland tink) weromjage. Hengist freget as gunst in stik lân, en kriget dat troch de list mei de forsniene oksehûd ek.
Liafbarn wurdt nei Fryslân weromstjûrd om mear Friezen, hwerûnder Hengists húshâlding, op to heljen, hwant Hengist is fan doel him yn it Brittelân del to setten. Under de nijkommers binne Reonix (= Rowena), Aesko, Okta en Ebissa. De lêste is by De Vries in soan fan Horsa. Dan spanne Hengist en Horsa de kening in fûke troch de kreaze Reonix in